05-06-2013

Mei myn twaën allinne



Hjoed wie in dissiplinearre dei foar my. Ik hie my foarnommen oan it berneboek te wurkjen dat ik tagelyk yn it Hollânsk en it Frysk skriuw. Der stie in bepaalde wurktiid foar en dêr ha’k my persys oan hâlden. Dêrnei bin ik te fytsen gien, want ik wie sa stiif as in doar fan ’t sitten. It fytst hjir dus super; as wiest yn de Wâlden. Mar hjir is folle mear wetter. De fûgels dy’t ik ynearsten mear om ’e doar ferwachte hie, haw ik no ek sjoen. Se binne der wol, mar se sykje de meast gaadlike plakjes op. Ek wol logysk, at’st der goed oer neitinkste; at der safolle keus is, sikest it bêste plak dêr’tst it minst steurd wurdste.
Der wienen al minsken dy’t yn himdsjes omfytsten, mar ik wie bliid mei de bodywaarmer. Sá hyt is it no drekst ek wer net.
Hichtepunt fan de dei wie in rôze plant oan it wetter. Ik fermoed dat it om de deikoekoeksblom giet. Rôze is myn moaiste kleur op pears nei. Ik krieg de oanstriid om der wat fan te plukken, mar ik haw it net dien. It begrutte my. Wêrom der sa wat moais weinimme en der trije dagen fan genietsje, wylst at it yn de natoer miskien noch wol in moanne stean kin te pronkjen en folle mear minsken der wille fan hawwe kinne? Boppedat, faaks is sa’n plant wol beskerme.
Ienris thús hie’k de tonge op ’e skuon en bin ik samar yn sliep fallen. Dat jûns ha’k mar efkes flink troch de keet hinne rausd mei de stofsûger en de dweilstôk, men moat jins enerzjy al goed ferdiele, is ’t net sa?


deikoekoeksblom





In djiptepunt is der hjoed eins net. Of it soe al wêze moatte dat ik hjoed mei gjin minske praat haw. Dat is ek wol wat in nuvere gewaarwurding foar in doarpshûsbeheardster. No is it wol sa dat ik lang net altiten oanwêzich bin yn it doarpshûs (myn man docht de praktyske saken), mar wy krije in soad tillefoan, der komme minsken oan ’e doar en wy oerlizze tegearre in protte. Mar lêst haw ik der net fan hear.  Aldergeloks praat ik in soad mei mysels, dat skeelt. En wy hawwe seldsum spul. Dat is wier net fan de lêste wike. Ik bin dus altyd mei myn twaën.


 

Geen opmerkingen: