30-08-2012

Exit gouden fel





It libben is in prelude
op de fiksje dy’t ik skriuw,
de dream, winsk en wurklikheid
beskine de ljochtgatten fan 't fel,
meitsje fan teare ieren rivieren
dy’t brûzje fan de libbensdriuw.

It libben is in ôflaat 

fan in ivich besteand momint,
de tiid, wrâld en weardichheid
nimme it falkrûd en focht fan 't fel,
meitsje fan mûtel fleis en fearkrêft
in moarmeren monumint.





15-07-2012

K&K



 

in libbensferoarjend momint
komt foar
hoewol – eins mar twa kear echt

Komrij en Kopland
yn 2012
waans amme feroare

wierheid yn skyn
missen yn reitsjen
en wa wit wat der noch komt

23-06-2012

Oan ‘e bak




Ja, der bart in soad op ’t heden. Oan de RuG, mei de stúdzje Frysk dy’t kwalitatyf faai driget komme te stean, it filologekongres by de Fryske Akademy dat tige nijsgjirrich wie, it Oeralfestival dêr’t ik oars graach wat fan sjen wollen hie, nije boekepublikaasjes, en gean sa mar wat troch. Ik kin my der spitigernôch op ’t heden net al te bot oan steure, omdat ik tangele bin mei de finale fan de masterskripsje Fryske Taal en Kultuer. Miskien binne Janneke (Spoelstra) en ik wol de lêsten fan de Mohikaner masterstudinten Frysk. Wa wit. Sa’t it no liket kin dat bêst. En dan moat it ús ek noch meisitte, want as ik de skripsje net foar augustus ôfkrij en takom jier ynienen as ‘langstudearder’oanmurken wurd, dan is it ferhaal wol út. Want ik ferrek it om 3000 boete betelje te moatten omdat wilens de wedstriid de spulregels feroare binne. En dan te betinken dat wy alle jierren it kolleezjejild foar dizze stúdzje, dy’t wy doe-des-tiids yn dieltyd folgje woene, út eigen bûse betellen. Dus neat gjin stúdzjefinansjearring foar ús. Yn dat gefal hie’k my der noch wat by foarstelle kind. No net. Dus, jo begripe, ik moat hurd oan de bak, en ik lit it (kulturele) libben mar efkes oan my foarby gean.

21-05-2012

Promo Boerum!

http://www.youtube.com/watch?feature=player_embedded&v=DczGSbvDagc#!

De promoasjefilm fan Boerum waard makke mei help fan de ynwenners,
muzyk fan Doe Maar,
muzykútfiering fan Dicky (sang en muzyk), Alice en Bea Riemersma (sang)
en tekst fan Ruurdtsje de Haan.

20-05-2012

Boerum Docht it!


Boerum docht it dizze wike foar Boerum!

Sjoch alfêst de earste útstjoering mei de spannende CSI ôflevering en it grutte mini rap-talint fan Kenau en Kelsey Windsant!


http://www.youtube.com/watch?feature=player_embedded&v=j0XKm5I0cqI



Utstjoering wike 21 by Omrop Fryslân,
hieltyd om 16.30 oere (jûns 21.25 oere de herhelling):

moandei 21 maaie
woansdei 23 maaie
tongersdei 24 maaie
freed 25 maaie
saterdei 26 maaie





14-05-2012

It liet fan de mûne fan Boerum





Op de wize fan: Het lied van de IJssel
(Aan d’oever van de IJssel staat een veerhuis…)




TEN NOORDEN VAN DE RIJKSWEG LIGT EEN DORPJE
DAAR STOND EEN MOLEN, WINDLUST WAS ZIJN NAAM.
U KUNT HEM DAAR HELAAS NIET MEER BEGROETEN,
WANT NOODLOT TROF ONS MOOIE DORPSGEZICHT.
U KUNT HEM DAAR HELAAS NIET MEER BEGROETEN,
WANT NOODLOT TROF ONS MOOIE DORPSGEZICHT.

DE HELE DAG ZAG JE VAN VER DE WINDLUST,
HET WAS VOOR ELK EEN OPGEWEKT GEZICHT.
DE ZILV’REN WIEKEN WENKTEN IN HET ZONLICHT,
ZAG IK DE MOLEN, WAS IK BIJNA THUIS.
DE ZILV’REN WIEKEN WENKTEN IN HET ZONLICHT,
ZAG IK DE MOLEN, WAS IK BIJNA THUIS.

MAAR OP EEN NACHT, EEN PAASNACHT ZONDER STERREN,
VATTE DE MOLEN PLOTSELING EEN VLAM.
DE REUS GEVELD, STORTTE GEKNAKT TER AARDE
EN NIEMAND WIST, HOE DAT PRECIES NOU KWAM.
DE REUS GEVELD, STORTTE GEKNAKT TER AARDE
EN NIEMAND WIST, HOE DAT PRECIES NOU KWAM.

NU STAAN WIJ HIER, IN DEZE LEGE WEIDE,
WIJ MISSEN WINDLUST' MOOIE BEELTENIS.
IN DE HISTORIE BLIJFT VOOR ONS ZIJN WAARDE,
OOK ALS ER EENS EEN NIEUWE MOLEN IS.
IN DE HISTORIE BLIJFT VOOR ONS ZIJN WAARDE,
OOK ALS ER EENS EEN NIEUWE MOLEN IS.





Dit fers waard op 13 april yn Boerum op it terrein fan de mûne ynsongen troch de ynwenners fan Boerum en opnommen troch Omrop Fryslân. It wurdt útstjoerd yn de tredde wike fan maaie, op moandei 21 maaie, yn de earste útstjoering fan Doch it foar dyn Doarp. De tekst fan it liet is yn it Hollânsk, omreden dat net allinne de Boerumers, mar ek in protte minsken om utens belangstelling toane en harren belutsen fiele by it ferlies fan de mûne.


Boerum, 08-04-2012
tekst: Ruurdtsje de Haan



29-04-2012

Jawis, wij binn’n der wies met



De hiele wike spaant in tiim kameraminsken fan Omrop Fryslân yn Boerum om, yn it ramt fan it programma fan Geart fan Tunen; Doch it foar dyn Doarp. No bin ik fan dat lêste net hielendal oertsjûge, want wis dogge wy it net allinne foar ús doarp. It is in produksje fan Fan Tunen en dy sil it programma grif wol ferkeapje of ferkocht ha oan Omrop Fryslân. Ast it út inoar raffelest dogge wy, de akteurs, de doarpsgenoaten, it foar Van Tunen, Omrop Fryslân en foar ús sels. Ek yn dy folchoarder, tink ik.
No lit ik Fan Tunen en de omrop mar efkes bûten skôging, want dat de skoarstien rikje moat en dat der wat trukaazje by te pas komt snapt eltsenien wol.
Nee, ik sjoch nei ús doarp, Boerum. Der sil aanst út de filmkes wol blike dat Boerum útsoarte trijtalich is. It Boerumsk, Frysk en Hollânsk wurdt der troch inoar hinne praat en dat sil aanst ek wol yn de filmkes te hearren wêze. Dat rappe hin en wer gean tusken dy talen soe oerkomme kinne oft wit Boerum net te kiezen tusken dy talen, mar dochs is it hiel gewoan. It Fryske Boerum, dat it lêste doarp oan de rivier De Lauwers tusken Fryslân en Grinslân is, hat al hiel lang ûnder ynfloed fan it Saksyske dialekt stien. Eins is it in wûnder dat der noch Frysk sprutsen wurdt yn Boerum, want it Hollânsk en de dialekten dy’ t beynfloede wurde troch it Hollânsk lûke rap op. Op himsels hat Boerum gjin inkel probleem mei de meartalichheid. Eltsenien ferstiet inoar wol en yn de doarpskrante (Burum in Beweging) sjochst dy trije talen ek weromkommen. In hiele rykdom dus, samar yn sa’n lyts doarpke. Mar de promo fan Boerum sil yn wike 21, de tredde wike fan maaie, aanst te hearren wêze yn it Boerumsk!

25-04-2012

K – sizze se



Men sit yn ‘e wachtkeamer –
ôfskie te nimmen fan it libben.
Wilens stjert de dreamer.

De tiid is liend. Mar dan wurdt de flagge
útstutsen foar Lazarus, de kommende en
geande man. De operaasje is dochs slagge,

mar fan libben falt gjin stúdzje te meitsjen.
Ik bin it paad kwyt, rin troch bosk
en lân om net op ‘e doele te reitsjen.

Sa wurd ik moarns wekker en wol snibje
wylst ik bliid wêze moat, en tankber, want o,
de hûn moat útlitten en ik móat libje.

Bliid mei jins bern, mar net mear witte wa’t
iksels bin; in geast? Libben? Frou? Mem?
By wa hat ik it measte baat?

In apel mei in kniesd plak
freget: sil ik rotsje, of sil ik de bluossum
bloeien sjen? Krij ik yn dit libben myn gerak?

Nee, nea lit ik my it ljocht ôfnimme;
de dea syn tiid is allang foarby.
Dat leauwe sil yn de jierren klimme.

30-03-2012

Previntyf ûndersyk





Der is in boarst
en der is in skerm
mei in drukplaat derboppen
– as in wafelizer –

men leit it boarst
op it skerm en drukt
– de blauwe ieren berste hast –
tsjin it skouder, de holte ûnder de earm


ien fan lofts, ien fan rjochts
– wat soe de wrâld wêze sûnder symmetry –
de nippels keare en ja hear
de tosti is klear.

– Men krijt suver sinne oan sûne seks. –



17-02-2012

Gjin reklame


De Fryske Akademy is begûn mei it gearstallen fan in Grien Boekje foar it Frysk. Dêryn komt de standert stavering fan goed 125.000 Fryske wurden te stean. It is foar it earst yn de skiednis fan it Frysk dat soks bard. De list wurdt gearstald mei help fan besteande [...]

bard, bard? Notiid??

Boarne: Omrop Fryslân fia http://www.ensafh.nl/?p=22278

31-12-2011

Krystnachttsjinst mei beppe




Lang net dien: meisong yn in koar. Mar mei it wabberjende masterbelied fan de stúdzje Fryske Taal en Kultuer omtrint de ynrjochting fan dyselde stúdzje oan de RuG yn de rêch hie ik der sinne oan en ferset de sinnen efkes. By ús, yn ús lytse, mar och sa warbere doarpke, is it wenst om sa omtrint oktober hinne in ‘gelegenheidskoarke’ op te rjochtsjen, dat wat lieten ynstudearret foar de Kryst. It is dan mar ôfwachtsjen yn hokker fan de tsjerketsjinsten it koarke oantrede mei, want der binne hiel wat tsjinsten om de Kryst hinne. Mar ien tsjinst is altiten favoryt; dy yn de âlde herfoarme tsjerke op ‘e hichte middenyn it doarp. Dy tsjerke hat noch koperen lampen (ssst, net fierder fertelle, soks is rôversguod) mei echte kearsen deryn, dy’t yn de krystnachttjinst baarne. At it hurd waait bûten, kin men der mar better net ûnder sitte. Yn dy tsjinst dus, mochten wy ús lieten dus heare litte. No siet dat allegear wol snor, dêr sil ik it fierder net oer hawwe. Wy songen it Dútske Kredo en Gloria as klysters.
Mar dêr’t ik al wat huverich foar wie wie de dûmny. Ik hie yn it tsjerkebledsje al lêzen dat er fan Urk kaam.

Der siet in soad jeugd yn de tsjerke, mar de âlderein wie fansels ek goed fertsjinwurdige. Sels ús mem wie der. Dy rint tsjin de tachtich, mar wol net mear nei tsjerke, want ‘ik haw fan myn libben al genôch út it Boek heard’ seit se. Dat meast bliuwt it âld minske gewoan thús. Dêr hat se gjin tsjerketillefoan, want se heart ‘leaver nei de fûgeltsjes, dy hawwe presys itselde praat as de dûmny, mar dan yn in oare taal’. Diskear kaam se om nei my te harkjen. Net nei it koar, nee, nei mý. Sokke memmen binne goud.

Doe’t ik sa út it koar wei nei har seach ûnder de preek fan de Urker dûmny, foel it my op dat se de holle wat skeef nei de pakesizzer njonken har hâlde, krekt as wie se mei him yn petear. Mar har lippen ferweegden net. Lústere sy nei Kees? Mar Kees sei ek neat, dy seach de oare kant út. Frjemd.

Letter, nei de tsjinst, thús oan de reade wyn, sei se dat se it skande fûn dat de gemeente sa’n drege Urker dûmny oanhelle hie, krekt no’t der safolle jeugd yn tsjerke siet. ‘In miste kâns’, fûn se. Ik wie it glûpend mei har iens, mar lei út dat ús gemeente gjin fêste dûmny hat, en dus mar genoegen nimme moat mei wat er krije kin op sa’n jûne.
‘No ja, sei ús mem, ‘safolle ha’k der ek net fan meikrigen. Nei de earste fiif minuten hie ik it wol besjoen. Ik seach dat Kees eardopkes yn de earen hie. Ik tocht: “dy jonge kin it net mear oanhearre.” Ik eins ek net. Doe haw mar efkes in eardopke fan him liend. Hy lofts in eardopke yn, en ik ien oan myn rjochterear. Der kaam allegear muzyk út. Dat fûn ik noch wol sa moai, dat dy ha’k der de rest fan de preek mar moai ynhâlden.’


17-11-2011

Wêr't it oer giet...?




Hallo Ruurdtsje,

graag ontvang wat info over jou en je werk, over wat je op de poëzieavond 15 dec. gaat doen.
Heel kort. Is voor persbericht. Als het kan deze week nog, dank alvast. Groeten Melvin.




Hallo Melvin,

Dy jûn sil Ruurdtsje 6 koarte fersen foarlêze út har searje 'Yn de dwaaltún', dy't giet oer in frou dy't troch in grutte byldentún dwaalt en ferdwaalt.


Noadige tiid: ± 7 minuten. Langer as ik sykhelje.



Freonlike groetnisse,

Ruurdtsje


28-10-2011

Grins





Hie it hjoed west en net juster, dan soe ik sein hawwe
dat it net hindere, dat ik net mear komme koe, wêze mocht.

De stêd is leech, de stêd is fol winkels en winkeljende minsken.
De dingen wurde koft en fergetten, koft en fuortdien, fersmiten.

Ik sit no mei in berch wask, dy’t net mear dien wurdt
troch my. Men stroffelet dochs oer rakjes yn it sûterên en yn de gong.

Blond en blau wiest, en dat bin ik ek. Bûnt en blau
fan binnen. Juster die searder as no, ik haw Grins wol sjoen.


25-06-2011

Boerum meets Burum



BURUM - Zaterdag 2 juli vindt er in het Friese Burum een spectaculair optreden plaats van het artiestenduo Boerum. De formatie is in het zuiden van het land bekend van hun hitsingle ‘De mos ut leve nimme wie ut is’. Het optreden van Boerum zal ’s avonds worden geopend door wethouder Hilbrand Visser van Kollumerland c.a. De avond vindt plaats in Dorpshuis Toutenburg. Voorafgaand aan het optreden ’s avonds is er een middagprogramma voor kinderen dat om 15.00 uur begint. Dit is de Pipo Pé clownshow, gevolgd door grimeren en ballonfiguren maken. Pipo Pé wordt gespeeld door een van de twee zangers van duo Boerum.

Het optreden van de Limburgse artiesten begint ’s avonds om 20.00 uur. Naast het ten gehore brengen van enkele nummers, presenteert Boerum ook Speeddaten. Ze hebben twee vrijgezelle dames van 17 jaar en een jongeman van 44 in de aanbieding. Deze happening krijgt een ludiek Fries-Limburgs karakter. Bijzonder aan deze avond is, dat de in het Fries vertaalde hitsingle ‘De mos ut leve nimme wie ut is’ voor het eerst ten gehore wordt gebracht. Het Limburgse lied is in het Fries vertaald door Ruurdtsje Poortinga uit Burum en heeft de titel gekregen: ‘Do moast ’t libben nimme sa’t it is’. De muzikale begeleiding wordt verzorgd door de Drive in Show van RTV Noordoost-Friesland.

Het duo Boerum heeft gekozen voor een optreden in Burum omdat het een speciale band voelt met het dorp. Vorig jaar op een vakantie in Friesland besloten de twee Limburgse Peters dat ze zouden beginnen met hun zangcarrière. Tijdens een avond in de herberg Het Wapen van Burum van gastvrouw Anneke Mulder bedachten ze onder het genot van een glaasje bier hun artiestennaam: Boerum. Dit feit willen ze op zaterdagavond 2 juli herdenken met alle dorpsbewoners en de mensen uit de wijde omtrek. De entree is gratis voor kinderen de van de basisschool. Voor anderen bedraagt de entree 3 euro. www.wapen-van-burum.nl

http://www.radionof.nl/nieuws/limburgse-artiesten-treden-op-in-burum?utm_source=twitterfeed&utm_medium=twitter

20-06-2011

ien en ien is tee




de pot leit oan diggels
suver as oantinken
rollebollet it lid noch
troch bettere tiden

nei de komst fan de masine
- do seachst de kopkes nei -
dielde ik opnij de taken yn
meat de molke yn de tee

doe’t der hieltyd minder wurk wie
- al dy tiid ferwachtest net -
foelen de klûntsjes út inoar
slieten de lekkens net mear

laitsjend yn dysels leuterje
helpt soms ast kopkes waskest
yn iensumens sûnder wjergea
ha‘k in frjemde yn de eagen



23-04-2011

Nea in deade rigel




Do, do bist in ielrigel,
sa griis en swart en wyt,
stiiffuottich en ûnbûchsum
oan de igge fan de sleat.

En sa steatlik kinsto fleane,
stadich teare de wjukken út
wurdst ien mei de grize loft
of strykst in lantsje fierder del.

Sa sil it ûnthâld wêze, ast ienris
net mear wêze silst, ast net mear fiskest
nei wat rûnom dy ferweecht.
Deade rigels binne der net.



23-03-2011

Kontrasten yn Boerum




Literêr Sirkwy

Wêr: Herfoarme tsjerke Boerum, middenyn it doarp
Wannear: 3 april 2011, fan 15.00 – 17.00 oere
Entree: € 4,00
Skoft: kofje/fris om 16.00 oere hinne

Boerum leit op de râne fan trije taalgebieten, en dy talen wol it Sirkwy graach ris oan bod komme litte. Der sille fersen en ferhalen yn it Frysk, Westerkwartiersk en yn it Boerums te hearren wêze. De tema's binne diskear it kontrast (yn talen, bygelyks) en rjocht-ûnrjocht. Foar de tsjerke fan Boerum leit noch hieltyd de rjochterstien, dêr't eartiids rjocht sprutsen waard. It muzikale part komt fan it Walke Hofstee Brass Ensemble, dat foarme wurdt troch pleatslike spilers. Ik ferwachtsje dat it wer in middei wurdt sa't Boerum dat wend is; mei in soad folk dat der nocht oan hat.

16-01-2011

Nijelogismen





Ranchsirkus of It Paradyske?



Hoe wol’ je lju ferliede nei Fryslân te kommen,
At al it oare lân ferhuftere is mei hûzen en fabriken?
Men sûget in streekplan foar Fryslân út de tomme
mei grutte hûzen en nóch gruttere hiemen en diken.

At der tusken de kûlissen in park fan ranches ferriist,
dat de ‘smart-agent’ foar it ferhynsterpôljen betocht hat,
is dat de Griene Pieren yn de krite in ôfgriis.
De ‘experience’ yn libjen en wenjen wie in alâlde skat,

dy’ t ferkwânsele wurdt foar ymport, jild en ferkear,
- in solitêre mienskip -, as soe dy der no al net wêze.
Bûgje boargemaster en wethâlders foar mear, of foar ear?

Sil’ wy aanst op it boerd it oppoaike ‘Blommedael’ lêze,
en giet it folksprotteljen oer: wa hat de grutste pimel?
Wês mar wis: It Paradyske wurdt gjin hynstehimel.


11-01-2011

Ranch-Fryslân of It Paradyske



Hoe wol’ je lju ferliede nei Fryslân te kommen,
At al it oare lân fersmoarge is mei hûzen en fabriken?
Men sûget in streekplan foar Fryslân út de tomme
mei grutte hûzen en nóch gruttere hiemen en diken.

At der tusken de kûlissen in park fan ranches ferriist,
sa’ t de ‘smart-agent’ dat foar de greiden ûntwurpen hat,
is’t foar de minsken yn de kriten in ôfgriis,
de ‘experience’ yn libjen en wenjen wie in alâlde skat,

dy’ t ferkwânsele wurdt foar ymport, jild en ferkear,
- in solitêre mienskip -, as soe dy der no al net wêze.
Bûgje boargemaster en wethâlders foar mear, of foar ear?

Sil’ wy aanst op it plaknammeboerd ‘Blommedael’ lêze,
en wurdt it oars net in spultsje fan: wa hat de grutste pimel?
Wês mar wis: It Paradyske wurdt gjin hynstehimel.






Tekenje de petysje!