05-10-2012

By elts spul giet it om de pot



It is net te leauwen dat de provinsje twa wichtige Fryske literatuerprizen ôfskaffe wol, de Obe Postma oersetpriis en de Fedde Schurer (fak- en publyks)priis foar debutanten. En wêrom eins? Is it tefolle gedoch om der sjuery’s foar te finen, of tiid en plak te finen foar de útrikking fan dy prizen? Of moat der foar de kommende jierren alfêst in breed ferskaat oan ferantwurde kultuerprizen yn it bidboek 2018 komme te stean? In rekkensom leart ús dat it de provinsje Fryslân ynearsten net om in tekoart oan beskikber prizejild giet.
Ut myn skripsje hat wol bliken dien dat de measte Fryske auteurs ek net skriuwe foar de opbringsten fan harren skriuwwurk, dat is langer in yllúzje. De eare en de erkenning foar it wurk, dêr giet it auteurs benammen noch om.
Ik kin begripe dat de provinsje ek oare keunst- en kultuerúteringen stypje wol troch dêr prizen foar yn te stellen. Mar soe it dan net logysker wêze om de prizepot sa’t dy der no is, evenredich te ferdielen tusken de besteande literatuer- en kultuerúteringen en de nije? Wêrom prizen fuortsnije? Moat it wat lykje, dy iene grutte jildpriis foar Fryske literatuer? En moat dêrom in goede en nuttige tradysje ferbrutsen wurde? Krekt as soenen de oerset- en debutantepriis gjin doel mear hawwe. Just wol, en just nó wol, soe ik sizze, yn dizze tiid dat wy wer opkomme moatte foar it Frysk as taal (ik tink bygelyks oan it ôfbroazeljen fan de selstannige stúdzje Frysk oan de universiteit fan Grins). Literêre prizen binne no krekt oantruningen foar oersetters en nije skriuwers en dichters om foar it ljocht te kommen mei harren wurk. Wat bliuwt er oars noch foar reden oer? Altruisme foar it skreaune Frysk oer? Dan wurdt der wol hiel wat frege fan auteurs. It is mei auteurs krekt sa as mei alle oare minskebern: der moat wat tusken stean yn it spul, oars is der neat oan. 




Geen opmerkingen: