25-04-2012

K – sizze se



Men sit yn ‘e wachtkeamer –
ôfskie te nimmen fan it libben.
Wilens stjert de dreamer.

De tiid is liend. Mar dan wurdt de flagge
útstutsen foar Lazarus, de kommende en
geande man. De operaasje is dochs slagge,

mar fan libben falt gjin stúdzje te meitsjen.
Ik bin it paad kwyt, rin troch bosk
en lân om net op ‘e doele te reitsjen.

Sa wurd ik moarns wekker en wol snibje
wylst ik bliid wêze moat, en tankber, want o,
de hûn moat útlitten en ik móat libje.

Bliid mei jins bern, mar net mear witte wa’t
iksels bin; in geast? Libben? Frou? Mem?
By wa hat ik it measte baat?

In apel mei in kniesd plak
freget: sil ik rotsje, of sil ik de bluossum
bloeien sjen? Krij ik yn dit libben myn gerak?

Nee, nea lit ik my it ljocht ôfnimme;
de dea syn tiid is allang foarby.
Dat leauwe sil yn de jierren klimme.

Geen opmerkingen: