02-06-2013

Arkje deiboek, 2 juny 2013






Oankomst by de skriuwersarke op ’e Feanhoop.


Hichtepunt fan de dei: nei 28 jier wer in earste ôfspraakje mei myn man hân. Hy moat my trije wike misse, en dat besef gie him ynienen net yn de kâlde klean sitten.
Dêrom hat er my earst breedút mei út iten nommen en dêrnei ôfset by it arkje. Ik krige in wat ûnwennige tút, want it fielde as ‘ hie er in earste ôfspraakje’ sei er. Doe ried er fuort.





Djiptepunt: it wie mar goed dat ik myn eigen ark meinommen haw. De foto’s sprekke foar harsels. Ik hie dat histoarysk guod allang yn in petgat dondere. O, nee, dat mei net. Ik sit hjir middenyn it Fryske Gea…





No mar gau op bêd, want moarn om 09.00 oere (!) moat ik de kofje klear hawwe foar it wurkfolk. Njoggen oere! Beseffe se eins wol dat dit in skriuwersarkje is?






Geen opmerkingen: