11-11-2012

Alle dagen binne wer oars





No’t de stúdzje ôfrûne is, falt der in reade see foar my iepen. Wis, ik sjoch om nei betelle wurk, mar dat skynt op dit stuit in yllúzje te wêzen. Net dat ik dêr lest fan haw, oeh deule nee. Yntusken haw ik alwer ien holpen te ferhúzjen, húshâldlike putsjes dien dy’t allang dien west moatten hiene, striklinten oan de doarpshûsskelken naaid, tûzen boesgroenen strutsen en 50 pakketsjes mei snobbersguod klearmakke foar Sint Marten.
Fan ‘e wike kaam der in skoansuster del dy’t der in hiele fytstocht foar oer hân hie om hjir te kommen. Doe’t se deryn kaam frege se mei in suver benaud gesicht oft it wol paste foar de tee. Skynber haw ik my de lêste tiid nochal wat ôfsluten. Dat benaude fan har, dat wie wol in teken oan de wand, net? De sosjale kontakten ûnderhâlde, dêr bin ik noch nea goed yn west. Ik wol wol goed, mar it slagget my mar net om maklik ta de doar út. En wês no earlik; eltse kear at jo earne komme skept dat al hast ferplichtings. Of jo moatte de lju, dêr’t jo by op besite west hawwe, útnoegje om ‘ it ris wer op te heljen’, of se helje jo oer om earne oan mei te wurkjen, eat foar se te dwaan of, yn it slimste gefal, sit te nimmen yn it bestjoer fan de feriening dêr’t jo op dat stuit te gast binne.  Ik haw dus hâlden en kearen om my te hanthavenjen yn it ‘normale’ libben. Dit efkes ta ynformaasje fan dyjingen dy’ t tinke dat ik no ‘yn in gat fallen bin’.
Net dus, mar mei skriuwen hawwe dizze nije tiidsomstannichheden ek noch net folle te krijen.

Geen opmerkingen: