Ruurdtsjes Kidelkollum


Hertlik wolkom by dizze Fryske blogger.
Jahaa, der wurdt wat ôfblogge troch dit frommis. Dat wie de bedoeling eins net, dit soe in side wurde mei heechsteande poëzy (fan mysels, fansels), en oare nijsgjirrige literêre produkten. Mar wêr draait it op út? Jawis, op babbelegûchjes oer Boerum, bern dy't puberje en bargebiterij. Oft dat slim is? Dat meie jo bepale.
Ik skriuw.


dinsdag, november 02, 2010

De grutte Jo







Jo, jo binne de grutte Jo,
mei ljocht lang burd en sinlike lippen.
Wêrnei smachtsje Jo?

De fioel begjint te fideljen, it oargel spilet dûnker.
In jonkje blaast him de wangen stikken en de lippen soer.
Foar him oer stiet in man yn in swart streekjesjak.

Tsjin droege kalk stiet in bosk swurden yn ‘e herne, krúst,
yn rêst en rust, de tastân fan no efkes ho.
In foarbyld foar de leavjende sedekeunst.

Of fjochtsje Jo allinne mei wurden? Boeken en lampen
yn de oare hoeke. Sis, kinne Jo sels net út de rie komme?
Ik soe sizze: folgje de kleare leafde fan it hert.

Ik ets Jo leaver yn ’t Latyn, mei drokke kriminele wurden,
dan kinne Jo je ferwar fiere by de swiete stien
fan it gelyk en sil ik Jo neffens de wet fan minder berjochtsje.

Dit is myn giele fonnis fan fertreasting:
Jo bliuwe in man, in grutte man,
mei in ljocht lang burd en sinlike lippen.



0 Comments:

Een reactie plaatsen

Links to this post:

Een link maken

<< Home