30-05-2008

Dy jeugd fan tsjinwurdich...




Us Joop wurdt folwoeksen.
Hy hat lesten al in wier manmoedige striid levere mei syn mem. De plokken hier stoden yn de rûnte. It wie in koart, mar fûlbannich gefjocht. Ik koe gjin winner oanwize. Sa hurd at se op inoar yn flein wienen, fleagen se ek wer út inoar. Minoes naaide út en Joop stie wat dûzelich mei de kop te skodzjen. Neffens my is Joop der op ‘t heden wat yn wei; hy wit net wêr’t syn belangen lizze.

Okkerjûns kaam ik yn it hok en hearde immen ôfgriislik skrânzjen. It friet der mar op ta. Ik sjen, want ús katten binne fatsoenlik opfied. Doe’t ik yn it healtsjuster einlings fokusse koe, seach ik dat der in stikelbarchje ta de kattebrokken siet. It bistke hie best honger, want it seach op noch om en haffele dat it in aard hie. Jopie siet der noch gjin twa meter fan ôf en joech gjin azem. ‘Blinder!’ sei ik tsjin Jopie, ‘bisto no in waakkat? Hjir hawwe wy neat oan hin?’ Mar Joop seach my oan as woe er sizze: ‘minske, wêr makkest dy drok om. Sjochst net dat it bistke honger hat? En kin it miaukje?! Hy moat ommers taslaan dêr’t it kin.’

Ja, tocht ik by mysels, dêr hat Joop fansels ek wol gelyk oan. Lit mar sitte dan. En ik draaide my om en gie werom yn ‘e hûs. Mar der sit in rút yn de doar en ik bleau stean om noch efkes fan it byld te genietsjen. Ik wie dochs de gastfrou, no?

De ychel hie genôch hân en strûsde nei de bûtendoar by Jopie del as stie er der hielendal net. Joop seach him net, dy siet yn it doarsgat nei bûten te sjen. Fol oandacht. Ik folge Jopies blik, en potferdoarje, dêr skarrele nóch in stikelbaarch om. It wiifke? Sy kaam der net yn, wat skrutener dan har mantsje tink. Joop spile foar portier, mar dan wol in passivenien.

Nuvere freonen hat dy jeugd fan tsjinwurdich.








Geen opmerkingen: