03-12-2015

Reis mei stûpen







Sjochst it net faak:
de dea, in Molukker en de laak
tagelyk op in stasjon.

De dea die him foar as bline reizger
hy kocht in kaart op goed gelok,
rûn in skoftsje troch it middenpaad
bejoech him doe nei in skeane hoeke.

De Molukker wie net allinne, nea.
Syn maten laken en fernuveren har
mei skilich sjen nei it útsicht
op bettere tiden soe skielk blike.

It foel foar dat de trein ho hold.
Lichter letter oer it wikselspoar
wie net te sizzen hokker ûntbruts;
de dea, in koffer of de laak.






10-07-2015

dêrhinne





trije dagen haw ik stien
griis de loft, swart it wetter
myn fuotten woartels, yn grûn sa âld

trije dagen haw ik heard
lang it wurd, tsjuster de tinge
myn earmen wjukken, de wyn ta wiis

trije dagen hold ik hoek
fûl de kjeld, wyt en yvich
it hert sa hurd, it moed sa stil

doe kaam de koarte nacht
en ik stapte út de oeren
de eagen heger, nei de stjerren





.

07-05-2015

Op jacht yn it petgat






Wetter, wetter, goudfiskje, wêr giesto hinne?
De spoekesnoek leit ûnder slyk bedobbe
en loert op dyn flugge fleanen, dyn blikken
skobben yn de ûndergeande sinne.

Lit him stikelbearskes pakke, dy’t oars
neat dogge as it plantelaach besette,
lit him wytfisken frette, dy’t yn grutte
skotten plakke ûnder it einekroas.

Goudfiskje, goudfiskje, witst wol fan de jacht?
Wês tûk, krûp ferside yn it beammeskaad,
kom net oan it oerflak en ferweech dy net!
At de snoek mei de sturt op it wetter slacht –
wiest te let.



25-04-2015

Yn koarte halen





Ik tekenje. Yn grutte swarte streken
set ik syn bilbonken del, de sêfte búk
stekt der boppenút (goed foar in waarme krúk
yn de rêch) en mei de holle ha’k net folle wurk;
it lêste hier is fuort en de noas is grutter.

My heucht noch dy jonge jonge
waans boppelippe krolle as er wat sei
mei grutte mûle en noch gruttere hannen,
blauwe knibbelhoazzen en in swarte lange jas.
De hoed siet fol kranteproppen en de
gespen fan ’e skuon yn ’e sinne blonken.

Deselde jonge fan doe is no in oar,
al sjoch ik noch hieltyd in feint yn him
hy is no mear en minder de man
dy’t ik yn him seach, en ik sjoch, ik fiel
dat it goed wie, en ik tekene derfoar.




28-03-2015

stippestap hinkelspring




sa dûnsje ik yn myn hinkelhok
stippestap sprinkelsprong
ik goai it stientsje of bin bok
bûten yn de maitiidssinne
bin ik swan of rin ik hinne
yn spin, it touke yn
út, sprút, de winter út