30-07-2008

103




Sy sliept. Sa djip en fêst dat
flústerjen, neamen en lûd útsetten
net telt. De keamer azemt rook fan
wiete waskhantsjes. Ik fyn it skouder
op de taast en moat de broazelige bonkjes aaie.

De nachtpronkrêch fertoant in skuor.
Har jurk hinget oer in stoel en as ik wiis
lûkt sy as andert it nachtguod omheech,
de panty foarby, har skonken prikstokken
dêr’t it fine gaas omhinne spookje moat.

Sy bazet lûd, biedt my har kopke molke
oan en wriuwt mei beide hannen it wetter
út de eagen. Ik bin de ûnbekende besite
dy’t op snein oanwaaien komt. Wy kinne
inoar ferstean, mar fan it sprekken net.









14-07-2008

oarsom

It is hast safier dat ús Maaike op keamers sil. Dat wol sizze: at se útlotte wurdt by Windesheim yn Swol. Wy hawwe al fan alles yn de garaazje te stean: in wyt farve bêd sûnder matras (moat in nijen komme, se wol net boppe in oar syn swit hingje), in elektrysk itensierdersplaatsje, in taffeltsje mei twa stuollen, in bysettaffeltsje, bêdguod, diggelguod, ensf. De auto kin der alteast net mear by.

Wy hâlde har guont dingen wol foar, mar Maaike docht krekt har eigen dingen. It is suver oft se yn dizze leeftyd koarken yn de earen hawwe. Asto wat seist, dogge se krekt wat oars. Us mem waard dêr eartiids nei ferrin fan tiid aardich handich yn. Dy sei mei doel it ferkearde, dan dienen se krekt oarsom at sy sei.

Maaike kriget no sa stadichoan ek yn de gaten dat it libben wol oars wurdt at sy op keamers giet. Thúskomme út skoalle of fan it bybaantsje en dan moat it iten noch sean wurde. Sels ôfwaskje, gjin masine dêr't it yn weiset wurde kin. Gjin lekker bakje tee jûns foar de tillevysje, of sy moat it sels al meitsje. De boel skjinhâlde. Sels boadskip dwaan. Wy hawwe fan 'e wike ris mei ús beiden boadskip dien. Sy hie der gjin sinne oan, mar it moast in learmomint wurde, dat ik haw se gjin kar jûn. Sels moast se nei it Krúdfet en dêrnei by my melde yn de Poi. Doe is se derachter kommen. Ik haw har optelle litten wat sy tocht dat sy wyks nedich wie. Dêr skrok se fan, hahah.
Sy sil noch wolris mear skrikke.

Jûns rôp se Jopie, ús ûndogense kat, by har. Dy sil se aant ek wol misse, at se op harsels is. Jopie woe wol efkes mei har strinkje kralen boartsje. Se liet him ûnder de stuollen en tafels trochfleane oant se sels achter de pûst wie. Doe betocht se wat oars.
"Joop" sei se, "no moatsto presys dwaan wat ik sis.
Ik sil dy efkes hypnotisearje mei dit string kralen.
Do hoechst allinnich mar op te letten."

Joop die braaf wat him sein wie.
It kopke gie aloan hin en wer, de eachjes waarden swier.
"En no blaffe!" sei Maaike.
Moast miene dat er dat woe?