20-01-2008

test-test-test



O, wat in drama as de kompjûter it bejout.
Ik wit wol, fan logjen komt op 't heden net folle, mar dat hat mei oare dingen te krijen. Aldergeloks giet it dichtsjen wol stiloan wat troch. Ik moat sizze dat de dichtkursus fan Tsjêbbe dêr aardich debet oan is. Better dus, want oars bleau dat der ek noch by.
Fan 'e wike moat ik nei it Tryatergebou om der in pear kollums yn te sprekken foar Edufrysk. Dat haw ik noch nea dien, mar ik liket my aardich om te dwaan. En dan wurde der dochs in pear Kidelkollums foar de ivichheid fêstlein...

De gearsit fan it Skriuwersboun fûn ik mar in rommeltsje. It liket sa moai om in taspraakje út de holle te dwaan, mar wat in heakeljen komt er dochs efterwei. En it nijs datst ferwachtest, komt net (info oer de Spanjereis) en watst allegear wol witst omdat it al earne te lêzen stie, wurdt nochris opkôge. Nee, it koe wol ris in ôfrinnend spultsje wêze. It is faaks sa as ek mei in protte oare dingen; frijwilligerswurk wurdt hurdop minder. It past net mear yn dizze kultuer. Der is gjin passy mear foar idealen. Ik fernim it ek by mysels hear. Ik haw al langer as tweintich jier frijwilligerswurk dien, mar it is no sa fier dat ik tink: ik wol ek wolris betelle krije foar wat ik doch. Hoe krigest oars dyn wurdearring noch? Frijwilligerswurk hat gjin status mear no't it lintsjes reint. Lit de provinsje dus mar ris wat jild stekke yn it Skriuwersboun. De provinsje, dat binne wy dochs ek, net?
No, de nije kompjûter is der. En by dizzen ek úttest.

Geen opmerkingen: