31-12-2008

It giet oan! Moarn!




Yn Boerum sil dit jier de alfde Nijjiersdûk wêze. In flink tal minsken wolle it nije jier mei in frisse dûk begjinne.
Elts jier komme der mear dielnimmers en ek it besikerstal waakset oan. Diskear dogge der dielnimmers fan World Servants út Dokkum, Damwâld, de Westerein en Surhuzum mei om troch dizze sponseraksje jild te garjen foar har projekten. Unbewende, mar drystmoedige springers foar it goede doel.
De organisaasje fan Boerum fynt it geweldich dat safolle jonge minsken harren yn it nije jier op in positive manier ynsette wolle foar frijwilligerswurk.

De Nijjiersdûk is al jierren in grut barren yn Boerum. Bewenners fan it doarp en út de omkriten nimme graach de gelegenheid te baat om inoarren in lokkich Nijjier ta te winskjen. De kofje, sûkelarjemolke en snert binne dan net oan te slepen foar it tûzenkoppich publyk.

Op tongersdei 1 jannewaris 2009 om persys 12.00 middeis sil Joop Atsma (lid fan de Twadde Keamer foar it CDA) it startskot jaan foar de 11e Nijjiersdûk. Dit sil gebeure mei grut jûchhei fan it huverjend tasjend publyk. Mei dit froastich waar rekkenje wy op moaie aksjefoto’s.

Moarns om alve oere hinne hat it dûktiim ‘Triton’ fan Kollum de Boerumer haven al op feiligens ûndersocht. It tiim sil der ek tafersjoch op hâlde dat har er nei de Nijjiersdûk gjin achterbliuwers yn it kâlde wetter befine.
Foar de feilichheid op ‘e dyk hat de gemeente Kollumerlân dranghikken beskikber steld. Der binne EHBO-lju oanwêzich, mar dielnimmen bart fansels op eigen risiko.
De muzikale bydrage is as fan âlds fan eigen boaiem; shantykoar ‘Haven yn Sicht’ fan Boerum. In dikke tritich sjongers en muzikanten sille mei harren fleurige en harmonieuze ferskes de springers moed ynsjonge.

De organisaasje dy’t bestiet út de famylje Poortinga, Jetze Haarsma en Willem de Boer. Mei in grutte frijwilligersploech wurdt gearwurke om der wer in hiel festyn fan te meitsjen.
De organisaasje riedt de dappere dûkers oan om frij fan alkohol by de haven ‘De Dwinger’ oan de Mearpeal te ferskinen, sadat se fris en feilich oan it nije jier begjinne kinne. Oan de Nijjiersdûk fan Boerum waard dit jier foar it earst it predikaat ‘Serieuze Dûk’ takend troch de grutte sponser Unoks.
Foar eltse dielnimmer is der in smaaklike attinsje beskikber.
Oant moarn!



Alles op in rychje:

lokaasje:
de Boerumer haven ‘de Dwinger’, adres: de Meerpaal

datum en tiid:
Nijjiersdei middeis om 12.00 oere persys

tal dielnimmers:
skat boppe de 100 (dit wie noch foar de froast)

oanmelde:
in oere foar it begjin by de organisaasje oan ‘e haven

starter:
Joop Atsma

dûktiim:
Triton út Kollum, om 11.00 oere hinne

muzikale meiwurking:
Shantykoar “Haven yn Sicht”




30-12-2008

Sânkerrels





It is der net mear.
It gloep fuort as sân en woartele net,
útsein yn neare nachten
as de salvepot der oan te pas komt.

De salve wurdt op de foarholle strutsen,
earst yn in krúske en dêrnei útfeid.
Dan begjint it krús te praten:
Kom, omkefaam, kom

noch net.
Dêr kin ik net op sliepe.
It blomket yn myn dreamen
en alle moarnen fei ik wurden út.












22-12-2008

de sweefanger







yn it tsjuster lizze hûs
en hiem, de greiden
yn it boek fan dagen

fiele
net witte

fan hiel te libjen
hoe dea te gean

tichter op it libben
fierder fuorttikke

in wier minsk
neaken
wynt de tiid op

Obe Postma kin ek útnaaie!
oer in oar
as himsels stinne

it ferskil
fine
yn tadwaan en tajaan