23-06-12

Oan ‘e bak




Ja, der bart in soad op ’t heden. Oan de RuG, mei de stúdzje Frysk dy’t kwalitatyf faai driget komme te stean, it filologekongres by de Fryske Akademy dat tige nijsgjirrich wie, it Oeralfestival dêr’t ik oars graach wat fan sjen wollen hie, nije boekepublikaasjes, en gean sa mar wat troch. Ik kin my der spitigernôch op ’t heden net al te bot oan steure, omdat ik tangele bin mei de finale fan de masterskripsje Fryske Taal en Kultuer. Miskien binne Janneke (Spoelstra) en ik wol de lêsten fan de Mohikaner masterstudinten Frysk. Wa wit. Sa’t it no liket kin dat bêst. En dan moat it ús ek noch meisitte, want as ik de skripsje net foar augustus ôfkrij en takom jier ynienen as ‘langstudearder’oanmurken wurd, dan is it ferhaal wol út. Want ik ferrek it om 3000 boete betelje te moatten omdat wilens de wedstriid de spulregels feroare binne. En dan te betinken dat wy alle jierren it kolleezjejild foar dizze stúdzje, dy’t wy doe-des-tiids yn dieltyd folgje woene, út eigen bûse betellen. Dus neat gjin stúdzjefinansjearring foar ús. Yn dat gefal hie’k my der noch wat by foarstelle kind. No net. Dus, jo begripe, ik moat hurd oan de bak, en ik lit it (kulturele) libben mar efkes oan my foarby gean.

Geen opmerkingen: