29-05-2013

Klapperkes?






Snein is it safier; dan sil ik in wike as wat trochbringe yn iensumens. No wie ik fan doel om dêr alle dagen ferslach fan te dwaan op it weblog, mar ik bin der yn ’t foar net wis fan dat ik dat folhâlde sil. Ik wit nammentlik net hoe’t de tiid him dêr ferhâldt. Oft der dagen wêze sille dy’t ferglydzje sûnder dat der eat fan belang bart. Dat it hichtepunt fan de dei de ferside snoek is dy’t him efkes sjen lit, of dat de teepot oan diggels giet of dat it jûnsmiel bestiet út in opwaarme pantsje bamy. Dan kinst dy ôffreegje oftst dat no wier mei de hiele wrâld (no ja, mear in protsje tafallige foarbygongers) diele wolst. Oan de oare kant; kinst fansels ek alle war dwaan om eltse dei dyn eigen klapperke te kreëarjen en dan tink ik net oan iten of it wurk dat ik fan plan bin om te dwaan. Mar wat dan wol?
Soe it slagje eltse dei in draakje te ferslaan?



12-05-2013

Ljouwert! De sirkel rûn.

 
Sneontemiddeis om kertier oer ienen komt Tryntsje van der Veer by de finish fan De Harmonie yn Ljouwert oan. De Alvestêdekuier fan in dikke 200 kilometer sit der op. It is kâld, it reint hurd. De minsken dy’t de kuierders opheine hawwe fleurige boskjes blommen by har, mar sjogge der ferklûme út; guont wachtsje dêr al langer as in oere…





Hoe begûn de lêste dei fan de rinreis, Tryntsje?

Op sneon bin ik om sân oere tegearre mei myn gastfrou Akke Brouwer ôfreizge fan Hantum nei Dokkum. Ik koe diskear de wein dêr stean litte want ik soe de middeis in lift werom nei Dokkum krije. It fielde suver as útsliepen.
It wie freonlik fan Akke om mei te gean nei it startplak. Sy woe it barren wol ris meimeitsje. Letter liet sy witte dat sy it tige moai fûn om útnoege te wurden om oan dizze aksje mei te dwaan. Yn har kontakt mei de Grinzer dichters sil se it hjir ek nochris oer hawwe. 



                                                           It huodsje kin no wol ôf.


Hokker waar hast by de start, en feroare dat ûnder it rinnen ek?

De loft wie griis, mar it reinde noch net. Fan Aldtsjerk ôf waard it waar earst dampich en nei Gytsjerk begûn it te eazjen. Dat bleau sa oan Ljouwert ta. Ik rin dan mei myn huodsje op en dêroerhinne noch in lytse, steande paraplu. Sadwaande kin ik bytiden allinnich mar de noazen fan myn skuon sjen. Dochs dearde it net, want wa Dokkum hellet, komt ek wol yn Ljouwert oan.
It paad lâns de dyk by Rinsumageast nedicht út ta in meditative sfear, want it is in lang ein. Gjin beammen, gjin ôflieding, oars dan in sânopslach. Dan wurdt it tiid gedichten op te djipjen dy’t moed jaan kinne.


Wat wie in ‘poëzy-momintsje’ (fan dysels of fan in oar) ûnderweis?

Dat wiene der hjoed ek wer mear as ien. Ik trof de Snitser frou fan earjuster wer en sy frege my hoe’t de minsken dizze wike de gedichten ûntfongen hienen. “Ik docht dat ik in echte dichter sien ha”. Sy doelde dêrmei op Neeltje Bonnema, dy’t my yn Frjentsjer opwachte hie. It die my goed dat dat har opfallen wie en dat sy der no noch oan tocht.

Fierder trof ik immen dy’t my fertelde oer itjinge dat Jan Dotinga oan syn learlingen meijûn hie yn syn ûnderwiis (‘it taalgefoel is der mei de brijleppel ynjitten’) en in oarenien wie tige te sprekken oer de nije fûgelbondel Oer de wjuk, (Tresoar, 2013).
Ik ha dizze wike lokkich in soad greidefûgels heard en sjoen, juster foaral de grutto. 
Ta beslut die bliken dat in protte minsken It Skriuwersboun fan namme kenne, mar wat It Boun krekt docht, is minder bekend.


Ta beslút
Om 13.15 oere kaam ik oan by De Harmonie, dêr’t Ruurdtsje my mei blommen en in lêste poëtyske jefte opwachte. It rinboekje wurdt noch ien kear stimpele en dan is it krúske binnen!
Ik wie no wol in bytsje stiif oan it wurden. Aldergeloks brocht Ruurdtsje my nei myn wein yn Dokkum. Underweis ha wy it oer dizze aksje hân en hoe’t dy ferrûn wie en wat in gastfrijheid wy by de skriuwers yn Fryslân fernommen hiene. It rinnen hat my skoan foldien en efternei binne dy 210 kilometers samar ôflein. It hat my tige bewust makke fan de pracht fan it Fryske lânskip, mar ek fan de rûmte-opslokjene yndustry en de drokte op ’e diken.
Wy kinne weromsjen op in wike mei nije kunde, ûnferwachte moetingen (lykas it tiisdei treffen fan Wieke de Haan dy’t de kuierders ferby fytste), tiid om nei te tinken en ynspiraasje op te dwaan,
sawol foar nij wurk as it wurk foar It Skriuwersboun.




                                                             It horloazje, it shirt en de tillefoan dy't what's apkes ferstjoere kin!

11-05-2013

De foarlêste rindei: fan Frentsjer nei Dokkum




Tryntsje van der Veer rint de Alvestêdetocht fan 2013 en docht ûnderweis alderleie fan literêre yndrukken op, û.o. troch besites oan skriuwers dy’t wenje yn plakken yn de buert fan it trajekt.



Hoe let begûn de reis hjoed?

De wekker skille alwer om 04.45 oere en om tsien oer fiven reizge ik nei Dokkum om dêr de auto te parkearen en mei de bus werom nei Frjentsjer te gean. It wie griis by de start om sân oere, dat ik hie daliks de jas en ponsjo mar oandien.

Bleau it sok beroerd waar?

Nee, nei in heal oere klearre it op en nei Berltsum waard it echt droech. Der stie in stoefe wyn, mar dy hienen de kuierders yn ’e rêch. By it lêste stik fan it trajekt, Stiens - Dokkum, mei 10 km. lâns de Ie, kaam de kjeld derby. Dochs wie it moai fris kuierwaar.

Wêr hast dy om fernuvere?

De moaie tsjerke fan Berltsum en de gastfrijheid fan de bewenners oan de Alvestêdekuiertocht. Der waarden ús apels, drinken, oranjekoeke, kofje ensafhinne oanbean.
Yn it lân stie in moai gedicht oer Stiens en Britsum, makke yn 1851 en opnommen yn de Karlêzing earste wurk fan Waling Dijkstra (1921-1914).
Fierder ha ik moaie swartbûnte kij sjoen en kikkerkonserten heard.

Wie der hjoed ek in poëzy-momintsje ûnderweis?

Lâns de rûte Frjentjer-Dokkum skitterjende plakken. Ien derfan is Tergrêft, mei in lytse haven.
Fierder is foar my de hiele Dokkumer Ie ien lang poëzymomint.

By wa skoosto oan foar in miel en hokker relaasje hat dizze persoan mei de skriuwerij?

Ik haw iten en slept by Akke Brouwer (berne yn Dokkum), dy't Dongeradichter wie fan 2006 oant en mei 2008. It wie foar har een tige geunstige ûnderfining. Sy fertelde oer har karriêre mei (ûnder oare) de toanielakademy, in funksje as provinsjaal toanieladviseur en as betûft treningsakteur. Sy hat fanút har eigen wurk in soad (muzyk)perfomances dien. Yn 2005 kaam se werom nei Fryslân en nei in skoftke yn Dokkum hat se har yn Hantum nei wenjen set.
Se hat no it teaterprojekt Wonen en Werken yn Grins ûnder hannen, ûnderwylst feroaret sy har wenomjouwing nei "It Hûs fan de dichter", in poadium foar poëzy, keunst en besinning.

Hantum, tsjerke en stûpa




Wêrút bestiet it miel iten?

Hjoed gjin gehakbal op it menu, mar makaroany, sa’t de mem fan Akke dat doedestiids klearmakke, mei in hearlike salaad en sitroenyoghurt nei.

Op de efterlitten kaart fan Bart van der Leck skreau Tryntsje de folgjende haikû:

knop

inte dyn stamme
it foarjier yn 'e holle
blom noch yn 'e knop


No sil ik lekker sliepe, it wie in lange dei. Moarn it lêste stikje fan de rûte; Dokkum – Ljouwert (noch mar 28,57 km)!












10-05-2013

Skriuwsters kinne bêste gehakballen meitsje!

 
Tryntsje van der Veer, dichteresse en mei-orgnisator fan it Literêr Sirkwy, docht alle rindagen fan de Alvestêdetocht ferslach fan har wjerfarren. Fan tongersdei op freed, op Himelfeartsdei, rint sy fan Warkum nei Frentsjer.


Hoe let bist fan ’e moarn ôfset?

Yn Koudum gong de wekker 04.45 oere, want it wie noch in hiel ein. Earst gie ik nei Frjentsjer mei de auto. Ik hie prima slept yn it apartemint fan de Hettinga’s yn Koudum. Tsjin seizen bin ik yn Frjentsjer oankommen, mar doe wie it dêr noch in hiele syktocht nei de sporthal en de strjitte dy't oanjûn wie, bliek in langenien te wêzen. Koartsein, ik bin net mei de bus, mar mei in organisaasjeman fan de rintocht nei Warkum weromreizge. Wie hienen al in hiel petear oer it libben ear't wy om 06.45 oere by it startplak oankamen. 

Hokker waar trofst op Himelfeartsdei?

Wy binne mei reinwaar ôfset. Dat de ponsjo hat oan wêst. Lokkich knapte it nei in oerke op en de rêst fan de dei wie it prima maitiidswaar. In lekker wyntstje waaide ús samar de kant fan Parregea út. It soe fierder de hiele dei moai waar bliuwe.

Wat is dy opfallen ûnderweis?

It wetter dat nei Boalsert ta rint meändert moai. De stêd mei de tuorren lei yn in skitterjend dekôr. Ik rûn in stik op mei George Huitema, de foarsitter fan it Obe Postma Selskip. It is my wer opfallen hoefolle minsken oft my dizze dagen nei de oankundige nije staveringswizigingen fregen. Dy roppe in soad op. As Skriuwersboun binne wy der ek mei dwaande; sjoch de side fan It Skriuwersboun.
           
Nei Boalsert, mei de stimpelpost yn de prachtige, iepen Broeretsjerke, gong it op Skettens oan. Dêr wie it feest, mei de fanfare en mei de frou dy't de rinners altyd foarsjocht fan sop en dropkes. Rob Faltin naam dizze dei in fideoklip op, dêr wy noch oan meidien hawwe. Ien grut feest en fansels blaasde er mei syn trompet ek noch mei it korps mei. Troch in bosk mei in soad fûgellûd kamen wy yn Wytmarsum en doe gong it op de seedyk oan. In prachtich stik kuierjen mei wer in hiel oar lânskip.


                                                               De Broeretsjerke yn Boalsert

Minder moai is dat jo fan Harns nei Frjentsjer in hiel stik by de sneldyk lâns moatte, mar dêrnei makke Hjerbeam it wer goed.

Ik moete in âldere man, dy't sei dat it him opfallen wie hoe freonlik de minsken tjin him wiene, hy woe grif nochris nei Fryslân weromkomme. Hy hie it him nea sa yntinke kind.

Wat wie it poëzy-momintsje ûnderweis?

Underweis ha ik twa stikjes makke foar de gastfrou en -hear. Jûn sil ik nammentlik ite by Neeltje Bonnema en ik sil sliepe by Hein Jaap Hilarides. Doe’t ik oprûn mei in Snitser frou fan hast sântich jier haw ik besocht har út te lizzen wat ik oan it dwaan wie en wat ik al opskreaun hie. Der moast noch ien rigel komme. Ik leau net dat it hielendal by it wyfke oerkaam. Sy hie neat mei gedichten; in Sinterklaasgedicht wie al lêstich. Dochs fûn sy it wol moai. Ynienen sei se: "dou moest denk ik fierder met dyn gedicht" en dêr toffele sy hinne, flugger dan iksels!

By wa skoosto oan foar in miel en hokker relaasje hat dizze persoan mei de skriuwerij?

Neidat ik Frentsjer helle hie, haw ik iten by Neeltje Bonnema, dy't ik earder moete hie by in kursus gedicht skriuwen by Abe de Vries. Myn organisatrise fan dizze toernee hie it regele. Ik waard troch Neeltje by de stimpelpost opheind en wy kuieren nei har moaie hûs mei binnentún yn it hert fan Frjentsjer.

Neeltje, berne yn Tzummearum, hat al lang niget oan de Fryske taal. Nei har opliedingen (húshâldskoalle, kapperfakskoalle en letter meardere oare opliedingen en kursussen) en neist it kappersfak krige de taal har yn de besnijing. Sy wie ek lesjouwer by de Afûk. Neeltje bruts troch mei it Slachtegedicht (2000). Letter kaam in ferhalenbondel út (2005) en no wurket sy oan in novelle. Fierder makket sy al sa'n tsien jier it
PC-gedicht. Bysûnder is dat sy dêrfoar alle frijheid krige, wat oars net gebrûklik wie. Neeltje sit yn de skriuwgroep Hysp, dêr't sy in soad ynspiraasje opdocht. Ik frege har nei it tema fan har wurk en sy antwurde: "de omstannichheden wêrtroch de minsken wurde sa't se binne of wêze wolle".


Hoe stiet it mei de iterij hjoed?

By in noflik petear dronken wy, tegearre mei Neeltje har man, wat yn de wier prachtige tún. Dêrnei kaam der in miel fan eigenmakke tomatesop, in gehakbal, jierpels en blomkoal op tafel. Wy hienen yoghurt mei ierdbeien as neigesetsje. Hearlik. De skriuwsters dy't ik oant no ta troffen ha kinne beslist lekkere gehakballen klearmeitsje. Ik bin no wol tige benijd nei it miel fan moarn. 


Smakket it?

Super.

Op de efterlitten kleurige kaart fan Jan Sluiters (Maanlicht) ha ik in haikû skreaun mei eleminten dêr't ik oan tink as ik Neeltje foar my ha:


Pearels

famke fan 'e see
sykje pearels foar it snoer
op bleate fuotten


Dernei bin ik nei Sint-Jabik tareizge dêr’t ik op in souderke oernachtsje sil by Hein Jaap Hilarides, foarsitter fan It Skriuwersboun.




09-05-2013

Flewielen kij


Woansdei op Tongersdei, it trajekt fan Sleat nei Warkum



Foarjier



de beammen bloeie

it brûzjend grien is te sjen

langstme yn 'e loft

            haikû troch Tryntsje van der Veer


Hoe let bist fan ’e moarn ôfset Tryntsje?

De wekker skille om 05.15 oere en om healwei seizen siet ik yn 'e auto nei Warkum. Op de radio spile Blond Famke fan de Stones yn it Frysk, dat ik wie daliks helder. De bussen stiene om 06.15 oere alwer klear om ús nei Sleat te bringen. Der waard aardich wat ôfpraat, mar net troch my. Yn Sleat krige ik in bakje tee, doe wol in petearke en om sân oere fuort. It wie de lêste kear dat boargemaster Hoornstra fan Gasterlân-Sleat ús fuortskeat. Oer in jier bestiet dizze gemeente net mear. Hy hat ûnthjitten de folgjende kear mei te rinnen.

Hokker waar hast hjoed hân?

Wy setten ôf mei lekker waar, it soe deis in graad of 11 wurde en sa no en dan in bytsje mear, at de sinne trochbruts. Mar oars dan juster wie it net hjit en der stie in lekker strikerke. Wy kuieren ûnder moaie en âlde beammen nei Wyckel ta, dêr't Tjipke alwer it ferkear oan it regeljen wie. Ik soe him letter noch twaris tsjinkomme. Fan Wyckel gong it fia de Bargebeck nei Balk en doe it bosk yn. Dêr wie it dizich oant wy by de seedyk kamen. Underwylst hiene wy yn Aldemardum kofje hân, lekker bûten. Wy kuieren de hiele kuststreek omheech, fan Mirns, Laaksum, Skarl oant en mei Starum. Sa no en dan kipe de sinne der efkes trochhinne. Nei sop en bôle yn Starum belommere de loft. It like wol oft it tongerje woe. Oan Molkwar ta, dwers troch de lannerijen, hâlden wy it droech. Dêrnei wie it oan Hylpen ta de reinjas oan/út en de paraplu op/ôf. Dêr knapte it wat op, mar yn it lêste stik nei Warkum wie it waar wer minder. De lêste fiif kilometer waaide alles wer droech. Goed besjoen wie it prima rinnerswaar.

Wat is dy opfallen ûnderweis?



Ik rûn in skofke efter de bline man oan dy't, mei in toutsje ferbûn oan in begelieder, faak meidocht oan de Alvestêderintocht. Earder skreau ik in gedicht oer him, no wit ik oan wa ik it tastjoere kin. Wy praten oer de frijheid. Dat krekt troch dat stikje tou in folle gruttere frijheid te ferkrijen is. De man hat sels meidien oan de Maraton fan New York!

Mannich kear foel my it moaie, iere grien op, oan 'e beammen, yn de reidkragen. Fierder seach ik 'flewielen' kij, ik begryp yntusken fan Ytsje dat it Jersey-kij binne.
Fierder ha ik besocht in foto te nimmen fan fjouwer lamkes, dêr’t ien swart fan wie. Mar dy wienen sa bot oan it boartsjen, dat it net tafoel.


Wat wie in poëzy-momintsje ûnderweis?

Fansels is dêr it byld fan Herman Gorter yn Balk, en it is no ommers ek 'Maaie''.
De oersetting is neffens my makke troch Klaas Bruinsma.
By Laaksum seach ik in hûs mei de namme 'Bûtendyks'. Dy bleau ek hingjen.


By wa skoosto oan foar in miel en hokker relaasje hat dizze persoan mei de skriuwerij?

Ik sliep dizze nacht yn in appartemint by it hûs fan Ytsje Hettinga (66 jier) en har man Maurits. De ûntfangst wie alderhertlikst. Ytsje is neist har wurk op de buorkerij fan har man altyd warber wêst mei taal. Sy skriuwt ferhalen, toanielstikken en set ek oer. Bygelyks wurk fan Sartre en ek van Pinter. Sy fertelde my dat sy it skriuwen fan it opstel op de legere skoalle it moaiste fan fûn. Ytsje is ien fan de oprjochters fan SULT, it LokaasjeTheater fan de Súdwêsthoeke. Geregeld is se noch aktyf as toanielspielster en sy kin yn har rollen sels har eigen famylje ferrifelje.
Ytsje hat lang it Skriuwerswykein mei organisearre en sy hat seis jier lang bestjoerslid fan It Boun wêst. Wy hienen in tige gesellich petear en Ytsje makke dúdlik hoe libben it Frysk foar har is.


Wêrút bestie it miel iten?

Hearlike sop, dêrnei in klassyk streksum miel fan jirpels mei in gehaktbal en reade koal, (sels makke) apelsmots en in salaad. It neigesetsje bestie út fla en yoghurt.


Smakke it?
 

Jawis, top!

Wêr sliepste?

Op 'e souder yn it apartemintsje, dat apart fan it hûs stiet. Ik sjoch no út op de Koudumer Syl, rjocht foar de pleats oer dêr't no de soan fan de famylje mei syn húshâlding buorket. De Syl makket der in bocht, dat der is wetter oan meardere kanten. It is in prachtich (skriuw)plak.


Hoe let joust dy del, en wat is dyn lêste gedachte?

Jûn wol ik earder as oars út 'e wei. Der komme noch in dikke 114 kilometer. Ik hoopje foar moarn op krekt sa'n moaie rinnersdei as hjoed en op it moetsjen fan dan mar leafst twa skriuwers.

Op de efterlitten kaart foar Ytsje steane beammen en in fontein yn pointillistyske stil. Efterop stiet de haikû dy’t boppenoan dit ferslach stiet.



(faaks wurde der op in letter momint noch foto's oan dit blog tafoege)

08-05-2013

Earste dei ... fan Ljouwert nei Sleat


SMS’kes fan Tryntsje nei Ruurdtsje:



Ljouwert! 07.00 oere

Boazum! 10.31 oere

Snits! 12.27 oere mei sop by it Bolwurk

Drylts! 14.13 oere

Wâldsein! 16.39 oere, de skuon net úthân, gjin blierren!

Spannenburg! 16.48 oere

Sleat! 18.36 oere, úttsjekt en no ûnder de brûs!


 

Hoe let bist moarns ôfset (by de start wei)?

De wekker skille hjir yn Ealahuzen om 04.45, mar ik wie al earder wekker mei in gedicht yn ’e holle. Om 05.15 wie ik yn Sleat. Ik koe mei de twadde bus en wie al om 06.20 yn Ljouwert. It waard doe ljocht.


Hokker waar hiest by de start, en feroare dat ûnder it rinnen ek?

It bleau de hiele dei moai waar, al waard de loft middeis wat fet. Hoed op, in ekstra bloeske oan en faak ynsmard, want it baarde der yn. Ik gloei noch. Nei’t ik oer de finish wie foel der in sêft buike. It rûzerke út it easten op ’e middei wie hearlik, dat joech in ympuls foar de lange einen op ’e romte fan de earste dei.

Wat is dy opfallen ûnderweis?           

It wie in prachtige dei. It begûn goed, al om 07.05 kaam ik Tjipke Bloemhof tsjin, de PR-man fan Sint Jabik, sjonger yn tal fan koaren, ynsprekker op in cd fan my en no ferkearsregeler.  Dernei moete ik him noch trije kear.

Ik ha yn it begjin oprûn mei in Friezinne om útens, nei in tal kilometers die bliken dat har man de ‘stêdsdichter’ fan Dronten is. Fierder ha ik geregeld in stik kuiere mei Rob Faltin, dy’t yn alle stêden op syn trompet in Frysk fers hearre liet. 

Tryntsje moetet Rob Faltin

De measte stikken ha ik allinne rûn en genoaten fan de maitiid. By Weidum learde in prachtich Frysk hynder har foaltsje it draven.  Meardere swannen sieten op it nêst en der wie ek in hielendal swarte swannefamylje.  De natoer is dit jier in pear wiken letter as gewoanlik, mar yn Snits bloeide de Spirea geweldich moai. By de Swette del steane moaie âlde beammen.

Underweis frege in aardige frou oft ik ferlet hie fan in sâlt koekje. Sy en har man gongen fierder, maar wachten my letter op. Se tochten dat se my koenen. Dat bliek te klopjen: fan de Muzykmaraton yn Lollum, mei de opbringst foar Tadzjikistan, in lân yn Sintraal-Azië. Ik bin no bypraat oer it hjoeddeistich biologysk molkebedriuw mei in 70 kij dy’t harsels melke litte troch in robot. Sadwaande koenen dizze minsken in hiele dei kuierje.

Wat wie in ‘poëzy-momintsje’ ûnderweis?

Dy bestienen hjoed foaral út poëtyske printsjes. Sa sprutsen de ferweesde brievebussen my bot oan, mar ek it driuwende hout yn it wetter by de moune fan Drylts. 
  
                                                                    Driuwend hout by Drylts

                         
By wa skoosto oan foar in miel en hokker relaasje ha dizze persoanen mei de skriuwerij?

Ik hie fan ’e moarn al brea iten by Jan en Marja Schotanus yn Easterwierrum, dy’t der in soad wurk fan makke ha: mei oankundigingen oer my op ’e dyk, musicalmuzyk út in echte speaker (Kabaret, troch har oerset) en in itenstafel, kompleet mei boeken en blommen. It brochje bestie út in hearlike omelet mei champignons, griente, in broadsje en twa bakjes kofje. It smakke út ’e keunst.
Jan is bestjoerslid fan It Skriuwersboun. Hy en syn frou binne drok mei oerset-, skriuw-, skoal- enharkboekwurk yn it Frysk en yn de oersettaal. Op dit stuit wurkje sy oan De Reade Bwarre. Fierder steane der noch skiednisprojekten en in berneboek fan de Travelliers op stapel.
Ik ha dêr in haikû efterlitten op in kaart fan Willem Anthoni Oeps (1904-1988), dy’t ík net koe, mar Marja wol.

reizgje yn tinzen
fiere tochten al ôflein
stiloan no lichter

                     Marja Schotanus hat it moarnsbrochje klear

Wêr silst it jûnsmiel nuttigje?

Ik yt en sliep hjoed wer by ús mem, dus op itselde adres as juster, mar moarn sliep ik by in skriuwster en toanielwurkoersetster!

Hoe let joust dy del, en wat is dyn lêste gedachte?

Dat ik my ek no net fersliepe wol. De bus giet 6.15 út Warkum nei Sleat. Ik reizgje dus hieltyd earst werom mei de bus foardat ik begjin te rinnen. Moarn is de etappe fan Sleat nei Warkum, en dy is 44.91 km. lang.
Oant moarn!





07-05-2013

De rinreis. 6 maaie, fan moandei op tiisdei

 

 Fraachpetear op ̓e dei foar de rintocht
(alle dagen sille beskate fragen op ̓e nij oan bod komme)


Tryntsje giet op ̓e dei foar de Alvestêderintocht nei har mem, omdat sy dat plak as honk keazen hat foar de rintocht.

Hoe let bist fan hûs ôfset ?

Moandeitejûn bin ik nei ús mem Rinkje van der Veer-Franckena ôfreizge. Sy wennet yn Ealahuzen, in doarpke oan de súdkant fan de Fluezen. Ik sil dan moarnier nei Sleat, om dêr om 05.45 oere de bus te nimmen nei Ljouwert. Dan stiet myn wein dêr alfêst, want dy moat ik letter noch brûke. It wurdt de earste en langste etappe. Oerdei ha ik noch oan it wurk west en thús de brot ris goed skift. Wat moat al en wat net mei? Oer de klean foar moarn bin ik noch net út. Der wurdt sprutsen oer mooglik in bui mei hagelstiennen yn ’e neimiddei, mar it sil ek waarm wurde. Soenen in ponsjo en in lytse paraplu genôch wêze of bin ik dochs in reinjas nedich? Fansels ha ik toch te folle mei, mar hawar. Ik bin te werkennen oan myn hoed!

Hokker waar hast oan de foarjûn?

In moaie foarjiersjûn mei rêstich waar.

Wat is dy opfallen ûnderweis?

It is altyd wer thúskommen yn de Súdwêsthoeke mei de romte en it wetter. It sêfte grien dat no krekt útsprút en it blau fan ’e loft. 

Wie der ek in poëzy-momintsje ûnderweis?

De sinne-ûndergong oer de mar wie prachtich. By de Lange Hoeke, op ’e grins fan de Hegemermar en de Fluezen, ha ik efkes parkeard om in foto te meitsjen. Dêr leit it eardere tsjerkhôf fan Ealahuzen ûnder it wetter.

Oer krekt dat plak skreau ik in pear jier ferlien as part fan in gedicht:
‘dy’t der no op weagen it silen leare - en op ’e golfslach troch eilannen brutsen - op hûs oan lavearje - dêr’t it sjongt oer ’t tsjerkhôf - heger sylt nei myn ûnthâld - yn wolken dyn byld - wetter jout brea - somtiden in lichem - dan rommet de wyn’.

Myn berteplak Nijegea H.O.N. is yn 1966 omdope ta Ealahuzen, want der wiene trije plakken Nijegea yn Fryslân. Spitigernôch hat it net folle holpen, want doe gong ús feesttinte nei Enkhuizen. Letter kaam de postkoade. Dochs fyn ik Ealahuzen in moaie namme, it doarpke is skoan en ik hâld der graach ta.

By wa skoosto oan foar in miel en hokker relaasje hat dizze persoan mei de skriuwerij?

Ik útfanhûzje hjoed noch by ús mem (82 jier). Us heit wie altyd oan it skriuwen, dat ús mem wit wat it is om dermei te libjen. Sels skriuwt sy graach brieven, ek yn it Frysk en yn in moai hânskrift. Sy komt fan Molkwar en wy ha der as bern altyd niget oan hân hoe as se der prate (lykas it wurd barn). Myn mem lêst in soad, ek Fryske boeken. Sy hellet dy by de bibliobus. Fierder helpt myn mem har Hollânske buorfrou Frysk te learen en oerheart sy har hûswurk. Jûn hat sy sels ynbelle op de DichterBy-tillefoan fan Tresoar, neffens de ynstruksjes út it doarpskrantsje om sa it doarpsgedicht te hearen (slagge) en wy ha it noch hân oer ús doarpfers. Tige gesellich.

Wêrút bestiet it miel iten? En wêr sliepste?

            Ik hie by my thús al iten, mar mem hie noch lekkere kofje mei wat derby.
Sliepe sil ik aanst yn it keamerke dêr’t ik ek lei doe’t ik 17-18 jier wie. Lekker fris en fertroud.

Hoe let joust dy del, en wat is dyn lêste gedachte?

It is al te let en de lêste gedachte is foar aanst en dy is wier privee.
Mar fansels hoopje ik my net te fersliepen. Oft dat slagget witte wy moarnier.
Sels myn mem hat de wekker set!


Yndie hat Tryntsje har net ferslept. De earste melding wie fan ̓e moarn om tsien oere hinne, sy hie doe

ûnderweis krekt bôle mei aai opdien yn Easterwierrum. Dêroer letter mear!

06-05-2013

Tariedings literêre Alvestêderintocht


Moandei 6 maaie


Moarn is it safier; de Alvestêderintocht fan 2013 mei de start om 07.00 oere yn Ljouwert. Tryntsje van der Veer, dichteres en mei-organisator fan it Literêr Sirkwy,
is der klear foar. Alle dagen wurdt der sa’n 40 oant 50 km. rûn. It soe geweldich wêze dat der safolle mooglik dichters en skriuwers meirûnen, dy’t út en troch ho hâlde om sels in fers of ferhaal foar te lêzen, of harren foarlêze te litten troch skriuwers dy’t net meidogge, mar de rinners al efkes stypje wolle mei in moaie tekst. Elts is wolkom om dat te dwaan.

Om yn foarm te bliuwen bringt Tryntsje alle dagen in besite oan in Frysk dichter of skriuwer om de ynwindige minsk te fersterkjen mei in goed miel en in noflik petear. Foar eltse gasthear of –frou sil se ûnderweis in passend presintsje meitsje yn foarm fan in hyt-fan-̓e-pinne-haiku. Wilens it miel wurdt der uteraard praat oer it earder wurk en de nijste projekten fan de skriuwers. Binne jo benijd?
Folgje dan de kommende wike dit weblog, dêr’t de reis alle dagen beskreaun wurdt.

Tryntsje van der Veer skriuwt oer de wrâld om har hinne. It tema  ̀binnen en bûten’ komt hieltiden mear nei foaren. It giet oer oergongen, it oerflak, it trochbrekken en de ûntjouwing dernei. Oer it eigene en it oare, it sichtbere en it ûnsichtbere en de syktocht ûnderweis.
Der steane twa bondels mei cd op har namme: Binnentún (2009) en Fan binnen út, ier foarjier – From within, early spring (2011). Ouke Kooistra en Rob du Jardin wurken oan dizze cd's mei (foto’s, muzyk). Sy wurket as psychiater-psychoterapeut en coach yn Noard-Nederlân en Utert.

Wa’t Tryntsje persoanlik in tekst foarlêze wol, kin de deis tefoaren in e-mail stjoere (mei syn tillefoannûmer en it plak fan moeting) nei ruurdtsje61@gmail.com.
Ik sil it tillefoannûmer dan trochstjoere nei Tryntsje en dy nimt dan ûnderweis sels kontakt mei jo op om troch te jaan wannear’t sy op it plak fan de moeting oankomt. Foar wa't har net ken; dit is se:


Tryntsje van der Veer


En no der mar plat foar ...Moarn mear!