03-06-2013

It rûkt!


It djiptepunt fan de dei foel te ferwachtsjen; in nacht sûnder sliep. No is dat neat oars as oars, dat ek neat om jo drok oer te meitsjen. Ik haw op frjemde plakken altiten in nacht as twa nedich om te wennen. Ik wie net ûnrêstich, mar wol wat kâld. De tsjekpunten wienen fannacht om healwei twaën, healwei fjouweren en healwei seizen. O, ik sjoch no dat dêr in moaie regelmjittigens yn sit. Om healwei twaën hie’k earne noch ferhoop dat it sliepen slachje kinne soe, mar doe’t ik it ljochtsje efkes oandie om nei de tiid te sjen, seach ik flakby myn holle, op it keurich wytsauze lewant sa’n grouwe spin, dat ik rjochtoerein yn bêd skeat.
No tocht ik al by mysels; dat leaut nimmen. Dat is sa’n broadsje aap-ferhaal fan froulju dy’t nachts benaud binne foar alles en dêrom mar fersinne dat der in dikke spin omkroep. Dus ik haw it bist mar efkes fongen (dêr bin ik dan wer nét bang foar tank sij in treflike fangmetoade) en ferivige:






Om kertier foar seizen ha’k it opjûn en bin derôf gien. Twa merkeltsjes swommen moai foar it rút, en oer dy oare fûgels moat ik it letter noch mar efkes hawwe, want o, o, wat binne it in kwetterbekken. Aldergeloks ferstean ik fûgeltaal.

 
Fierder hie ik hjir fan ’e moarn de manlju fan It Fryske Gea. It skynt dat dit moandeitemoarns harren kofjedrinkershúske-fan-hâld-oan is, wat gjin wûnder is mei sa’n daalders plakje. It hûske is yn 2010 of 2011 – dêr wol ik ôf wêze – hielendal moai opknapt en alles is der; brûs, sliepkeamerke, ynklaaid keukentsje mei gasstel en kuolkast en sels in lyts studearkeamerke mei apparatuer.
Der wie in ek haadman by de manlju fan It Gea. Ik hie yn de keamer de boks mei klassike CD’s moai njonken de radio-kassetterekorder set dy’t noch fan Rink van der Velde west wie. Sa foel harren it each der op, en ik sei sa by de noas lâns dat it dreech wie om dêr in klassike CD yn te tropjen. Se gnizen wat en joegen ta dat dat ek net tafoel. Dêrnei hawwe wy it efkes oer de ferâldere apparatuer yn it arkje hân. Ik hie de saak al oan ’e praat krigen, mar fierder wie ik net kommen. De printer is in Hewlett Packard Laserjet 4 en de kompjûter in Compaq, beide jûkels, beklaaid mei in gielgrauw flues.
Fansels hie ik in sleat kofje klear – ik hie dochs gjin wink yn de eagen hân – en ik ha de mannen efkes bedoarn mei in swiete fulde koeke dy’t har mânsk genôch wie. By fuortgean sei de baas fan it spul dat de húswarder wol in nije radio/CD-spiler helje koe en dat de âlde kompjûterboel meikoarten opromme wurde soe.




Hichtepunt fan de dei wie de rit op ’e fyts nei Boarnburgum. It waaide as in orkaan, mar dat die my neat, want ik haw in elektryskenien. Underweis roek ik it gers yn al syn ferskiningen: op it lân krekt meand gers, gers dat al in dei as wat lein hie en gers dat krekt oppakt waard. Al dy fazen hawwe harren eigen rook, mar ek it blomme- en planteguod yn de berms rûkt wer oars. Hjir is de natoer wat fierder as by ús yn Boerum en dat seachst ek oan de túntsjes. De rododendrons wienen folop yn ’e fleur, en oeral by boerespullen stiene nagelbeamkes en hagebeammen oan de dyk, dy rûkst ek al fan fierrens. Hearlik!



Hinnesop

Mingde bûterslaad, poddestuollen en sipels. Ek hearlik!


Geen opmerkingen: