20-10-2013

it each fan de dei










Hjir yn dit neiboude kabinet
fynt men it andert net
Margaretha MacLeod-Zelle, frêle frou
briek de bân fan houlikstrou.

It libben wie har molke sûnder rjemme,
man en bern waarden tûkelteammen.
Yn har holle libbe in sierlike fantasy:
se folge de rôp fan in sinlike melody.

De loaitsen fan manlju dy’t kringe woene
troch de walen dy’t dochs wol falle soene,
folgen de “Danse de Feu” fan de Yndyske sinne.
Mei koe it Each fan de dei har sege begjinne.

De sjoernalisten ferhunen har dânskeunst,
en by offisiersfroulju wekke hja oergeunst.
Sy paste net yn it byntliif fan in troude frou
want mei har namme naam se it net sa nau.

Yn de hoeken fan in seal hingje no har jûpen.
Dêryn fielde se de manljuseagen glûpen
nei it sedich nedzje om de hals.
Of wie de hytte fan har fel faaks falsk?

De muorren fan de seal bin’ klaaid mei frouljusfel
by de tatoeaazjes slachst de eagen del:
om de nâle en wier... ek boppe de naad!
Men rekke doe der grif troch fan de kaart.

Der leit in boek mei artikels út de krante
en it flierkleed mei fuotstappen, elegante
paskes yn yngewikkeld patroan beweefd.
Ea hat se hjir sierlik oer hinne sweefd.

In fleske lodderein earne yn in kastke
in bûsdoekje mei monogram noch yn it taske
de tiara en boarstkûmkes binne fûn
yn Ingelân en no werom op Fryske grûn.

Yn de oarloch waard se in dûbelspionne
Dútsers en Frânsen brûkten Gryt as pionne
en hoe’t se ek bearde fan neat te witten
se hawwe har dêrom stjerre litten. 

Yn dizze seal hinget oeral in ljochte swime
fan Mata Hari har lêste hime,
dy’t troch gewearskûgels omkomme moast
tolve stiks, rjochte op it bedutsen boarst.

Yn in fitrine leit noch in brief oan Non,
har famke, dat se efterliet op in stasjon.
‘Zoo een rotzak’ skreau Non der letter ûnderoan.
No beide fan doe, fan leafde net bedoarn. 





2003.

15-09-2013

Mien der schaap


Tink net dat ynwenners fan Nederlân bûten Fryslân net ynteressarre wêze soene yn de Fryske taal. Sa is der in dichter, Erik Lelieveld, dy’t al jierren yn de besnijïng is fan it wurd ‘skiep’.
It woe der ynearsten mar net by him yn dat it wurd likegoed by it iental as by it meartal  deselde ferskiningsfoarm hie. 




Op Facebook hat er it wurd werom fûn by it wurd mienskip:

 “skiep!!

maar die heb ik wel onthouwe hoor!
dat is schaap

even kijke hoor? Wat type je nou?

dy’t net witte oft it no ’minskiep’ of ’mienskiep’ is..........

okeeeeeeeeeee......
oke..
kan ik wel chocola van maken hoor!
dyt net is nattuurlijk lijkt net
oft ni is alsof het geen
’minskiep’ of ’mienskiep’
hmmmmmmzzzz??
mijn schaap of Tante Mien der schaap is??
Zoiets he??

skiep!
skiep weet ik wel
heb ik van jou geleeerd!

Wel raar is dat al die mensen staan te juichen dat het Tante Miens schaap is
.”




23-06-2013

Goudbekbyldferhaal





Ut de keuken fan de skriuwersarke wei sjoch ik in fûgeltsje sitten op it fytsehokje.








Hy sjongt moai, hieltyd op itselde plak.








Sit er no te brieden, of rêst er efkes?






Boppe Rink syn slyptaffeltsje, lofts, dêr sit er, yn it hoekje.







    




Nei in dei of tsien wurd ik wol hiel benijd. Mem is hieltyd faker fuort. Sil ik? Efkes in stoel derûnder sette...






En ja hear, de kopkes witte heech en de snaffeltsjes yn it wiidst iepen.





Efkes fluch in pear foto's meitsje en dan fluks wer fuort, foardat mem werom komt!



20-06-2013

Wer thús

Neist it jeugdboek hat myn ferbliuw ien fers oplevere





Kraab en tyk


Wol ik dosinten stypje, op de Alp d'Huez?
Wêr kin ik dy namme ek alwer fan? In alp
is in berch, mar ik sit hjir oan de petgatten, in test
foar wiken sûnder komfort en regelmjittich in gjalp
fan ôfgriis: it libben guod komt yn kloften op my ta
en wa’t ek delkomt, it makket neat út, se moatte my ha.

Yn Drachten drintelje trije famkes op ’e merke
sy sjitte minsken oan; wolle jo, en ja, wikselje kin wol
yn it sintrum ynienen belutsenheid bemerke
mei slimsike minsken, bytiid in lichem fol
de kraab slacht ta, soms neat mear oan te dwaan
it kariljon stipet de fraach om royaal jild te jaan.

In tyk byt ta, it bistje klammet de kaken yn it blanke fel
fêst oan in lekker sappich stikje fleis fan ’t kút
hy graaft him yn, de wyn en bôle komme by him del
hy lit my net wer los, as wie it syn lêste leafdestút.
In minibiter nei ieren en sinnen op jacht:
dat er de tentakels mar net yn myn ynderlik slacht!





De Feanhoop, juny 2013

19-06-2013

Putsjemannen foar driuwende mankeminten socht




Ja, hear. Hjoed wer twa frjemde mantsjes op it hiem hân. Dizze hienen gjin griene, mar brûn-bêzje-eftige klean oan. Sy woene witte oft it arkje wol rjocht yn it wetter lei. Dat moasten se ôfmjitte troch op it each nei it wetteroerflak te sjen. At dat yn in rjochte line mei it hout fan it arkje wie, soe it wol goed wêze. No tink ik by mysels, hea, jonges, dat hie ik jimme ek wol troch in tillefoantsje fertelle kind. At de pinnen my hjir fan ’e tafel ôfrûgelje, is it yn de war. Mar nee hear. Se komme yn eigen persoan twa man sterk del en freegje fuort ek efkes wa’t jo binne en oft je al wat skreaun hawwe. Dat hat oars neat mei de wetterpas te krijen, soe’k tinke. Mar goed, de teller stiet dêrmei dus op tolve man yn 18 dagen, wêrfan’t der fiif faker as ien kear west binne. No kinst dy ôffreegje oftst dy dêroan steure moatst. Dêr falt oer te redendielen. Oan de iene kant moatte jo der wurdearring foar hawwe dat der sa’n omtinken is foar it arkje, oan de oare kant haw ik al lûden heard fan minsken dy’t hjir wol seis wike sitten hawwe en dêr't nea besite fan alderhande ûnderhâldsmannen of hokfoar putsjemannen dan ek west is. Allinnich de moandeitemoarnskofjedrinkersploech, dy is fêst en dêr wurde jo op tiid fan tefoaren fan op ’e hichte steld. 



De dei is noch net om, dus it sil my nij dwaan oft der noch mear wurklju komme. Ik tink dat it hast ek tiid wurdt foar it kontrolearjen fan de elektryske betriedding. By it wetter is der ommers gau kâns op korroazje. En soe de stjonkdobbe fan it húske ek net hast fol sitte? Moatte der noch beammen omseage wurde? Kin noch krekt, foardat ik hjir wei gean...






18-06-2013

Waarme fisk


Hjoed dan einlings, op de op ien nei lêste dei hjirre, in waarme dei. Dy waard dan ek sa’n bytsje hielendal tegearre mei myn studintedochter bûten op de feranda fan it arkje trochbrocht. Wat in hearlike dei. Wis, moarns hawwe wy earst wurke oan it boek en de tentamens, mar middeis hiene wy frij krigen fan ússels. By gebrek oan in bikini mar âlderwetsk yn ûnderguod. Der is dochs nimmen dy’t ús hjir sjocht. Wûnder boppe wûnder net folle lêst hân fan miggeguod. Soest ferwachtsje dat se fûler wêze soene. Miskien komt dat jûn noch. Us famke hat hjir twa nachten slept en hie oeral nevebulten. Ik noait ien. My wolle se net hawwe, want ik haw in te dikke hûd, tinkt myn dochter. Dat kin, mar se woe ek net ruilje mei myn tikebyt. Dy byt skynt sa’t it him no oansjen lit, gjin gefolgen t hawwen. Kinst noch wol in plakje sjen, mar gjin ringen of ferkleurings.
De fisken springe hjir om ’e raak yn it wetter om. Hoe waarmer it wurdt, hoe mear at se springe. Ik moast hieltyd tinke oan it boppesteande fers dat ik ris skreau oer opspringende fisken.
No sitte hjir gjin salms yn it wetter, mar wol bleien, tink ik. Wy hawwe yn elts gefal in silverkleurige grutte fisk springen sjoen.

Moarn wurdt de lêste dei yn it arkje. Tongersdei pak ik yn, meitsje ik de boel oan kant en dan sit it der op. Us famke ferwurde it presys goed doe’t se fan
’e middei opmurk:
“Nuver hin, mem, fielst dy hjir fuort thús.”
It sil aanst wol raar wêze om hjir wei te gean yn de wittenskip datst drekst net wer komme silste.

17-06-2013

Smook en sigeunerinnen




Hjoed begûn de dei mei in swiere damp oer it petgat. It like oft der in tekken fan smook oerhinne lei. Moai om sa de dei te begjinnen; as rôlet de nacht steatlik in tek ôf.
Letter op de dei, doe’t de sinne wrachtich skynde en it wetter stil en helder wie, ha’k in snoek sjoen; hiel stil lei er te wachtsjen op fiskjes. Hy hie sa’n moaie skutkleur, dat it lang duorre foardat ik yn ’e gaten hie dat ik nei in snóek seach. En sa’t ik dêr in skoftsje nei him stie te sjen, foel it my op dat jeien dus soms ek in kwestje is fan hielendal gjin aksje ûndernimme. Of teminste, sa liket it. Ik haw syn eagen net sjoen. It nuvere is, át er dan aksje ûndernommen wurdt, kinst it sa gau net folgje. Sjochst allinne mar wetter opspatten en hearst it klotsen fan it slaan mei de sturt en fuort is er.
Dat ik de snoek net faak sjoen haw, sil grif wat mei in kâlde waar út te stean hawwe. Hoe moaier it waar, hoe warberder de fiskjes binne. En dat jildt ek foar de stekmiggen. Dus ja, der is altiten wol wat mei de natoer.






Soms oerkomt de natoer dy ek op in hiel oare manier. Saterdei krige ik besite fan in hiele ploech sigeunerinnen. Ik seach op en der rûgelen samar fjouwer, fiif, seis, fyftjin sigeunerfroulju út de auto. Tekkens, kessens en sels hiele matrassen kamen út stationcarren en drekst waarden der territoaria ôffrede; de iene woe hjir lizze en de oare woe en soe dêre. Der waard in tinte opset en de nachtjurken waarden útspraat oer luchtbêden. Doe’t se dat dien hiene, tôgen se allegear pannen en skealen mei iten nei binnen. Der wie gûlas- en grientesop, broadsjes, in panne makaroany, hertige en swiete taarten, cupcakes, puddingtaarten, toastjes en spul foar op ’e toastjes, neigesetsjes en wit net wat al. No kamen de klapstuoltsjes út de wein en hie ik hjir bûten samar in fjirtjin sigeunerinnen yn in rûntsje sitten. Ien wie der dy’t de lech al út hie foardat it feest begûn, dy foel op in útspraat matras yn sliep.
Man, man, wat koenen dy sigeunerinnen frette, sûpe en smoke. En prate fansels, de sigeunergitaarmuzyk foel der hielendal by wei. De helte fan dy froulju
moast har wer melde by de baas en setten úteinlik om in oere as trije nachts hinne ôf, de oare helte hat him yn it sêfte, wite dûns deljûn. Wat wie it in gesellige jûn! En krekt op tiid, want ik hie skjin myn nocht fan it libben guod dat allinnich mar kweaket, fluitet of gûnzet.


Durkje wie wat in aparte sigeunerin. Dy woe net op 'e groepsfoto.



15-06-2013

In nêst en hyt kontakt




No, wy binne derút hear.
Justermiddei krieg ik in hiel aardige man fan It Fryske Gea oan de tillefoan, dy’t tasei dat der ien fan de KPN komme soe. De man belle sels in hoartsje letter dat er om 15.15 oere ûnderweis wie nei it arkje en dat er mei in heal oere by my wêze soe, en wêr wie it krekt? O, dreech te finen? Flachjes oan ’e beammen? Nee, dan soe er it wol fine.
No moast ik sels noch om boadskip want ik soe de oare deis in soad besite krije. Mar oer in heal oerke koe de ûnderhâldsman der wêze, en dan hie er omtrint in oerke wurk moatst rekkenje, dat it soe allegearre noch maklik kinne moatte foar seizen. Nei in heal oere naam ik dus posysje yn oan de kant fan de wei, want ik tocht:
“Dy keardel moat ik hjir no stadichoan al efkes hawwe blinder. Hieltyd tjirge oer de behyplike ferbining, no moat ik der ek foar stean. Hy sil my net ûntkomme.”

Mar al wa’t ek kaam, gjin KPN’er. Ik haw de beammen om hûs hinne teld, ik bin de fûgelnestkastkes neigien (it binne der yndie acht) en ik haw in nêst fûn yn de daksgoate fan it fytsehokje. Der sit in fûgeltsje op te brieden dat net fuortgiet, ek net atst tichtby komst. T’en lêsten ha’k de biezem pakt en it om ‘e doar oanfage. Mar al hoefolle weinen oft de dyk ek del fleagen, yn de fierste fierte gjin KPN.
Ik hie de mobile tillefoan foar de wissichheid mar yn de bûse stutsen, want at dy minsken ûnferhoeds net komme koene, dan soenen se fêst wol efkes belje, dochs? Ik hâlde my yn, mar hoe langer’t duorre, hoe mear’t ik my ynwindich opwûn. Op ’t lêst wie it twa en in heal oere letter, doe krige ik tillefoan fan it KPN-haadkantoar. Der wie in haastputsje tusken kommen, dat sadwaande.
No, ik sei: “Hie jo wurknimmer dan net efkes lûd jaan kind? Ik wachtsje al oeren op him.”
Ja, wêrom’t dat net bard wie koe er my net útlizze, mar de man kaam der nó oan.

Yndie, op freedtejûn om kertier nei seizen ha’k it mantsje opheind. It bliek net deselde te wêzen dy’t der de middeis oer in heal oerke wêze soe, mar in hiel oarenien, dy’t fan neat wist. Dizze wie noch mar krekt troch it haadkantoar oppipe.
Dit mantsje koe ik dus ek ûnmooglik it mannewaar opsizze. Boppedat, it wie sa’n oanfallich jong fintsje, selde leeftyd as ús famke. By in sinaske fertelde er dat er graach wat byfertsjinne yn oeroerentiid om’t er nei in mislearre relaasje ferhúzje soe. Dat ik fielde my efkes mear helpferliener as klant. By eintsjebeslút hat er de saak dochs flot foarinoar makke en my boppedat yn syn eigen tiid folslein útlis jûn oer wat der allegear wol net loas wie mei de ferbining:
dy wie bitiden te hyt west.

No, no wist ik sels fansels wol dat ik aardich tarattelje kin op myn toetseboerd, mar dat it mei safolle fjoer barde, nee, dêr hie’k gjin aan fan.



“Ja” sei it jonkje, “en dan moatte jo it jo sa foarstelle; de kontaktpuntsjes binne brutsen, en at se waarm wurde, geane se efkes wer nei inoar ta en dan, at it té hyt wurdt, geane se wer los fan inoar, en dan binne jo de ferbining kwyt. En dan kin’t wol oeren duorje foardat de saak oant safier ôfkuolle is dat jo wer fierder kinne.”
 Tsja. Ik bin wol mear ferbinings kwyt dizze wiken, mar dy oanslutings sil ik sels wol mei rêde moatte. Ik hoopje de temperatuer dan al yn ’e hân hâlde te kinnen.
O, en ik haw de earste húsmich deamept.


14-06-2013

At de dei him omkeart

 
De kondysje bliuwt hjir goed op peil, want it waait de lêste dagen as in orkaan en ik fyts oeral hinne want ik haw hjir gjin auto. Dat ik kin mar better ekonomysk ynkeapje, want eat ferjitte betsjut net dat jin dan noch hurd efkes nei de winkel kinne. Dus mei boadskippelistkes wurkje.
Fan ’e moarn, en ek juster al, seach ik sa’n fiif meter fan my ôf in ielreager fiskjen by it arkje. Prachtich, hoe’t dy grutte bisten opstige kinne. En it jout oan dat der flink fisk sit. Dat is ek sa, want by moai waar sjochst de fiskjes gewoan swimmen. De snoek hat him noch net wer sjen litten, mar ja, wat wolle jo ek, mei al dat folk om ’e doar. Hoewol’t it waar him dus net fan de moaiste kant sjen lit, bliuwt it hjir prachtich, mei al dy moaie loften boppe it wetter. Jûns is it krekt in omkearde wrâld; dan liket it wetter fan it petgat ljocht en de loft wurdt dan just hieltyd dûnkerder. Krekt of draait de dei him om.
It mei hjir dan hurd waaie, mar de wyn rûst dêrtroch hearlik troch de beammen. Dat is foar my wier in sliepmiddel. Juster op bêd, doe’t it sa hurd reinde, hearde ik oant de oare kant fan it sket njonken my it wetter fan de reinwetterspiip yn it petgat plûnzjen. Krekt sa ast yn guon tunen wol in fontein hast, sa klittere it.
Ik kin my bêst yntinke dat it hjir by it hjerst ek goed tahâlden is.

Fan ‘e moarn hurd wurke oan it berneboek. At it in bytsje meisit, wurdt de earste, rûge ferzje berne op ‘e Feanhoop.
En, wat fyn ik fan it skriuwen foar bern? No, dat is noch net iens sa maklik. Neist it plot, dat taspitst wêze moat op de ûnderfining fan hoe’t bern it belibje (jonges, famkes?), moat ek it taalgebrûk passe by de leeftydsgroep dy’tst foar de eagen haste. En dêrneist is it skriuwen yn it Hollânsk hiel oars as yn it Frysk. Hieltyd is der de kar foar it Fryske wurd; hokker brûkst, it maklike, gongbere wurd of it wurd dat krekt fan tichter by de bedoeling fan de auteur leit, mar dat net sa bekend is?
Ik bin der al foar warskôge dat ik net te ‘maklik’ hoech te skriuwen; bern folje drege wurden faak sels wol mei in betsjutting yn en de kontekst helpt dêr fansels ek by. Sa lêst yn prinsipe sels ek in frjemde taal. Hast it wurdboek der faak net by, allinne at in wurd hieltyd weromkomt en do kinst der mar net efterkomme wat it betsjut, pakst it wurdboek derby.
It sil my nij dwaan hoe’t it aanst lêzen wurde sil. Spitigernôch ha’k krekt net in soad muoikesizzers yn de leeftydsgroep fan 8-10 jier, dus mar efkes sjen hoe’t it útprobeare wurde sil.

Fan ’e middei tusken twa en fjouwer oere, nee, tusken fjouwer en seis oere, of dochs net, it wurdt dochs sneon of moandei, komt der immen fan de KPN del foar it ynternet, want dat hearde hieltyd gjin útfallen te hawwen. Dat wie oars noait sa. Moandeitemiddei dan mar?
“No nee,” sei ik, “dan bin ik al hast wer yn Boerum. Kin’t echt net wat hurder?”
Se soene harren bêst dwaan. Dan wurdt it dochs mar freedtemiddei tusken twa en fjouwer oere, binne jo dan wol op it hiem, frou?
Ik wol hear, en ik haw twa flachjes oan de beammen by de wei spikere. In Fryske en in Nederlânske. Net te missen.
Ha’k aanst alwer in mantsje op it hiem, heare.





13-06-2013

Libje sûnder kommunikaasjemiddels

 


Yn it arkje is yntusken alle ferbining mei de bûtenwrâld útfallen. De Wifi-ferbining slacht hielendal net mear oan, dus der is gjin ynternet mear, noch tillefoan. Yntusken wie myn prepaidtegoed ek oprekke. En doe stoarme en reine it fannacht dat it sta sei, dat ik wie aardich op mysels oanwiisd, juster en hjoed. Ik fûn dat dochs wol in aaklik idee, nammerstemear om’t der juster alwer samar twa frjemde manlju op it hiem stiene. Ien fan It Gea en in plysjeman. De earste koe him legitimearje, de twadde hie ‘it paske yn de auto te lizzen’.
Hoe dan ek, fan plysje skrikke je dochs altiten wat. It hiet dat se op kontrôlerûnte wiene.
“Wat kontrolearje jo dan krekt?” frege ik. No ja, no ja, no ja, der koe hjir ek wolris wat frjemd folk by it arkje omslaan. Sy hiene in auto by de wei lâns parkeard stean sjoen, en woene efkes witte oft dy persoan hjir wol wêze mocht.


Tafallich hie ik krekt besite fan in pear hiel âlde minskjes, en dy seagen al sa ferheard. Moasten sy kontrolearre wurde? Nei noch wat hinne en wer praten (ik haw de mannen nét oer it brechje litten) binne se wer ôfstutsen. Nuver spul, tocht ik letter noch. Op it kantoar fan it Fryske Gea sille se dochs wol witte dat it arkje distiid beset is?
Men soe tinke dat sa’n kontrôle jo in gefoel fan feiligens jaan kin, mar om iene of oare reden wurket dat by my krekt oarsom. Ik haw leaver dat se my mei rêst litte.
Hawar, sadwaande sit ik dit blog no yn de bibleteek fan Drachten yn te tikjen, want dêr wurket de Wifi wol, sûnder wachtwurd. De kommende dagen bin ik drok mei fan alles en noch wat, dus at de ferbinings yn it arkje net ynoarder makke wurde, sil der net alle dagen in weblogdeiboek byhâlden wurde kinne. Dat leit dan bûten myn macht, mar it spyt my wol, want ik meitsje hjir genôch mei.


 

Neiberjocht


Tiisdei 11 juny





It wie moandei in rêstige dei. Moarns koe ik goed foarút mei de skriuwerij. Middeis foel it ynternet oant let yn de jûn wer út yn it arkje. Ik skyn ek tillefoan hân te hawwen, mar omdat dy op deselde line sit, koe ik dy ek net ûntfange. Dus nei in oere of fjouwer wurke te hawwen oan it berneboek, bin ik it moaie waar mar yngien. Om in oere of trije hinne wie it echt moai. Ik haw efkes op fyts nei de Poi west, want ik sil woansdei besite krije. Der sitte hjir dan nei alle gedachten in lytse twa hûndert jier oan libbenserfaring, hooplik moai bûten op de houten stuoltsjes. Ik ferwachtsje dat it praat gean sil oer it ferline en ik sis jim ta de earen goed iepen te hâlden. Eartiids stjitte it my wat ôf; ik moast net safolle fan âlde minsken hawwe. Ik tink dat dat kaam omdat dy minsken my wat te ticht by de dea wiene. Mar no tink ik dêr hiel oars oer.
Dat is kommen op de Fryske Akademy. Dêr haw ik tidens myn staazjeperioade in skoft transkribearje moatten. Dat is it omsetten fan sprutsen taal (fan lûdsopnamen) nei skreaune taal. Doe learde ik nei âlde minsken lútsterjen; wat se seinen en hóe’t se it seinen. At se ek noch mar in bytsje skerp wiene, slach der no ek mar ris acht op, dan hiene se mei hiel ekonomyske taal, d.w.s. to-the-pointe taal, hiel nijsgjirrige ferhalen. Boppedat hearst dan faak noch in foarm fan it Frysk dy’tst no net mear hearste. At ik no dus mei âldere minsken praat, harkje ik goed nei harren. Fansels besykje se earst alderhande kwaaltsjes oan dy kwyt te wurden, mar ast it geduld haste, of do bist handich yn it omsilen dêrfan, dan kinst se sa op it spoar bringe dêr’tst se op hawwe wolste. Is efkes in kwestje fan dy de technyk oanleare.




10-06-2013

Flecht op 'e koai




Seis manlju ha’k hjoed op it hiem hân. Seis mar leafst! En myn eigen't wie der net iens by. Wat dogge al dy manlju hjir? No, de earste wie in sollisitant. It Fryske Gea hat in oantal frijwilligers yn tsjinst, en sa no en dan meldt him dêr dan ien foar oan. Dy hoecht net nei it kantoar fan It Gea yn Earnewâld foar in serieus petear, nee, dat kin wol efkes ûnder kofjedrinkerstiid foar de seleksjekommisje yn it arkje. Dat der stiet moarns betiid al in man foar de doar fan bekant 2 meter, skuonmaat 48, en freget oft er deryn mei. No ja, op goed fertrouwen dan mar.
In hoartsje letter komme de twa fêste frijwilligers deroan, de iene is húswarder fan it arkje en de oare hat ferstân fan elektrysk, wat goed útkomt, want der binne pitten
dêr’t ik net bykin stikken boppe it oanrjocht.
Dan komt er in mantsje oanskarreljen dy’t kenlik net rjocht yn oarder is, want at syn maten freegje hoe’t it mei him is, hat er it ‘oan de poat’. De lofter dan, hin. Sy witte net wat it is en se kinne der ek net efterkomme. Dúdlik in gefaltsje fan wy witte net hoe’t it komt.
Op it lêst stapt de baas fan it spul (de offisjele wurknimmer fan It Gea) der noch yn en dan kin de sollisitaasjeproseduere mar begjinne. De potinsjele kandidaat fertelt wat oer himsels en wurdt op grûn fan syn uterlik oannommen. Nei de kofje mei er fuort mei it fjild yn. Dat wiene der fiif. Iterstiid komme twa fan dy mannen werom, om binnen ek harren brochje noch efkes te konsumearjen. Nee, kofje derby hoegde net; sy hiene alles by har, oan de sûpe en de apels ta, dy’t se netsjes yn har lege bôlepûden skylden. De radio hoecht om harren net oan, se prate leaver efkes.

No, tocht ik, no ha’k it wol hân hjoed, fan skriuwen komt dochs earst neat, ik gean efkes te fytsen. It wie kâld, mar dat binne wy sa stadich wol wend. Ik hâlde it aardich út.
Goed twa oeren letter, om healwei seizen, fytste ik it hiem wer op, dêr't ynienen in man mei in fierkiker efter in dikke beam weikaam. Ik skrok my hast dea.
“Ho” seit dy man, “jo moatte net skrikke hear, ik bin it mar.”
“En wa meie jo dan wol wêze” frege ik. Ik hie noch net besletten oft ik in lilke of in skrokken toan oanheffe soe.
No, hy wie de man fan de fûgelwacht, sei er, en joech my de hân.
Ik naam dy al oan, mar tocht by mysels “Kinst my wol mear fertelle maat, ik kin net lêze wat der op dyn truike stiet.”
Hy fertelde dat hjir op it hiem 8 nêstkastkes sieten, en dat er dy allegear besjen moast. Ik seach him ris op en del oan en sei: “Klimme jo dan yn al dy beammen?”
No nee, nee, hy hie in leider by him, mar dy hie er al oprûme yn de wein. Ik hie dy wein al by de wei stean sjoen, en tocht der it mines fan. Sa’n caddy past dochs net in leider yn? Ik bleau him it foardiel fan de twifel gunnen, mar neidat er my in heal oere oan ’e praat hâlden hie oer in fûgel dy’t er net teplak krije koe (wie it no in blokfinkje of oarswat?), haw ik my mei goed fatsoen weromlutsen yn de arke.
It waard noch mâlder; ik die de jas en de skuon út, woe nei it húske en soe mei it iten oan ’e gong, doe’t er ynienen oan de doar stie. Hy hie it fûn, sei er; it wie in heidehipper!
“Dat bisto ek, baas,” tocht ik by mysels. “hoe soe hjir yn it fean no in heidefûgel sitte.”
No, dêrnei ha’k him wier ôfpoeierje moatten. Hy bedoelde it fêst goed, mar ik hie myn bekomst fan al dy manlju. En fan nestkastkes. En fan it teutsjen. Jou my de protter mar, dy’ t moai foar it keukenrút yn de daksgoate fan it fytsehokje sit te brieden. Dat is in wiifke, wol’k leauwe, en aardich rêstiger.




Hichtepunt fan de dei: ûnderweis te fytsen seach ik in swannemem mei fiif grize, dûnsbollige jongen.
Djiptepunt fan de dei: de kjeld. Hooplik wurdt it de rest fan ’e wike wat oangenamer!




09-06-2013

...aap út de mouwe ...

 


It wie noflik dat ik juster in radio-cd-spilerke fan thús krieg, sa koe ik dochs it libben bûten de Feanhoop noch in bytsje folgje. Ek kamen De Telegraaf, Trouw en Het Friesch Dagblad mei. Dy haw ik fansels noch net allegearre lêzen, mar dat komt fan ’e wike noch wol ris. Oars soe ik fan ’e moarn miskien noch de fyts pakt hawwe om nei tsjerke ta, mar ik hie my digitaal wat ynformearje litten. Der sit wol ien yn in plakje hjir earne, en dan is Bottenbley der fansels noch, yn Drachten, mar de iene is my te swier op ’e hân en de oare duorret my te lang. Trije kertier lofprizings en dan trije kertier preek mei flink wat p.r. der efteroan, dat wurdt my tefolle fan it goede. Boppedat leit it mei it tempo fan sjongen by beide tsjerken ek krekt net goed. De lêste kear dat ik by Bottenbley wie, koe ik de songen wurden sa fluch net út de mûle krije, en leau my mar, dat seit wat. Dat neam ik ek gjin sjongen mar ôfraffeljen, en om dat te kompensearjen moast de tekst wol fiif kear efterinoar werhelle wurde. No, doch my dan mar ien kear, en dan goed. Sa, dat wie myn ferlechje dus. 




Ja, en wat dogge jo dan? Dan geane jo it ferkearde paad op, sille guon wol sizze. Dat ha’k ek keurich dien; ik bin nei de bioskoop west. Star Trek: Into Darkness, kin it tapasliker? It wie in supermoaie film trouwens, ik bin gek op SF, dus ik hie dit programma fan ’e wike al stikem úttocht. Uteinlik haw ik de preek op dizze manier ek wol meikrigen, leau ik. Yn elts gefal waard de skarlún dy’t hast alle geboaden oertrêde, straft en kaam it op ’e ein allegear goed.
Ynstee fan pipermuntsjes hjoed dus popkorn.

Ha’k wol frede mei. "It follet wol, mar stoppet net", soe ús heit wol sizze. Dus no earst mar wat iten klearmeitsje. 



08-06-2013

Bûs- en oare doekjes



Nei in enervearjende jûn yn kafee Wouters yn Ljouwert wie it de oare deis wer betiid dei yn it arkje. Wat snotterich kaam ik fan bêd, en dat bleau de hiele dei sa. Lit ús dat dan drekst mar as it djiptepunt fan de dei beneame, dan hawwe wy dat mar hân.
Mar dêr liet ik it fansels net by sitte. Nei wat skriftlike arbeid mei no noch de goede stavering teach ik op nei Drachten, dêr’t hjoed de Peije Dei wêze soe. It wie kâld op ’e fyts, ik kin net oars sizze. In grou fest en in dikke, trochstikke bodywaarmer deroer hinne oan, mar noch waaide de wyn my troch alles hinne. Ienris yn Drachten waard it gelokkich al gau better waar.
Ik haw myn elektrysken oan ’e earste beste beam fêstklonken. No sis ik dat wol efkes hiel hurd, mar it hat wol in kertier duorre. Earst hie ik it fytskofferke alhiel mei it lytse koperen hingslot ôfsluten, doe’t ik derefter kaam dat it grutte kettingslot noch yn it kofferke siet. Dat de boel mar wer iepen, tassen oan it stjoer en it kettingslot derút. Ik wie op ’t lêst net yn Boerum. Ik hie dus sa’n grou fytsket meinommen, en dêr koe’k it net rjocht mei fine. It ding woe mar net op slot. En dêr wie er oars al foar. Dat ik griemde der wat mei om en om, en dat waard der net better op doe’t ik fernaam hoe’t twa wurknimmers fan de ‘Handy-man’winkel my spytgnyskjend stiene op te nimmen. Oan de oare kant de wei siet in brassband fan goed tweintich man dy’t skoft hiene. Dus ik siet tusken twa fjurren yn. Mar dea guod wurdt gjin baas, dus ik haw it opret en krekt dien oft ik net seach hoe’t sy seagen. 



No is Drachten ek in doarp, mar oan de winkeljende froulju te sjen dy’t dêr omrinne, wol it ek wol in stêd wêze. De iene al moaier (lês: neakener) oanklaaid as de oare. En de manlju, no wat sil ik sizze. By de measten spanden de boesgroentsjes om ’e lea en stienen se heal iepen. Ik haw seker fiif mannen sjoen dy’t mei de mûle iepen stiene te stoareagjen nei de búkdansereskes mei tinne doekjes dy’t dûnsen ûnder de kapel dy't yn it sintrum stiet. Eins hie ik fan dy miggefangers in foto meitsje moatten ynstee fan de búkdanseressen, want no sitte der aanst thús fêst ek wer in stik of wat foar de pc te stoareagjen mei de mûle iepen.
Hichtepunt fan de dei wiene der oer it algemien hiel aardige optredens yn Drachten; muzyk
, teater, stille bylden en kabaret. Moaie dei. Ik sis: it meast fruchtber kwa mooglike ynspiraasje.




07-06-2013

Fan taal dy't ik brûk en in dikke snoek


Fan ’e moarn gie it goed mei it skriuwen en oersetten. It ferhaal is noch net hielendal ôf, want ik moat noch efkes oer de ein neitinke. Dat komt grif wol goed, mar it lit him net ôftwinge. Dan is moai om it begjin fan it boek alfêst oersette te kinnen, want dan bliuwst moai yn de sfear en bist goed dwaande. It wurdt in boek foar bern fan 10-12 jier. De taal dy’t ik brûk, is net dreech, mar ik besykje wol om flot Frysk te skriuwen. Ik tink net dat bern der in wurdboek by nedich hawwe sille. Dat is teminste it stribjen. Oft it ea útjûn wurde sil troch in útjouwer, doar ik net te sizzen. At dy kâns der net ynsit, publisearje ik  it faaks yn eigen behear. It doel is wol der yllustraasjes bykomme sille, tekene troch myn suster.

Ik krige omtrint alve oere hinne ûnferwachts in prater. Dat sit deryn, as men jins werfarren op it ynternet set. In pypskoftsje mei wat drinken kaam goed út, mar it wie in echte prater en nei in oere ofsa woe ik ek wol wer graach fierder mei it skriuwwurk; ik siet der goed yn. Middeis soe myn man efkes delkomme, dy’t wykeins in soad wurket, om nei in goed miel wer ôf te setten. En jûns woe ik nei Ljouwert, nei de gearkomst oer de staverkadavers, Hollânsk-oermânskdâns, wurdferbouwings, oer-’t-mad-beslissings en soksoarte saken. Dat myn dei soe wol wer fol wurde.

Djiptepunt: My is dúdlik wurden dat de Wifi yn it arkje op it einpunt fan de ferbining sit en geregelwei útfalt, mei hieltyd langere skoften liket it wol. Dus at der in dei oerslein wurdt yn it arkjedeiboek, witte jimme wat nei alle gedachten de oarsaak is.
 
Dit is in nep-foto, de snoek fan it arkje koe'k sa gau net op 'e foto trappearje

 Hichtepunt fan de dei wie dat ik in snoek yn it wetter sjoen haw! De ferhalen deroer giene al om foardat ik hjir wie. Hoewol’t ik hieltyd nei him útsjoen hie, koe ik mei gjin mooglikheid in grutte fisk ûntdekke. Wol in soad lytskes. Oft dit no de ferneamde fadersnoek is, doar ik net te sizzen; hie is likernôch sa grut as in klompe. Mar hie skeat ûnder it arkje, dus hy wennet hjir al. No wit ik teminste seker dat it snoekeferhaal gjin mearke is!


06-06-2013

Nei de byt

-->



Ik sil mar ris begjinne mei it djiptepunt hjoed; dat wie fan ’e moarn nei it dûsen de ûntdekking fan in tyk op it lofterkût. Ik woe der earst net oan, want ik hie my juster ynsmard mei guod (autan), mar dat hat dus net holpen. No bin ik oars net in bangbroek, mar sokke bisten ha’k in hekel oan. Men kin der nuver siik fan wurde. En at ik no de hiele dei bûten yn de natoer omstrúnde wie it wat oars, mar ik rin hjir wat om ’e doar en bin wat te fytsen, oars eins net. Fan no ôf dochs mar in kear faker kontrolearje dus. Ik haw him der mei in nuddel útwrot, want in pinset koe ik hjir net fine en hie ik ek net meinommen fan hûs. Hooplik ha’k him der mei kop en sturt úthelle! Ik gean hjoed op fyts nei Drachten, dan moat ik dêr mar efkes sjen om in fleske alkohol en in puntige pinset. 



Wat my no opfoel by it lêzen yn it ‘arkjefotoboek’ dat hjir leit (yn twa dielen mar leafst), is dat guon skriuwers harren foarnimme deis ‘safolle wurden’  te skriuwen; 400, 500, 1000 … Dat se harren limyt helje moat in hichtepunt wêze, fansels. It kin net oars as dat moatte proazaskriuwers wêze. Bûten dat, freegje ik my as dichter ôf; hoe kin men perfoarst in fêst tal wurden deis skriuwe? By my wurket it sa net. Se komme, of se komme net. No fernim ik wol dat, mei it skriuwen fan dit berneboek, proazaskriuwen flotter giet as dichtsjen, mar likegoed bliuwt it proazaskriuwen ek wolris stykjen, bygelyks as ik efkes net wit hoe’t it fierder sil mei it ferhaal. Ik bedoel mar; leit it plot dan al klear foar minsken dy’t deis in fêst oantal wurden helje wolle?
Omdat ik der te min ûnderfining mei haw, haw ik mysels in bepaalde skriuwtiid oplein, bygelyks deis safolle oeren. En dan hoege jo net te tinken oan acht oeren deis hear. Sa wurket it skriuwen net, teminste, net by my. En ik krij der ek tige sinne oan iten fan.
Aldergeloks wurdt der fan de skriuwers dy’t yn it arkje ferbliuwe, net in publikaasje ferwachte. Moai dat it bart, mar it is gjin eask. Sels al soe it hielendal neat opsmite, dan noch kin it plakje op in oare manier in positive bydrage leverje, sa as bygelyks rêst yn ’ e holle. Dochs priuw ik út de ferhalen wol dat de measten wol ta skriuwen komme. Ik ek. It kin samar wêze, dat der aanst ynienen in tikefers útrûgelet. It sit der oan te kommen, ik fiel it!

Hichtepunt fan de dei: Yn Drachten krige ik in Volkskrant fan in ynnimmende jongfeint. Fansels moast ik der dus ek in minút as wat foar útlûke om syn abonneminteferkeappraatsje oan te hearren. No ja, en omdat ik juster dochs mei gjin minsk praat hie, koene wy dy diskusje wol efkes hawwe. Ik moat sizze; hy hat syn uterste bêst dien. In abonnemint koe er spitigernoch net oan my slite, mar hy en ik laken beide doe’t wy wer útinoar giene. Dat is ek wat wurdich, no?
It wie trouwens net in ûnkreas fintsje.