09-03-2008

By it Sint Anthonygastehûs



Ik stie yn de tún in reade
frou te wêzen op frouwedei
en lies gedichten foar froulju,
net te hurd, net te dreech.
De wyn op trochreis mocht se lije,
naam in snúfke taal en in eachje gers.

Ik spruts oer de frou.
Manlju tinke dat se maklik is
mar dat is sa net, se sizze
dat har tiennen te lang binne,
de holle te grut
en alles dêrtuskenyn, tsja.

Mar in frou fan formaat
is net te mjitten, sy giet
wêr’t se wol of sit stil
foar har út te stoarjen,
fersinst dy yn har ja

en amen is net it lêste wurd
mar in ynskiklik momint:
sy wikselet noch gjin moarne
foar de dei fan hjoed.
Dochs is der treast:
se tinke dat se har kinne.

De dames nikten dat it goed wie.
Harren hastige paadwizer
gidste se om in slangedin hinne.
De blauwe frou op de porsleinen faas
út de folder sloech ik
myn reade boa om ‘e skouders.







4 opmerkingen:

Anoniem zei

Ha Ruurdtsje, heb je dan eindelijk maar eens gelinkt, raar dat ik dat al niet veel eerder deed.
gr.

Anoniem zei

Moaie gedichten.
It snijt no is myn sichten
Trije wurdsjes soest kinne feroarje
Ik besykje dôchs net skoarje:
moarn
dôchs
gidske

Johannes Rozenga

Anoniem zei

Muis,

tige tank!



Johannes,

it kin neffens my ek wol sa't it der stiet (útsein miskien moarnE, mar dat is Wâldsjers). Lykwols sil ik myn gedachten nochris oer jo wurden gean litte.
Tankewol foar jo reaksje!

groetnis,

Ruurdtsje

Anoniem zei

Ja wier, in reade boa!

Groetnis fan Geartsje