22-01-2010

Lyts taalleske






Okkerdeis kaam Boate by my del. Boate docht dat út en troch. It is in âld freon fan ús heit, dy’t op ien of oare manier in swak foar my hat. Ik wit wol wêrom, hear. Hy hat eartiids in famke hân, dat oan leukemy ferstoarn is. Sy hie itselde fleurige oer har as my, sei er wol ris. Ik wit dat net, ik koe har net. At er soks sei fielde ik my altiten wat nuver, in bytsje skuldich hast, as koe ik der wat oan dwaan dat ik libbe en hja net. Mar Boate prate noait sa lang oer har. Hy stoarre efkes nei bûten en gie dan fierder mei wat er oan it dwaan wie. Of hy prate fierder.
Boate is in Harkyt.
Wy net, wy komme wol út de Wâlden, mar fan sêftere plakken. Ik haw wolris tocht dat wy de Hillbillies fan de Wâlden binne. Wy mei ús grutte gesin wienen altiten dyjingen dêr’t nei wiisd waard at der op skoalle in luzepleach útbrutsen wie. Of at der wer ris fruit stellen wie út de finsterbanken fan de klasse. Dat fruit namen de skoalbern mei foar it skoft, mar der miste altiten wol in apel of in par, en dan waard der nei ús sjoen. Wy seagen spikerhurd werom.
Hawar, it gie oer Boate. Boate mei syn smout praat. Boate fertelde by in bakje kofje dat er lesten op ‘e klaai west wie, by in pear maten fan it leger. Ut en troch, at er dêr dochs yn de buert wie, stuts er efkes oan en dan hienen se it oer froeger fansels. ‘Mar ja,’ sei Boate, ‘sy binne dêre sa serieus , hin. En sa kalm at se bliuwe. Soest tinke, sjitte dy minsken wolris út de slof?’
‘No,’ hie syn maat tsjin him sein, ‘de holle wurdt ús net sa gau oranje as by jimme út de Wâlden, Boate! Wy binne net sa’n driftich en opljeppen folkje. Wy skelle net sa gau en wy hâlde meast ek de hannen thús.
En át wy se brûke, dan leit der gjin ark yn.’
Dêrmei seach er mei in skean eachje nei Boate, want dêr wie wol fan bekend dat er eartiids gau mei de fûsten en soks klear stie. Boate wie hiel bêst, mar moast him net in mis wurd sizze, want dat koe samar ferkeard falle. Wat syn maat him sei, wie eins ek al gefaarlik.
Mar Boate wie gjin achttjin mear. Hy lake ris nei syn maat en sei:
‘Jonge, bêste maat, dat leit him net oan ús, hear. Dat wurdt ús mei de brijleppel ynjûn op skoalle. Hawwe jimme it alfabet dan net leard? It heucht my noch bêst. It gie fan: aap-noat-mes.
En at wy moarns wekker waarden hie ús heit noch foar it hinnefuorjen op earst al in healoere yn it hok stien te slypjen, alle moarnen.
No, en dan litte jo it risseltaat út en troch ek efkes sjen, net?’
Dat wie syn maat flot mei him iens.


30-12-2009

Nijjiersdûk





De snie is fuort. It jier is op.
Wy hakje gatten yn it iis
en dûke yn it saunawetter.
De dea of de idioaten, moatst mar tinke.



27-11-2009

Fiskerssin






Sa sêft en blierread
iezje ik op dy, myn skat,
kringelje wetter ta kronkels
jou dy oan my bleat
sjoch de blei springen
hjir yn Peazens Moddergat




22-11-2009

Oergong






It wetter giselet glês
sa stadich straffend
- deade beammen
leauwe oan de ein -
as moat de maitiid wachtsje.
Wêrom besjoch ik dit?
Men wachte leaver op ‘e sinne
dy’t smoarge streken lûkt
en op ‘e sige stofkes glânzgje lit.

Hjir stean ik, de eagen lilk
om wat net bûge of barste sil,
it antlit ljochtet flammen.
Ik stean op frede, gjin oerjaan
mar de dâns fan dy nei my.
Yn trage wissens floeit my oan -
de nacht langet nei de moanne.




Blom fan it libben






Hoe’t ik dy fyn: yn in lekken lizzend
op de rêch, de eagen ferhelje
fan de flits fan it witten,
de wrâld leit njonken dy útspuid.

Ik telde de stientsjes fan dit paad,
read is wier en grien is it mier,
loftsôf is gewoan en rjochts wie
in soan dy’t moed mjitte woe.

Segeningen binne no ferbruid,
telst de helte en dyn rêch ferfellet mar
in krûpke makket koarte metten,
bonken rattelje as kastanjetten.

Wy knippe repen fan it libben
ôf, fuort dermei, it is net mear, hjir
en dêr in blomke op in farsk grêf,
dêrfoar is de ierde skepen.





01-10-2009

In oare wyn








Dit is net myn nacht. Ik Phoenix,
doe’t ik boppe it doarp fleach,
doe’t ik ferlitten strjitten seach,
in Arabyske nacht, winliks.


Yn it moanneljocht sweeft it tapyt.
De tsjokke loft liftet mar min,
der is neat dêr’t ik de finger op lizze kin
as libben guod, sterke spyt.


De sok fan de lampe is op syn koartst,
en it lemieret al, de wyn is soel.
At hjir ea wat foar my te finen foel
wie it dizze nacht, dy’t skine moast.






12-07-2009

It woeksen krûd





Hoe prachtich kinsto wêze?
Ik tref dy yn de tún
mei laapkes foar it folk,
in streekje read foar
al dy leave biten,
in griperke grien
foar poatige poelen,
in fjild dat nei de himel rikt.

Jin binne der by en jin binne der fan
sasto by de minsken bist
sasto de froulju kinst,
de sigret is de sigaar,
it libben fan in bon vivant
giet fan sprút nei boppeste bêste
salang’t it libben skikt.



17-06-2009

† 104










Sy sliept. Sa djip en fêst dat

flústerjen, neamen en lûd útsetten

net telt. De keamer azemt de rook

fan wiete waskhantsjes. Ik fyn it skouder

op de taast en moat de broazelige bonkjes aaie.



De nachtpronkrêch fertoant in skuor.

Har jurk hinget oer in stoel en as ik wiis

lûkt sy as andert it nachtguod omheech,

de panty foarby, har skonken prikstokken

dêr't it fine gaas omhinne spookje moat.



Sy bazet lûd, biedt my har kopke molke

oan en wriuwt mei beide hannen it wetter

út de eagen. Ik bin de ûnbekende besite

dy't op snein oanwaaien komt. Wy kinne

inoar ferstean, mar fan it sprekken net.





26-05-2009

Earste leafde











‘Wolst springe, of sweve?’ frege pake.

‘Sweve!’ sei it bern.



en ik joech dy myn hân en wy dienen it

fan doe ôf meiïnoar.

Wat koenen wy libje! Wy beleinen

bêd en brochje, wy heinen de segen

út de loft en brûsden fan enerzjy.



Wat is leafde?

It is wat farsk út de eagen floeit,

in stream dy’t streaket ast by my del rinst,

it hert dat tsjûkeret by dyn swym.

Mar leafde, leave, bestiet net.



Sy komt as in ljip yn de maitiid

en giet mei de guozzen fan de winter,

simmers siket se net

en de hjerst, och yn de hjerst



kin se springe.

Mar sweve docht se it leafst.





19-05-2009

Ka, ka





Tip top tipeljend wa
sit dêr de heakse ka
as wie it syn sark
de beïere bjirk it ark

iepen eagen bolle kralen
kin er nei de himel tale
sykjend nei twiich of bút
skreaut er freugde út.







Ka, ka



Tip top tergend blauw
zit de haakse kauw
als was het zijn zerk
op een geaderde berk

open ogen bolle kralen
kan hij naar de hemel talen
op zoek naar twijg of buit
schreeuwt hij vreugde uit.









Houtsnede: Jan Mankes, 1918


09-05-2009

Fantastysong

Dizze bliuwt fantastysk fansels:

(ik kin spitigernôch it filmke net deladen krije)


http://www.youtube.com/watch?v=JKtr1yEKxYg

28-04-2009

I.M.




Hy lei healweis
it wurdearjen fan libben,
mei ûnberne wurden,
it moed fan dracht swier.

It tsjustere, it waard nacht.




23-04-2009

saboartsje




It puberjen fan de bern is hast oer, wol ik oannimme. De jongste is 18½ en de âldste wurdt yn maaie 21. Folwoeksen? Ja, yn alles, útsein finansjeel.
Dus ik tink dat ik de kop fan dit weplok mar ris oanpasse moat. Bart der einliks noch wol wat? Jawol, jawol, mar sa’t ik al tsjin Sipke sei; myn holle ken gjin twarjochtingsferkear, jonge. Der is in ynstream en der is in útstream, en as it iene tsjin it oare opstreamt krigest grodzemods. Dus sadwaande efkes wat mear ynput. De fakânsje is yn sicht, dus wa wit. Lykwols moat ik der oer neitinke oft ik de tried nei de fakânsje wer oppakke sil; foar de master gean,
of mar efkes in sabbatjier?


11-03-2009

Hoe tearst hannen om in teekop










Wy brochten fuort
de tiid fan ûnwissichheid
de hope
ferwachting

wy wachtsje net
wy binne allinne
it ferrin
fan mear noch no

wy gean werom
nei dêr’t net mear is
twongen
te heugen oan

hoe’t wy byinoar wienen
de ferbining ferbrutsen
los fan
ik haw dy leaf.









26-01-2009

Hinne of net hinne?




Portretten Winnaarnominaties


De jury heeft de volgende gedichten genomineerd voor de hoofdprijs van dichtwedstrijd "Portretten".

Bob Duijvestijn - De boer (naar Permeke)
Bob Duijvestijn - Infante Margarita (naar Velasquez)
Edo C.H. Winkel - zelfportret
Heleen Kuipers - Schildersgerei
Jack Terrible - Elfje
Jan Fokke Oosterhof - Een portret van de meester
K.E.M Gommers - Portret
Linde Groendijk - Ik ben een Dom blontje *
Marc Dejonckheere - Zakovsek
Marc Eyck - Persona
Margaretha van Wijk - Portretten I tot V
Margriet Notenboom - Schrijversportret
Marjo Schoonheim - Meisje
Miranda Mei - Galerij van hoop
Miranda Mei - Schoorsteenmantelzorg

Willemien Mensinga - Stil Kind

De prijswinnaars zijn tevens per e-mail op de hoogte gesteld en zij zijn gevraagd om 2 tot 4 portretfoto's van groot formaat op te sturen naar info@degsk.nl.
De dichters mogen hun werk voordragen op nationale gedichtendag 29 januari om 14:00u in deBieb te Velp.

* Dingt niet mee naar de hoofdprijs, maar zal een aanmoedigingsprijs ontvangen.

Presentatie:

Op nationale gedichtendag 29 januari 2009 wordt van 14.00 - 17.00 uur gepresenteerd in:
deBieb
Den Heuvel 32
6881 VE Velp

Galery fan hope

Lêst de krante en stoppest in piip,
de wiken gliere yn kadâns;
de tillefoan is in rêstich húsdier
oant hja komt mei in ferrassing:
noch twa moanne draachtiid.

Mei feardige hân knapst
yn gedachten lege keamers op,
besjochst foto’s oan it lewant.
By de trep del makkest plak
foar it ûnbekend gesicht.

Wekker wurde is oars;
waskest in gniis en pakst
in foarnimmen út de kast,
hellest ôfsakke moed op en
tinzen oan ferlerne dochters.

Leist de piip yn de skjinne jiskebak,
stoppest wat hope yn de bûse
en nimst de trein nei Leien.
Dêr stapst út, tsien jier jonger
mar eltse stap mear pake.









24-01-2009

Wol wat nuver, net?




Hjoed hie ik in tentamen fan Ynlieding yn de literatuer fan it jier 1600 ôf oant heden oan de RuG. Us dosint is Goffe Jensma. Hy jout ek oare kolleezjes en oan ien dêrfan nimt Janneke Spoelstra diel. Fan 'e middei hienen wy dus mei ús eigen fêste ploechje tentamen, mar skynber moast Janneke noch in (oar) tentamen ynhelje, want dy krige ek opjeften foar de noas.
Ien fan de fragen dy't oan my steld waarden wie dochs wol hiel nijsgjirrich; oft in Jikselibben by de Fryske literatuer heart en wat de arguminten dêr dan foar wienen. No siet ik foar Janneke oer, dus ik haw har mar ris goed yn de eagen sjoen foardat ik begûn te skriuwen...



19-01-2009

Namaste!





ik notearje trije wizen:
in Nepalees
in Litouwer
en in Marokkaan

har eachlidden biede my oan
frije fragen en prottens
troch in tsiisdoek te parsen

myn stimme waakset as dame
fan fleis en bloed nei wetter
en brokken, wyt,

in suverheid dy’t sear docht
en eagen opljochtsje

as ik skriuw hingje ik
leafde oan myn fingers











Namaste!


ik noteer drie wijzen:
een Nepalees
een Litouwer
en een Marokkaan

hun oogleden bieden me aan
vrije vragen en wrevel
door een kaasdoek te wringen

mijn stem groeit als dame
van vlees en bloed naar water
en wrongel, wit,

een puurheid die pijn doet
en ogen oplichten

als ik schrijf hang ik
liefde aan mijn vingers





12-01-2009

Postma en de frou




Fan 'e jûn kaam de nije buorfrou efkes del. Ik haw se in kopke tee oanbean, mar dat sloech se ôf. Doe hienen wy al yn de keamer sitten, de hal trochwest en in heal oere yn de keuken stien te praten.
Dat falt my wol op; ast de minsken in rûnlieding joust, binne se samar wer by de achterdoar. Wol maklik eins om soks te witten.

Ik skreau de lêste tiid wol fersen oer 'Postma en de frou', dat wienen dan de buorlju. Nimmen fan harren kin dat op harsels belûke, want der hawwe de lêste tsien jier wol tsien kear oare bewenners njonken ús sitten. It wie de muoite net harren nammen te ûnthâlden. Dat it sa'n trochrin wie kin wat oer dat hûs sizze, oer de Postma's, of oer ús, fansels.

Hawar, no hat buorfrou hjir west, en ik freegje my ôf: kin ik noch wol ûnbefongen oer Postma en de frou skriuwe?
Hinget even fan de duer fan har ferbliuw ôf, tink.