15-07-2025





 

Sêne 6.

 

Der giet in luchtstream troch it hûs

wylst ik dochs gjin raam of doar

iepen dien haw. It is hjir kâld

en waarm en yn dat momint 

lês ik tinzen oft it in ôfskie is,

in mijen loaze sin dêr't ik yn weifal,

healwiis de rûmte yn.

 

It liif bliuwt in hoalle, hâldt it binnen,

as in klankkast sûnder toanen.

It liket oft it bealgjend

swier oanslein is. Ik flakkerje.

ut de flakte fan de nacht

komme fierstente ljochte tekens.

Se flechtsje foar in waaksend

unbehagen. Betsjutting ûntkomt

út harren gestel en ien nei ien

moat ik my yn de gearhing fersinne.

 

Ik wol de keamer út

en stilsteand wetter sykje

mei in ronfelleaze moanne,

de spegel fan har blik.

Neat bliuwet er fan ûnthjittings oer,

at ik har net ûnder de eagen kom,

want dêryn kin myn doarren

as in nij momint ûntstean.

Ik moat it skaad út myn hâlding

draaie, at sy foar my stiet.



Lessander




 

03-06-2025


Titel: De Poel
Gedichtewedstriid Kollumersweach
by de Lauwerspoele
Maaie 2025
1e priis

 

16-02-2025




Tsjuster en ljocht sjen

 

Yn de tsjusterte komme se;

de fergongenen, de leaven, de deaden.

Sy flústerje net, mar lizze tinzen

njonken it kessen om op te pakken,

te befielen, te hifkjen en wer neist my

del te lizzen. Wa’t wát docht, sjochst net,

mar dû wytst it, dit is heit, dat is mem.

Beppe is al lang útpraat, sy strykt

my allinnich noch wat oer it wang en

ome Goaitsen sjocht ta en seit 

sa min mooglik, dan ek neat ferkeards.

 

At se wyt weiwurde oan de râne fan it sicht,

nimt it tsjuster it oer. Ik bin oerlevere,

net earder as moarns betiid komme se werom 

yn dreamen. De iene dream wyt ik, kin net,

mei de oare jouwe se in boadskip troch,

meast net wat ik hearre wol. Of dwaan wol.

Lyk as earder doch ik dochs presys wat se sizze 
en wat in wûnder: it is altyd goed.

By ljochtskyndei wyt ik net oft ik sokke 
goede ynjouwingen haw, of draach ik se mei,

berne yn it tsjuster fan de bline nacht.





.