22-01-10

Lyts taalleske






Okkerdeis kaam Boate by my del. Boate docht dat út en troch. It is in âld freon fan ús heit, dy’t op ien of oare manier in swak foar my hat. Ik wit wol wêrom, hear. Hy hat eartiids in famke hân, dat oan leukemy ferstoarn is. Sy hie itselde fleurige oer har as my, sei er wol ris. Ik wit dat net, ik koe har net. At er soks sei fielde ik my altiten wat nuver, in bytsje skuldich hast, as koe ik der wat oan dwaan dat ik libbe en hja net. Mar Boate prate noait sa lang oer har. Hy stoarre efkes nei bûten en gie dan fierder mei wat er oan it dwaan wie. Of hy prate fierder.
Boate is in Harkyt.
Wy net, wy komme wol út de Wâlden, mar fan sêftere plakken. Ik haw wolris tocht dat wy de Hillbillies fan de Wâlden binne. Wy mei ús grutte gesin wienen altiten dyjingen dêr’t nei wiisd waard at der op skoalle in luzepleach útbrutsen wie. Of at der wer ris fruit stellen wie út de finsterbanken fan de klasse. Dat fruit namen de skoalbern mei foar it skoft, mar der miste altiten wol in apel of in par, en dan waard der nei ús sjoen. Wy seagen spikerhurd werom.
Hawar, it gie oer Boate. Boate mei syn smout praat. Boate fertelde by in bakje kofje dat er lesten op ‘e klaai west wie, by in pear maten fan it leger. Ut en troch, at er dêr dochs yn de buert wie, stuts er efkes oan en dan hienen se it oer froeger fansels. ‘Mar ja,’ sei Boate, ‘sy binne dêre sa serieus , hin. En sa kalm at se bliuwe. Soest tinke, sjitte dy minsken wolris út de slof?’
‘No,’ hie syn maat tsjin him sein, ‘de holle wurdt ús net sa gau oranje as by jimme út de Wâlden, Boate! Wy binne net sa’n driftich en opljeppen folkje. Wy skelle net sa gau en wy hâlde meast ek de hannen thús.
En át wy se brûke, dan leit der gjin ark yn.’
Dêrmei seach er mei in skean eachje nei Boate, want dêr wie wol fan bekend dat er eartiids gau mei de fûsten en soks klear stie. Boate wie hiel bêst, mar moast him net in mis wurd sizze, want dat koe samar ferkeard falle. Wat syn maat him sei, wie eins ek al gefaarlik.
Mar Boate wie gjin achttjin mear. Hy lake ris nei syn maat en sei:
‘Jonge, bêste maat, dat leit him net oan ús, hear. Dat wurdt ús mei de brijleppel ynjûn op skoalle. Hawwe jimme it alfabet dan net leard? It heucht my noch bêst. It gie fan: aap-noat-mes.
En at wy moarns wekker waarden hie ús heit noch foar it hinnefuorjen op earst al in healoere yn it hok stien te slypjen, alle moarnen.
No, en dan litte jo it risseltaat út en troch ek efkes sjen, net?’
Dat wie syn maat flot mei him iens.


Geen opmerkingen: