31-12-11

Krystnachttsjinst mei beppe




Lang net dien: meisong yn in koar. Mar mei it wabberjende masterbelied fan de stúdzje Fryske Taal en Kultuer omtrint de ynrjochting fan dyselde stúdzje oan de RuG yn de rêch hie ik der sinne oan en ferset de sinnen efkes. By ús, yn ús lytse, mar och sa warbere doarpke, is it wenst om sa omtrint oktober hinne in ‘gelegenheidskoarke’ op te rjochtsjen, dat wat lieten ynstudearret foar de Kryst. It is dan mar ôfwachtsjen yn hokker fan de tsjerketsjinsten it koarke oantrede mei, want der binne hiel wat tsjinsten om de Kryst hinne. Mar ien tsjinst is altiten favoryt; dy yn de âlde herfoarme tsjerke op ‘e hichte middenyn it doarp. Dy tsjerke hat noch koperen lampen (ssst, net fierder fertelle, soks is rôversguod) mei echte kearsen deryn, dy’t yn de krystnachttjinst baarne. At it hurd waait bûten, kin men der mar better net ûnder sitte. Yn dy tsjinst dus, mochten wy ús lieten dus heare litte. No siet dat allegear wol snor, dêr sil ik it fierder net oer hawwe. Wy songen it Dútske Kredo en Gloria as klysters.
Mar dêr’t ik al wat huverich foar wie wie de dûmny. Ik hie yn it tsjerkebledsje al lêzen dat er fan Urk kaam.

Der siet in soad jeugd yn de tsjerke, mar de âlderein wie fansels ek goed fertsjinwurdige. Sels ús mem wie der. Dy rint tsjin de tachtich, mar wol net mear nei tsjerke, want ‘ik haw fan myn libben al genôch út it Boek heard’ seit se. Dat meast bliuwt it âld minske gewoan thús. Dêr hat se gjin tsjerketillefoan, want se heart ‘leaver nei de fûgeltsjes, dy hawwe presys itselde praat as de dûmny, mar dan yn in oare taal’. Diskear kaam se om nei my te harkjen. Net nei it koar, nee, nei mý. Sokke memmen binne goud.

Doe’t ik sa út it koar wei nei har seach ûnder de preek fan de Urker dûmny, foel it my op dat se de holle wat skeef nei de pakesizzer njonken har hâlde, krekt as wie se mei him yn petear. Mar har lippen ferweegden net. Lústere sy nei Kees? Mar Kees sei ek neat, dy seach de oare kant út. Frjemd.

Letter, nei de tsjinst, thús oan de reade wyn, sei se dat se it skande fûn dat de gemeente sa’n drege Urker dûmny oanhelle hie, krekt no’t der safolle jeugd yn tsjerke siet. ‘In miste kâns’, fûn se. Ik wie it glûpend mei har iens, mar lei út dat ús gemeente gjin fêste dûmny hat, en dus mar genoegen nimme moat mei wat er krije kin op sa’n jûne.
‘No ja, sei ús mem, ‘safolle ha’k der ek net fan meikrigen. Nei de earste fiif minuten hie ik it wol besjoen. Ik seach dat Kees eardopkes yn de earen hie. Ik tocht: “dy jonge kin it net mear oanhearre.” Ik eins ek net. Doe haw mar efkes in eardopke fan him liend. Hy lofts in eardopke yn, en ik ien oan myn rjochterear. Der kaam allegear muzyk út. Dat fûn ik noch wol sa moai, dat dy ha’k der de rest fan de preek mar moai ynhâlden.’


Geen opmerkingen: