23-11-2020

Glâns fan hoop

 

 

Lêst de krante en setst in bakje kofje,

sa gliere de wiken yn kadâns.

De tillefoan wurdt in rêstich húsdier,

tiden wolle allinnich mar skoftsje,

hieltyd minder praat komt der lâns.

 

Feardich en mei fêste hân

dochst putsjes op 't hiem of yn 'e hûs.

Al wat efterstallich is, wurdt dien.

Fan it sjoernaal krigest de nijste stân

mar fan Netflix rekkest wol yn 'e sûs. 

 

It is net sa, dat der neat mear kin

mar alle minsken nimme ôfstân.

Tinkst ommers oan dyn âlders en de bern,

fan hûs gean hat net safolle sin.

Sa hâlde wy feiligens yn 'e hân.

 

No is wekker wurde oars nei 't kûsen.
Lûkst dyn moed omheech, dochst de broek ticht, 

en pakst in goed foarnimmen út de kast.

Hellest hoeden wat toverljocht út de bûs en

waskest in glâns fan hoop op dyn gesicht.