01-10-07

Gjin watsje...






‘Kinst my fan ‘e middei efkes helpe mei deade blêden oan te feien, Jan?’ frege Romke oan Jan.
‘Nee,’ sei Jan, ‘dat kin net heit, want ik haw my de knibbel ferdraaid. Sjoch mar, ik kin der net iens op stean!’
Wy seagen. Neat oan de knibbel te sjen, mar Jan krimmenearre der in bytsje by, dat dit frege wat mear tekst en útlis.
‘Ik haw in skop tsjin de knibbel oanhân mei it fuotbaljen’, sei Jan.
‘En doe koe ik der krekt noch wat op rinne, mar doe’t ik freed yn de botsautokes siet, fleach der immen fan achteren by ús op en doe skeat ik mei dyselde seare knibbel tsjin it dashboard oan, en doe gie it ljocht yn ‘e knibbel út. Ik bin útstapt en ik haw gjin rûntsje mear dien.’
‘No, at it der sa mei dy foarstiet, dan moatte wy mar efkes op de dokter ta’ sei ik.
‘Ja’ wie Jan it der wat al te grif mei iens. Hy tocht fansels dat ik him net leaude en dat ik er dochs gjin wurk fan meitsje soe. Mar ik belle de húsdokter. Dy wie ‘yn besprekking’ sei de tillefoanstim, en by need moast ik dat-en-dat nûmer mar belje. Ik seach Jan rist op en del oan. Gjin needgefal, besluet ik doe. Mar wat no?

Dokkum dan mar ris besykje, de Sionsberch hie ommers ek in polyklinyk, faaks koenen wy dêr dan te plak. Dat koe, bêst genôch. Maaike woe ek mei, dy hie noch wat ôf te hanneljen yn Dokkum en dat koe moai efkes tagelyk. Dat sa teagen wy trijeresom nei Dokkum.
By de baalje moasten wy earst in paske meitsje litte foar Jan, want dy wie der sûnt syn berte net mear west. Doe’t it frommeske hearde wa’t de pasjint wie en wat him skeelde, frege se oft er ek in rolstoel fanneden hie. Jan lake har hast wat gnyskjend út. Wis net!
Wy moasten ús melde by baalje alve. Dat dienen wy. Doe’t wy dêr in moai skoftke sitten hienen kaam der in ferpleechster op ús ta; wy moasten dochs werom nei de hal want wy wienen in otbm-gefal. Otbm, otbm? Oars te behanneljen minsk?
Hawar, wer wachtsje, no yn de stuoltsjes njonken de baalje. Dêr sieten wy, Maaike, ik, Jan.
En it duorre mar, en it duorre mar. T’en lesten kaam der dat dochs in pittich susterke. Hja frege de personalia nochris en helle drekst in rolstoel op.
‘Dat hoecht net,’ sei Jan, ‘ik kin noch wol in bytsje rinne hear.’
‘Dy’t siik wêze wol, moat ek mar wat ha’ sei de suster. ‘Sitte!’
Ferslein liet Jan him yn de stoel falle en it susterke naam him mei nei in keamerke. Dêr seach se efkes nei de knibbel, mar hja kaam der net rjocht út. Jan hie de boksen al út.

‘Ik moat der efkes in arts byhelje’ sei it wyfke. ‘Pak de saak mar wer yn Jan, ik ryd dy wer nei de gong en dan komt de arts aanst wol by dy’. Sa sein, sa dien. Wer wachtsje yn de hal.
Jan hie der noch hieltyd wol aardichheid yn, allinne krigen wy sa stadichoan ek wol sinne oan wat. Mar safier wie it noch net.
‘Sit hjir in jonkje mei in knibbel?’ hearden wy ynienen in stim boppe ús. Us blik glide stadich omheech. Der skynde net in ein te kommen oan de lange witte broek en de doktersjas. Uteinlik bleau ús blik stykjen by in rûne holle mei sûnreade wangen ûnder in bêste prûk wyt hier.
‘Kom do mar ris efkes mei my mei, baaske,’ sei de reusinne. Jan wie te ferbjustere om andert te jaan. De dokter reesde sa hurd troch de gongen dat Maaike en ik der klauwen oan hienen har by te bliuwen.
‘Boksen út’ sei se tsjin Jan, en Jan wist net hoe gau at er de broek sakje litte moast.
It frommes, dat noch wat fyftjin sintimeter boppe de 1.83 m. fan ús Jan útstuts, befelle Jan op bêd. Dêr avesearre hja mei Jan syn knibbels om as wienen it woarsten dy’t noch draaid wurde moasten. Jan pipe noch krekt net, mar hy hie in kleur as fjoer en hie hâlden en kearen om de frou wat tsjingas te jaan. At sy de knibbel omheech luts, bêde hie him wer del. Treau sy him nei de muorre dan drukte Jan de oare kant út.
‘Docht it sear?’ frege se. No, dat wie sels my wol dúdlik. ‘Hoe bist hjir oankommen?’ frege se Jan. Jan fertelde dat er earst mei it fuotbaljen, en doe op ‘e kermis in reis tsjin de knibbel krigen hie.

‘Dat wurdt sneon gjin fuotbal’ sei se tsjin Jan.
‘Och,’ hold Jan him grut, ‘ik sit yn it biertiim, dat it komt der net sa bot op oan.’
‘Ynswachtelje en krukken brûke’ kommandearre se.
‘En as net permaninte fersoarger fan it tiim wurde wolst, soe ik dy krukken mar wól brûke!’
Dat wie dúdlike taal. Dêr hâld ik wol fan.
En hja – ja, in frommes út tûzenen, hja wie Jan moai in slach foar – gie fierder: ‘en ast op skoalle bist, de poat op de stoel foar dy lizze, en thús ek mei dyn poat omheech sitten gean.’
Niks gjin frij, Jan!
It mânske frommes sette Jan wilens yn de fette watten en lei der handich in drukferbân omhinne. Hja herfette:
‘Krukken by de baalje ôfhelje en dêr ek wer ynleverje. Woansdei ôfspraak by de húsdokter en oars hjir wer komme.’
Dêr siet Jan. Hielendal ymponearre naam er elk leppeltsjefol ynstruksje yn him op.
‘Tige betanke, mar ik meld my wol in Kollum’ sei de lytsman.


Geen opmerkingen: