28-02-2008

Out of Boerum/ bed/ the question








Hea, hea, it is moai dat dy bern fakânsje hawwe, mar in wike is eins te koart. Krekt at se oer it punt hinne binne dat se har net mear ferfele, moatte se wer nei skoalle ta.
Jan bliuwt, as in echte ICT-er jûns sa lang mooglik warber en komt der moarns (soe ik sizze, mar ik kin better sizze: yn de rin fan de dei) sa let mooglik út. En dan moat ik him ek noch oantrune him wat op te knappen en wat te ûndernimmen.
Jan sit der net in tel mei. Hy nimt it libben sa’t it komt. Easy mem!
Fakânsjewurk hat er net, allinne syn saterdeisbaantsje. En dat is pas oan de ein fan de wike. Hy rint my net echt foar de fuotten, mar stelt wol hiele drege fragen.

‘Wêrom gean wy nea mei fakânsje nei it bûtenlân?’
‘Gean wy ek noch ris ferhúzjen, ik bin hast de ienige fan myn leeftyd dy’t noch nea ferhuze is.’
‘Wêrom hawwe katten sa’n bêst libbentsje en moatte wy altiten fan alles dwaan?’

Je wurde der wurch fan.
Us mem sei eartiids al: ‘moai dat se frij binne, mar ek moai at se wer nei skoalle kinne.’
Lykwols hie ik ek in tsjinfraach foar Jan:

‘Wêrom waskesto dy net ris om ‘e holle en dochst do dyn hier net efkes netsjes?’
‘Mem,’ seit Jan, ‘dat heart sa. Ik draach tsjinwurdich
de out-of-bed look.’



24-02-2008

boekefeest?






It programma fan it offisjele boekefeest justerjûn yn it Natuermuseum yn Ljouwert wie om mei ien wurd te sizzen: saai.

Kaam dat, sa’t myn selskip opmurk, omdat wy (ik bin 46) guont fan de jongsten wienen, dat ik it programma net bysûnder fûn? Die ienigen dy’t jonger wienen, wienen in stik as trije dramastudinten en de toanielspylster dy’t in stikje út Riek Landmans boekewikegeskink ‘Fammen fan Gaasterlân’ neispile.
De jûn begûn mei in wurd fan wolkom en dêrnei in stikje film oer it fakânsjekamp Sondel. Foar de âlderein yn de seal faaks in nijsgjirrich stikje feestelike nostalgy, mar ik fûn der neat oan. Ik koe it kamp net, hie der noch neat fan heard en it sei my ek neat. It stikje dat neispile waard út Landmans roman/detektive fûn ik ek net sa geweldich, omdat ik der net fan hâld om alfêst in foarpriuwke fan in ferhaal te krijen. Boppedat wie dat soartefan pleintsje yn it natuermuseum net bepaald waarm. Ik krige aloan mear it gefoel dat ik yn it tsjerke siet. Ik begûn sels al te gapjen. Dat koe ek wêze omdat der gjin skoft yn de jûn siet mei in hapke en in snapke, hear. Mar pipermunt hie ik ek net op rekkene.

Abe de Vries as útjouwer hat efkes oan it wurd west oer it boekewikegeskink, Riek Landman sels hat noch efkes in spontaan moai wurdsje dien, en der wie noch in stikje yndie close harmony muzyk. Die sjongers stienen ticht byinoar en hawwe it fêst waarmer hân as ik; ik bin der ferklomme. As ik witten hienen dat wy dêr sa’n skoft sitte moasten, dan hie’k de jas noait útdien en yn de hal hongen.
It dûnsjen neitiid fûn ik earlik sein in oanfluiting. In pearke as seis yn in rûntsje ferdwaalden yn de grutte romte en ik hie ek net it idee datst maklik meidwaan koest, it wie in soart fan folksdûnsjen en moast dy paskes mar krekt witte. Op himsels hat de organisaasje faaks syn bêst (en yn alle gefallen syn wurk) wol dien, mar it kaam net goed út de farve. It sloech net oan. Net by my yn elk gefal.

Dat wy binne neitiid noch efkes nei dy Scamele Ruter west. Dêr wie it programma yntusken ôfrûn, mar de afterparty wie in stik smûker en fral: waarmer. Net allinne kwa temperatuer.
Aldergeloks waard ik de hiele jûn beselskippe fan twa freonlike en hoflike kollega’s, en wy hawwe mei ús trijen ek noch in Grinslanner om útens teplak brocht.
Wat is Ljouwert eins moai by nacht.









23-02-2008

Yn Amsterdam













In skoftsje lyn kaam Jan oansetten mei in brief fan skoalle dat er dêr efkes hûndert euro pinne moast foar in ferplicht reiske nei Amsterdam. Dat wie my drekst al tsjin it krop, want de jonge hat noait wat op ‘e rekken, dus der falt neat te pinnen.
Dat soe dus betsjutte dat er kontant jild mei hawwe moast, of myn bankpaske. Dat lêste is net ferstannich, want dan moat de pinkoade der ek by. Jo moatte de kat net op it spek bine, no? Seker net by immen dy’t altiten jildkrapte hat. Kontant jild hoegden se dêr net op skoalle.
Dat ik haw mar hûndert euri op syn rekken set, dan koeder it der sels ôfhelje. Jan hie it oer in ‘pret’reiske, dus al te happich wie ik net.
Mar it moast al trochgean fansels, want neffens de skoalle soenen se by wichtige ICT-bedriuwen del, en dat wie frij wat wichtich foar harren oplieding. Dat ja, it moast al wêze.

Justerjûn kaam Jan mei de lêste bus werom. Hy hie de mobile tillefoan net meinommen, dus wy hienen fjouwer dagen neat fan him heard. Ik hie him foar de wissichheid noch mar efkes in pear sinten yn de bûse treaun, want je witte mar noait. Dy wienen skjin op, en ek hieder syn eigen bûsjild opmakke. Ja, Amsterdam, wat oars.
De ferhalen gienen fral oer it smoken fan weed en oer it feit dat der mar kwealik blanken yn Amsterdam wenje. Teminste, yn it part fan de stêd dêr’t Jan en konsorten sieten, in Stay-a-way hotel yn de buert fan de Daam ofsa. De jonges hienen mei syn seizen in keamer en der wienen sa’n tachtich man mei. Der wienen ek in stik as fjouwer dosinten by. Dy dienen itselde as de jongelju trouwens. Se hawwe op besite west by Microsoft, de KPN en op de hinnereis hawwe se it Mediapark yn Hilversum besocht.

Jan hie him besaud oer de jonges op syn keamer; oerdeis hellen se wat guod op út de kofjesjop, dat ferparten se yn harren keamer op ‘e tafel yn skyfkes en dan rekken se út hoe lang’t se der mei ta koenen en hoenear’t se dan wer om nij spul moasten.
Hiele pipen waarden der boud, sei Jan, en se seagen allegear sa wyt as spoeken.
‘Hasto dan net wat hân?’ frege ik Jan.
‘Ja, ja, ik haw de earste dei wat fan dy speeskeek dy’t op tafel stie hân, mar ik fernaam der net sa folle fan, dat ik haw it fierders mar gewurde litten, wy krigen dêr iten genôch.’ andere Jan.

Jan smookt net, dus dy hie mei oandacht de jonges wat besjoen. Se wienen wol by de tiid, sei Jan, mar neat te helder. Ast se wat fregest duorre it in ivichheid foardatst andert krigest. Mar sy hienen wol in soad wille. Hja begûnen earne oer te praten en hienen hiele ferhalen dêr’t in bûtensteander neat fan snappe soe, mar dy stiif stienen fan in hiel eigen logika.
‘No,’ sei Jan, en doe prate ik op it lêst ek mar wat mei.
Dat koe ik my alhiel wol foarstelle, want Jan hat sawiesa al in grutte fantasy. Op in stuit hienen him de jonges mei iepen mûlen oansjoen.
‘Hee, Jan, wat spul hasto hân,’ seinen se, ‘dat is bêst guod jonge! Dêr moatte wy ek wat fan hawwe, wêr hast dat wei?!’








19-02-2008

hege hakken, echte twivel










Och ja. No sit ik as bûtenútfamke nei it nijs te sjen en komt ynienen Wieke de Haan yn byld, dy’t mei fjoer en faasje it boekefeest ferdigenet. Mar dan komt ek de man dy’t fan de heup ôf sjitte kin, Eeltsje Hettinga, oan it wurd. Hy neamt de alternative lokaasje fan de boekewike, as in soart fan protest tsjin de âldfrinzige opset fan de boekewike troch de stichting It Fryske Boek. En op beide lokaasjes sille grif minsken wêze dy’t ik graach moetsje soe. Dat wat sil ik dwaan? De hiele saak mar boykotte? Of sil ik de jûn oer twa lokaasjes ferdiele? Of sil ik it mar gewoan fan it sin ôfhingje litte? Ik hie oars tocht dat it geitewollen sokkebal wol wat foar Trinus Riemersma wêze soe, de kearen dat ik him soen haw, hie er se al oan, hy hoecht him der net iens spesjaal foar te ferstrûpen. En it is op it lêst ek in boekebal, dus ik soe sizze dat der fral dûnse wurde moat. Oft dat no de fûgeltsjesdûns is, de klompedûns of wat op sokken om glydzje, dat makket my neat út. Salang’t ik mar gjin high heels oan hoech.


13-02-2008

winnende kollum: de útferkiezing


Mei dizze kollum wûn ik de Nederlânske 'Boer siket frou'-kollumwedstriid:



De uitverkiezing

Gerard krabde zich eens achter zijn oren. Hij wist het al, maar dat was het spel niet natuurlijk, om dat nu al te laten blijken. Tijdens het schoonspuiten van de hokken in de stal liet hij zijn gedachten eens rustig gaan. De drie vrouwen die van de aanvankelijke tien waren overgebleven, Marja, Leonie en Pauline, waren in huis bezig. Ze hadden hem beloofd, nu ze er toch waren, het woongedeelte eens een beste beurt te geven. Natuurlijk zou er tijdens het werk ook worden gekletst, dat wist hij wel zeker. Maar nu had hij even fijn de tijd voor zich alleen.
Morgen moest hij iemand ‘elimineren’. Wat een akelig woord was dat toch! En wat een rotklus. Hij vond het oergezellig met die drie meiden, het liefst zou hij ze alle drie houden. Maar ook dat was niet volgens de spelregels. Hij zuchtte eens.
Pauline. Haar mooie haar, haar zachte stem. De verrukking in haar ogen toen ze dat biggetje in haar armen hield. Die blik herinnerde hem aan vroeger, toen hij achter het hek toekeek hoe de biggetjes werden geboren en zijn vader ze zorgzaam droogwreef met wat stro. Toen hij wat ouder werd, mocht híj dat doen. Het mooiste werkje van de hele fokkerij, vond hij. Later was het allemaal gewoon geworden. Hij deed het zo vaak, dat hij nu alleen nog op het gewicht van de pasgeborenen lette, en of er eentje apart gezet moest worden wegens zwakke gezondheid.
De gedachte aan de biggetjes en Pauline zorgen voor een stille glimlach op zijn gezicht. Het zou lang duren voordat Pauline de biggetjes ‘gewoon’ zou vinden, dat wist hij zeker, hij voelde het. De andere twee vrouwen waren òf de boerderij al gewend, òf ze waren gewoon wat harder. Zij verblikten of verbloosden niet bij wat ze allemaal op de boerderij tegenkwamen. Dat had natuurlijk ook z’n voordelen; ze waren de boerderij en het boerenleven gewend en zouden zich niet snel uit het veld laten slaan.
Nee. Hij wist het zeker. Hij zou de zachte Pauline wegstemmen en met Marja en Leonie achterblijven. Met Pauline zou hij later, als het programma afgelopen was, weer contact opnemen. Wat er tussen hen tweeën was ontstaan in die paar dagen dat ze hier was, hoefde niet voor de camera’s te worden uitgemolken. Pauline was hem te lief.





Hjir falt de kollum op 14 febrewaris te lêzen.

06-02-2008

bedrygde soarten











Wat der op ’t heden mei Romke is wit ik net, mar hy hat de holle der net alhiel by.
De bôle wie op, en wy hawwe net in bakker yn it doarp, dat ik frege oan Romke oft er der ek noch op út moast. Romke moat sa faak gau efkes noch wat helje foar it doarpshûs; hjoed hat er ek wer in klup fiifenfyftich plussers foar in stamppôtbuffet. En ja, hy moast noch efkes nei Kollum ta. ‘Kinst dy bôle wol efkes meinimme dy’t Maaike sa lekker fynt’, sei ik tsjin him. Maaike lei dy deis siik thús op ‘e bank. ‘Ja!’ rôp Maaike ferheard, ‘heit kin dy lekkere Pandabôle wol efkes meinimme!’ ‘Dan moatst mar efkes by Van der Byl oan’ sei ik. ‘Nee mem, dy hat Riemersma yn Kollum allinne mar’ sei Maaike.

Dat sa tsjin seizen smiet Romke triomfantlik twa Tigerbôlen op it oanrjocht. ‘Wat hat heit no meinommen?’ sei Maaike. No, tigerbôlen, krekt sa’t jimme seinen’, sei Romke. Maaike en ik seagen inoar ris oan. Tigerbôle? Dat wurd hienen wý net yn de mûle hân. Dat wy gienen der tsjinyn, mar dan kinst Romke noch net. Dy hold by heech en leech út dat wy ‘tigerbôle’ by him besteld hiene, en gjin Pandabôle.

Jan hie op it lêst syn nocht fan it harsenskrabjen en murk droech tsjin Maaike op: ‘meitsje dy dochs net drok fanke, wy freegje skielk gewoan oan heit: ‘rydt dêr no in Fiat Tiger, of is it in Fiat Jaguar?’


01-02-2008

Gedichtedei 2008





Ik hie besluten om net nei Ljouwert te gean, ik soe ek net krekt witte wat dêr te dwaan wie, útsein de alvestêdemaraton fan fersen. Hjir yn it noardeasten fan Fryslân binne net safolle steden, dus wat moast ik dêr no mei? Men koe it wat op ôfstân folgje tink. Hjir en dêr sil yn de bibleteken ek wol wat te dwaan west hawwe, mar net by ús yn de omkriten. Op nei Grins dus, in stêd dêr’t altiten wol wat op dit mêd te belibjen falt.

Ik wie der middeis om twa oere hinne, en koe nei 7 euro te beteljen drekst op de poëzyboat stappe. Op dy boat mar leafst twa stedsdichters; dy fan ferline jier, Ronald Ohlsen, en dy fan no, Rinse Sinkgraven. En dan wie der ek noch in histoarikus by, Beno Hofman. It waar hie him krekt efkes deljûn, dat wy fearen moai oer de Grinzer djipering. Ik moat ta myn spyt sizze dat de kliber minsken foar it grutste part út froulju bestie. Dat joech my reden om de pear oanwêzige manlju ris goed op te nimmen. It folchsume soart, of manlju mei in missy? Ien fan de trije wie útjouwer, hearde ik wol. Der koenen sa’n hûndert minsken op ‘e boat, mar der hawwe in sechstich west, raam ik. Mar it wie in moaie trip, de stedsdichters fetten harren taak serieus op en hienen by guont huzen, strjitten, gebouwen en eardere ynwenners beskate fersen. Ek nochal ris in sonnet, fral fan Ohlsen. Ik koe him noch net sa goed, mar ik mocht him wol hearren lije.

Nei de boat gienen wy op nei it Grinzer museum, foar de bekendmakking fan de prizen foar it bêste gedicht oer Russyske mearkes en legenden. It museum hat dêr op dit stuit in útstalling oer, en yn de mande mei de Poëzymaraton koe it moai kombinearre wurde. Ik siet dit jier net by de nominaasjes, mar myn mearke hie ek alhiel de ferkearde layout meikrigen, omdat myn pc doe krekt krepearre wie. No ja, en ik hie dus in mearke skreaun, net in fers óer in mearke.

Hoe dan ek, der rûgelen in pear ferneamde nammen út; ik leau dat Laura Demelza Bosma earst wie, André Degen wie twads en treds wie Vicky Vrancken (kin ik mis mei wêze). Moaie fersen, fertsjinne wûn. Der waard Drintske poëzy foarlêzen troch Suze Sanders. Dêr koe ik net rjocht byt op krije. Wol op ‘e taal, net op de fersen. Doe gie ynienen it mantsje stean dat it hiele skoft rêstich njonken my sitten hie: Rutger Kopland. Hy wie âld, hy moast no en dan efkes om wurden sykje, mar de poëzy mankearde neat oan. Hy sette útein mei it foarlêzen fan wurk dat er koartlyn, nei it slimme ûngelok skreaun hie. Dat wie neffens my kwalitatyf neat minder as syn eardere wurk. Ek hat er syn earste publisearre fers ea foarlêzen, in fers grûndearre op psalm 14. Hjirby murk er op dat dat fers der by dizze gelegenheid wol op troch koe, want it tema fan de dichtewedstriid fan de middei wie ommers ‘mearkes’.
De âld strider is der dus noch hielendal. Ik haw in bondel fan him koft.

T’en lesten hagele en wyndere ik jûns om acht oere nei de slútmanifestaasje yn it Grand Theatre, mei yn folchoarder fan opkommen: Marlies Somers, Vrouwkje Tuinman, Daniël Dee, muzyk fan Egbert Meyers, Driek van Wissen, Tsjêbbe Hettinga, Neeltje Maria Min, Rob Schouten en Ivo de Wijs. Presintaasje: Tjitse Hofman. De tagong wie € 7,50. Op Rob Schouten nei ha’k my mei gjinien ferfeeld, eltse dichter hie sa syn eigen sjarme.
Mar Tsjêbbe wie de bêste fansels.


23-01-2008

Op 'e troan












Yn hûs binne wy al lang gjin baas mear. Stel jim ris foar: in lytse foarkeamer mei de twa ruten op it suden, in donkerbrune learen bank oan de kant dêr’t it hûs fêstsit oan de oare kant fan twa-ûnder-ien-tek, oan de oare kant dy muorre stiet in twapersoansbankje tsjin it lewant fan it lytse keamerke, en de kast op de eastside fan de keamer. Dan is de keamer fol. Der kin noch in krantebak stean en in sierkastke. De televyzje hat plak tusken de twa ruten. Krekt sa moatte de meubels der stean, oars past it net. Guont húsfroulju hâlde wol fan it ferskowen fan meubels, mar dêr hoech ik my de holle dus net oer te brekken. En de katten ek net. Dy troanje op de twa pakestuollen dy’t by de ekstra smel-makke lege tafel stean. Dat plak feroaret ek net, dêrfandinne dat dy twa stuollen altiten troch har beset wurde. Jopie neistenby op ‘e kachel, Minoes op baas Romkes’ stoel.

At wy de keamer ynkomme en ús stuollen binne troch de keninginne en de prins beset, dan sizze wy earst harren namme efkes. As dat neat jout (en dat jout neat), reitsje wy de keninklikheden efkes oan, en sizze nochris: ‘kom, Joop, derút!’ Dat helpt ek net. Dan krije wy se by de kontsjes en jou se in setsje. Faak slaan se dan de klauwen yn de beklaaiïng fan de stoel, en moatte wy se der mei geweld útnimme. Mar ja goed, oft je dan baas binne? Hienen wy se better opfiede moatten? Ik wit it net. Wat ik wol wit is dat ik de kont net hoech te lichtsjen salang’t ien fan harren noch yn ‘e keamer is. Want dan is it in spultsje fan:
dy’t syn stoel ferlit, dêr’t in oar op sitten giet!


20-01-2008

test-test-test



O, wat in drama as de kompjûter it bejout.
Ik wit wol, fan logjen komt op 't heden net folle, mar dat hat mei oare dingen te krijen. Aldergeloks giet it dichtsjen wol stiloan wat troch. Ik moat sizze dat de dichtkursus fan Tsjêbbe dêr aardich debet oan is. Better dus, want oars bleau dat der ek noch by.
Fan 'e wike moat ik nei it Tryatergebou om der in pear kollums yn te sprekken foar Edufrysk. Dat haw ik noch nea dien, mar ik liket my aardich om te dwaan. En dan wurde der dochs in pear Kidelkollums foar de ivichheid fêstlein...

De gearsit fan it Skriuwersboun fûn ik mar in rommeltsje. It liket sa moai om in taspraakje út de holle te dwaan, mar wat in heakeljen komt er dochs efterwei. En it nijs datst ferwachtest, komt net (info oer de Spanjereis) en watst allegear wol witst omdat it al earne te lêzen stie, wurdt nochris opkôge. Nee, it koe wol ris in ôfrinnend spultsje wêze. It is faaks sa as ek mei in protte oare dingen; frijwilligerswurk wurdt hurdop minder. It past net mear yn dizze kultuer. Der is gjin passy mear foar idealen. Ik fernim it ek by mysels hear. Ik haw al langer as tweintich jier frijwilligerswurk dien, mar it is no sa fier dat ik tink: ik wol ek wolris betelle krije foar wat ik doch. Hoe krigest oars dyn wurdearring noch? Frijwilligerswurk hat gjin status mear no't it lintsjes reint. Lit de provinsje dus mar ris wat jild stekke yn it Skriuwersboun. De provinsje, dat binne wy dochs ek, net?
No, de nije kompjûter is der. En by dizzen ek úttest.

15-01-2008

it toernoai




Gjin stilzitters. Ek gjin stiltmes.
Grut wurd. Snuve. Lûke mei de eagen.
It mes moat thúsbliuwe, mar guon
hawwe it yn de bûse. Oaren blikkert
it yn de eagen.

Opsmite en drekst optelle.
Tweinitch tsjin is ienensantich wiet.
Gjin begrutsjen. Tink derom,
fersmyt dy net.

Froulju kinne wol, mar doare
sa goed net. It giet om prizen!

Kalkoenen, hazzen, rolladen.
De earste siket út. It kin it
minste wêze.
De jûne ôfslute mei ien of twa.
Dan op hús oan.
Ut en thús, mar nea sûnder nocht.





02-01-2008

nij jier ensa





tinke en hinkje



At de ierde him ris kearde,
wie ik in stjer.
Besjoen troch tûzen gelearden
kaam ik net wer.

Gong eltsenien mei, safier,
wie it wer net wier.




21-12-2007

winter

but the times, they are a’changin’
Bob Dylan






Foar F.D.



‘Dit kin ik ek, mar dan better noch’ wie de gedachte.
Dat sy griep de kâns om har mei oaren te mjitten
en hâlde wurd: sy allinne wie by machte
de froulju fan dy tiid dwers te sitten.

Yn opgeande maat teach sy op de sege oan.
In karjêre mei eins gjin echte konkurrinten;
hja fierde op dat momint de boppetoan
yn de jacht op in gouden medalje foar it sprinten.

Manljusskonken kinne hurder as dy fan froulju rinne.
It mocht net bestean; der kaam in obskuere seksetest,
mar dêr koe ús heldinne ûnmooglik fan winne.
Hja fielde har tenei in frou mei bûdepest.

Erkenning foar har prestaasjes kaam der ninter.
Yn njoggentjinhûndertfyftich begûn de winter.






(* 18-09-1926 - 5-12-2007 †)



24-11-2007

stikje oer it famke





Maaike hat ferline jier febrewaris al har diploma folsleine kapster helle. Dêr hie se oars de tiid foar oant de simmerfakânsje ta, mar hja wie hastich, want hja hie wat oars yn ‘e holle en hat dus sokken set. Sy woe sjoernalist wurde.

Hoe’t se sa by dy omslach kaam wit ik eins net. Yn de kapperssaak dêr’t se staazje rûn hat se seker tiid genôch hân om dêr oer nei te tinken. Earst tocht ik: it sil wol in healwize opstiging wêze. Se wit net rjocht wat se wol, en no hat se dat mar fluch efkes optocht.
Lykwols hat se wilens harren wurkfakânsje yn Egypte oan it ferslaan west foar û.o. it Frysk Deiblêd, en it binne hiel aardige stikjes wurden.

Om sjoernalist te wurden moatst nei it Windesheimkolleezje yn Swol ta. Yn har gefal koe se net streekrjocht fan de kappersoplieding nei it Heger Beropsûnderwiis. Dêr wie har eardere opliedingsnivo (VMBO t.l.) te leech foar. Dat hja moast earst it Havo noch dwaan. ‘Wer twa jier’, tocht ik. Mar nee, dêr hie se in oare oplossing foar fûn: yn Grins sit in sprinthavo. Dêr kinst Havo-4 en 5 yn ien jier dwaan. Sy hat der in oannimpetear hân en is binnen kommen. No wurket se har de pleuris fansels, want hja moatte dy twa jier yn pakwei seisentweintich wiken ophoastje.

En dan aanst yn april-maaie it sintraal eksamen dwaan. It is no oeral ferslaggen en learboeken. It wie dreech om net allinne ynienen op in folle heger nivo at se wend wie te wurkjen, mar ek nochris sa’n protte poer teoretyske stof te ferdouwen. Mar sy rêdt dermei. Net alle fakken like hege sifers, mar dat docht neat. Eins prachtich foar âlden om te sjen hoe hurd bern wurkje kinne at se ienris in doel hawwe. Wat sit der dàn wat yn. Bin ik best wol grutsk op!





18-11-2007

Mear blau





Mear blau


Tsjin de langste dei
sûndigje de loft en ik.
In brún mei rauroze râne
yn fegen op ‘e kime kwakt.
Of is it tear
fan in eang akwarel?

In njoggenalve.

Wy witte dat it kin
dat de loft it ha kin.
In fal yn de nacht
fan de berikke moanne,
in ferstoarne sigaret.
Ik mis it blau.





04-11-2007

Hive intelligence








Myn libben is in tizeboel,
ik bin in frou fan frees en hope.
Myn troan is in tsjispelpôle,
mar de fluezen wjukjes wolle fleane
nei de spegel fan myn keninkryk.

De tsjustere himel is fierstente fier.
Yn hoallen hâld ik de wyn
ûnder it wurkfolk, de wrakke slaven
en alle blyn sammele soldaten.
Ik hoech gjin lûd te jaan,

de rook fan myn leafde seit genôch.
De wanige breidsflecht oer de ierde
falt my swier, myn fluezen brekke,
ik kin net prate, ik bin dôf en dochs
is myn tiid folmakke.




22-10-2007

Net te beteljen








de moaiste dei
skynt de sinne en do rydst
troch de griene katedraal
oer de mûntsewei
brekst de wite streek
by it brêchje op it ein

yn de lome bocht
efter twa parrebeammen
riist dan it âldershûs
de fuotten knisterje grint
as tsjinstreeë boade
oan de iepen efterdoar

de kofjerook rûkst al
net te beteljen
de glês-yn-lead papegaai
kleuret harren antlitten
lûkt in ljochtglâns
ta de himel út.


01-10-2007

Gjin watsje...






‘Kinst my fan ‘e middei efkes helpe mei deade blêden oan te feien, Jan?’ frege Romke oan Jan.
‘Nee,’ sei Jan, ‘dat kin net heit, want ik haw my de knibbel ferdraaid. Sjoch mar, ik kin der net iens op stean!’
Wy seagen. Neat oan de knibbel te sjen, mar Jan krimmenearre der in bytsje by, dat dit frege wat mear tekst en útlis.
‘Ik haw in skop tsjin de knibbel oanhân mei it fuotbaljen’, sei Jan.
‘En doe koe ik der krekt noch wat op rinne, mar doe’t ik freed yn de botsautokes siet, fleach der immen fan achteren by ús op en doe skeat ik mei dyselde seare knibbel tsjin it dashboard oan, en doe gie it ljocht yn ‘e knibbel út. Ik bin útstapt en ik haw gjin rûntsje mear dien.’
‘No, at it der sa mei dy foarstiet, dan moatte wy mar efkes op de dokter ta’ sei ik.
‘Ja’ wie Jan it der wat al te grif mei iens. Hy tocht fansels dat ik him net leaude en dat ik er dochs gjin wurk fan meitsje soe. Mar ik belle de húsdokter. Dy wie ‘yn besprekking’ sei de tillefoanstim, en by need moast ik dat-en-dat nûmer mar belje. Ik seach Jan rist op en del oan. Gjin needgefal, besluet ik doe. Mar wat no?

Dokkum dan mar ris besykje, de Sionsberch hie ommers ek in polyklinyk, faaks koenen wy dêr dan te plak. Dat koe, bêst genôch. Maaike woe ek mei, dy hie noch wat ôf te hanneljen yn Dokkum en dat koe moai efkes tagelyk. Dat sa teagen wy trijeresom nei Dokkum.
By de baalje moasten wy earst in paske meitsje litte foar Jan, want dy wie der sûnt syn berte net mear west. Doe’t it frommeske hearde wa’t de pasjint wie en wat him skeelde, frege se oft er ek in rolstoel fanneden hie. Jan lake har hast wat gnyskjend út. Wis net!
Wy moasten ús melde by baalje alve. Dat dienen wy. Doe’t wy dêr in moai skoftke sitten hienen kaam der in ferpleechster op ús ta; wy moasten dochs werom nei de hal want wy wienen in otbm-gefal. Otbm, otbm? Oars te behanneljen minsk?
Hawar, wer wachtsje, no yn de stuoltsjes njonken de baalje. Dêr sieten wy, Maaike, ik, Jan.
En it duorre mar, en it duorre mar. T’en lesten kaam der dat dochs in pittich susterke. Hja frege de personalia nochris en helle drekst in rolstoel op.
‘Dat hoecht net,’ sei Jan, ‘ik kin noch wol in bytsje rinne hear.’
‘Dy’t siik wêze wol, moat ek mar wat ha’ sei de suster. ‘Sitte!’
Ferslein liet Jan him yn de stoel falle en it susterke naam him mei nei in keamerke. Dêr seach se efkes nei de knibbel, mar hja kaam der net rjocht út. Jan hie de boksen al út.

‘Ik moat der efkes in arts byhelje’ sei it wyfke. ‘Pak de saak mar wer yn Jan, ik ryd dy wer nei de gong en dan komt de arts aanst wol by dy’. Sa sein, sa dien. Wer wachtsje yn de hal.
Jan hie der noch hieltyd wol aardichheid yn, allinne krigen wy sa stadichoan ek wol sinne oan wat. Mar safier wie it noch net.
‘Sit hjir in jonkje mei in knibbel?’ hearden wy ynienen in stim boppe ús. Us blik glide stadich omheech. Der skynde net in ein te kommen oan de lange witte broek en de doktersjas. Uteinlik bleau ús blik stykjen by in rûne holle mei sûnreade wangen ûnder in bêste prûk wyt hier.
‘Kom do mar ris efkes mei my mei, baaske,’ sei de reusinne. Jan wie te ferbjustere om andert te jaan. De dokter reesde sa hurd troch de gongen dat Maaike en ik der klauwen oan hienen har by te bliuwen.
‘Boksen út’ sei se tsjin Jan, en Jan wist net hoe gau at er de broek sakje litte moast.
It frommes, dat noch wat fyftjin sintimeter boppe de 1.83 m. fan ús Jan útstuts, befelle Jan op bêd. Dêr avesearre hja mei Jan syn knibbels om as wienen it woarsten dy’t noch draaid wurde moasten. Jan pipe noch krekt net, mar hy hie in kleur as fjoer en hie hâlden en kearen om de frou wat tsjingas te jaan. At sy de knibbel omheech luts, bêde hie him wer del. Treau sy him nei de muorre dan drukte Jan de oare kant út.
‘Docht it sear?’ frege se. No, dat wie sels my wol dúdlik. ‘Hoe bist hjir oankommen?’ frege se Jan. Jan fertelde dat er earst mei it fuotbaljen, en doe op ‘e kermis in reis tsjin de knibbel krigen hie.

‘Dat wurdt sneon gjin fuotbal’ sei se tsjin Jan.
‘Och,’ hold Jan him grut, ‘ik sit yn it biertiim, dat it komt der net sa bot op oan.’
‘Ynswachtelje en krukken brûke’ kommandearre se.
‘En as net permaninte fersoarger fan it tiim wurde wolst, soe ik dy krukken mar wól brûke!’
Dat wie dúdlike taal. Dêr hâld ik wol fan.
En hja – ja, in frommes út tûzenen, hja wie Jan moai in slach foar – gie fierder: ‘en ast op skoalle bist, de poat op de stoel foar dy lizze, en thús ek mei dyn poat omheech sitten gean.’
Niks gjin frij, Jan!
It mânske frommes sette Jan wilens yn de fette watten en lei der handich in drukferbân omhinne. Hja herfette:
‘Krukken by de baalje ôfhelje en dêr ek wer ynleverje. Woansdei ôfspraak by de húsdokter en oars hjir wer komme.’
Dêr siet Jan. Hielendal ymponearre naam er elk leppeltsjefol ynstruksje yn him op.
‘Tige betanke, mar ik meld my wol in Kollum’ sei de lytsman.


25-09-2007

Wurch yn 'e fuotten




No’t der twa bern mei bus en trein reizgje komme der ek ferhalen los. It reizgjen op himsels is net altiten like aardich, mar it went, en wis is ek dat je wilens de reis altiten noch gau it iene en oare oersjen kinne foar skoalle. Op de weromreis bart dat minder. Dan sjochst in protte minsken efkes in knipperke dwaan. It fernuveret my altiten dat se dan krekt op tiid de eagen wer iepen dogge. Yn de nije trein wurde de plakken wol goed lûd opneamd, mar yn dy âlde hearde ik eins allinne mar dat de lûdsprekker iepenset waard. Dan heardest wat prommeljen, en dêrnei waard de lûdsprekker wer mei in klikje ôfsletten.
Doe’t Jan okkerdeis mei in maat fan Grins kaam, hienen se de put derút. Of de put. Wat sil ik sizze? It wie freed, en dan hawwe de hearen nei skoaltiid gauris besprekking oer de ôfrûne wike yn de Drie Gezusters yn Grins. It stof fan de skoalle wurdt fuort goarrele, hja nimme efkes in flauFEBObyt en dan giet it wer op hûs oan. De lêste bus hat dan al west en dus moat der mei de trein reizge wurde. Beide jongkeardels leinen dus moai langút mei de skonken op ‘e bank foar har te slûgjen. Doe kaam de kondukteur har oer it mat.
‘Dogge jim thús ek sá?’ frege er de twa knapen, en wiisde op har skonken.
Mar Jans maat hie it aai mei sâlt klear.
‘Knippe jo thús èk kaartsjes?’ frege er.







21-09-2007

Ministeriële beskôgings




Ministerfigueren


Minister A wol allochtoanen
mei asosjalen ûnder dak bekroane.
Minister B wol brânwachtslju ferbiede
betsjinning fan spuit alve te lieden
en See wol witte oft sel en kriminelen
by lotting faaks it fearnjen fele.
Minister D wol drugs talitte
salang’t dealers yn it dealen sitte
en E wol, dat in emigrant
ferhuzet nei oerseeske kant.
Minister F hâldt frontsoldaten
op ôfstân fan syn fjochtersmaten.
Minister G wol foar de goaden
fan de fijân bystân nei ballingsoarden.
Fan H mei Sine Hillichheid
net frije sûnder feilichheid.
Minister Y wol oan ynvaliden
ferbiede de Alvestêdetocht te riden.
Minister J wol foar de joaden
de jacht op bargen út de moade.
Minister K wol ôf fan dat saaie,
en keamerleden yn keamerjassen klaaie.
Minister L lit it de legerskare foartaan
inkeld noch mar mei tsjinstfammen dwaan.
Minister M wol minderheden
fusearje litte yn grutte steden.
Minister N wol alle nichten
ta heterofily ferplichte.
Minister O hellet oarlochshelden út it slop
en spjeldet har in ban de bombadge op.
Minister P makket fan pedofilen
troch operaasje sterilen.
Minister KU wol kwerulanten
omfoarmje ta stipte gûvernanten.
Minister R sil de rabberijblêden ferbiede
at se boppe de fjirtich graden siede
en S riedt de spoarstudinten oan:
meitsje ynintsjen tsjin weinsykte gewoan
en T leit it near op silikoanetiten
fral by omboude travestiten.
Minister U wol útfierrjocht
foar wa’t seit en ek noch docht.
Minister FEE wol alle frjemdelingen
troch taalles ta ûntfromjen twinge
en W tinkt dat wettersnoaden
heare ta in ferbeane koade.
Minister IKS wol ksenofoben
ierdzje litte mei in globe.
Minister aY wol hjir oars net as Yanks
mei leadfrij super yn de tanks.
Set, dy’t yn de ferdieling fan setels reaget
freget om de seage dy’t de poaten seaget.

Sa fine jo hjir fan A oant Set
in rariteitenkabinet.
Jo sjogge it: Balkenende fjouwer
is relatyf de golste jouwer.





Ministerfiguren


Minister A wil allochtonen
bij asocialen laten wonen.
Minister B wil brandweerlieden
bediening van spuit elf verbieden
en C wil cel of criminelen
bij loting laten vierendelen.
Minister D wil drugs gedogen,
zolang de dealers dealen mogen
en E wil, dat een emigrant
verhuist naar Est- of Engeland.
Minister F houdt frontsoldaten
op afstand in de eenmansgaten.
Minister G wil, dat aan goden
de vijandbijstand wordt verboden.
Van H mag Zijne Heiligheid
niet vrijen zonder veiligheid.
Minister I wil invaliden
bij vorst d' elfstedentocht verbieden.
Minister J wil, dat voor joden
de jacht op varkens wordt verboden.
Minister K wil kamerleden
alleen in kamerjassen kleden.
Minister L laat legerscharen
uitsluitend met een dienstmaagd paren.
Minister M wil minderheden
fuseren in de grote steden.
Minister N wil alle nichten
tot heterofilie verplichten.
Minister O tracht oorlogshelden
een ban de bombadge op te spelden.
Minister P maakt pedofielen
per operatie tot sterielen.
Minister Q wil querulanten
hervormen door een gouvernante.
Minister R wil roddelbladen
verbieden boven veertig graden
en S raadt aan de spoorstudenten
voor wagenziekte in te enten
en T verbiedt de travestieten
't bezit van siliconentieten.
Minister U wil uitvoerrecht
voor wie iets doen wil en dit zegt.
Minister V wil vreemdelingen
door taalles tot ontvreemding dwingen
en W wil, dat de watersnoden
te allen tijde zijn verboden.
Minister X wil xenofoben
wel laten aarden met een globe.
Minister Y wil hier slechts Yanks
met loodvrij super in hun tanks.
'Verdeling van de zetels vraagt,'
vindt Z, 'een zaag, die zetels zaagt.'

Zo vindt u hier van A tot Z
een rariteitenkabinet.
U ziet het: Balkenende vier
geeft relatief wat meer plezier.



Dit is myn Fryske oersetting by it Nederlânsk gedicht fan Aubrey van Amstel

11-09-2007

Cascadequeen



Ultra
Sylvia B., Rotterdam






Cascadequeen fan Grins


kinkelje net by de treppens del
trêdzje stadich en steatlik op radsjes
yn dyn krinoline jûpe fan izerkant
belein mei belech fan rustich spoekespui
streekrjocht út de fin de siècle,
in wâle fan Keltyske tatûaazjes.

Wat rôlet op my ta: minsk, bist, robot
of hotte gotyk dramaqueen
it antlit fan Maria Magdalena;
de eagen ferside achter tichte teisters,
it lange swarte hier yn hippe slaggen
njonken de blanke wangebonken.

In piersing krollet út dyn lippe,
ljocht spilet oer it inkelplak fan
it sacht wankjend frouljusboarst.
Glasseehannen rikje nei de flier
dy’t se skrasse mei fûle skerpe fingers.
Sa wurdsto yn oansicht minske

mei blynkapen op glûpe wy net nei
bingeljende bonkjes ûnder it kantbrokaat.
It is gjin frommeske fan kâlde fuotten.
Ultra is har namme, yn ekstremiteit
docht sy fertuten. Yn de stêd, har antlit,
lizze freak en from yn harsels besluten.














Cascadequeen van Groningen


val niet van de trappen af
treed langzaam en statig op wieltjes
in je crinoline japon van ijzerkant
belegd met roestig rupsenschuim
rechtstreeks uit de fin de siècle
met een voile van Keltische tatoeages.

Wat rolt op me af: mens, dier, robot
of hotte gothic dramaqueen
met het gezicht van Maria Magdalena;
de ogen verscholen achter dichte wimpers,
het lange zwarte haar in hippe slagen
bezijden de blanke jukbeenderen.

Een piercing krult uit je lip,
licht speelt over de moedervlek
van je zacht wenkende boezem.
Glacéhanden reiken naar de grond
die ze krassen met felle scherpe vingers.
Zo word jij in aanzicht mens

met oogkleppen op loeren wij niet naar
bengelende beentjes onder het kantbrokaat.
Deze vrouw treedt niet met voeten.
Ultra is haar naam, met extremiteit
als resultaat. In de stad, haar gezicht, liggen
freak en vroom in zichzelf besloten.