23-02-2008

Yn Amsterdam













In skoftsje lyn kaam Jan oansetten mei in brief fan skoalle dat er dêr efkes hûndert euro pinne moast foar in ferplicht reiske nei Amsterdam. Dat wie my drekst al tsjin it krop, want de jonge hat noait wat op ‘e rekken, dus der falt neat te pinnen.
Dat soe dus betsjutte dat er kontant jild mei hawwe moast, of myn bankpaske. Dat lêste is net ferstannich, want dan moat de pinkoade der ek by. Jo moatte de kat net op it spek bine, no? Seker net by immen dy’t altiten jildkrapte hat. Kontant jild hoegden se dêr net op skoalle.
Dat ik haw mar hûndert euri op syn rekken set, dan koeder it der sels ôfhelje. Jan hie it oer in ‘pret’reiske, dus al te happich wie ik net.
Mar it moast al trochgean fansels, want neffens de skoalle soenen se by wichtige ICT-bedriuwen del, en dat wie frij wat wichtich foar harren oplieding. Dat ja, it moast al wêze.

Justerjûn kaam Jan mei de lêste bus werom. Hy hie de mobile tillefoan net meinommen, dus wy hienen fjouwer dagen neat fan him heard. Ik hie him foar de wissichheid noch mar efkes in pear sinten yn de bûse treaun, want je witte mar noait. Dy wienen skjin op, en ek hieder syn eigen bûsjild opmakke. Ja, Amsterdam, wat oars.
De ferhalen gienen fral oer it smoken fan weed en oer it feit dat der mar kwealik blanken yn Amsterdam wenje. Teminste, yn it part fan de stêd dêr’t Jan en konsorten sieten, in Stay-a-way hotel yn de buert fan de Daam ofsa. De jonges hienen mei syn seizen in keamer en der wienen sa’n tachtich man mei. Der wienen ek in stik as fjouwer dosinten by. Dy dienen itselde as de jongelju trouwens. Se hawwe op besite west by Microsoft, de KPN en op de hinnereis hawwe se it Mediapark yn Hilversum besocht.

Jan hie him besaud oer de jonges op syn keamer; oerdeis hellen se wat guod op út de kofjesjop, dat ferparten se yn harren keamer op ‘e tafel yn skyfkes en dan rekken se út hoe lang’t se der mei ta koenen en hoenear’t se dan wer om nij spul moasten.
Hiele pipen waarden der boud, sei Jan, en se seagen allegear sa wyt as spoeken.
‘Hasto dan net wat hân?’ frege ik Jan.
‘Ja, ja, ik haw de earste dei wat fan dy speeskeek dy’t op tafel stie hân, mar ik fernaam der net sa folle fan, dat ik haw it fierders mar gewurde litten, wy krigen dêr iten genôch.’ andere Jan.

Jan smookt net, dus dy hie mei oandacht de jonges wat besjoen. Se wienen wol by de tiid, sei Jan, mar neat te helder. Ast se wat fregest duorre it in ivichheid foardatst andert krigest. Mar sy hienen wol in soad wille. Hja begûnen earne oer te praten en hienen hiele ferhalen dêr’t in bûtensteander neat fan snappe soe, mar dy stiif stienen fan in hiel eigen logika.
‘No,’ sei Jan, en doe prate ik op it lêst ek mar wat mei.
Dat koe ik my alhiel wol foarstelle, want Jan hat sawiesa al in grutte fantasy. Op in stuit hienen him de jonges mei iepen mûlen oansjoen.
‘Hee, Jan, wat spul hasto hân,’ seinen se, ‘dat is bêst guod jonge! Dêr moatte wy ek wat fan hawwe, wêr hast dat wei?!’








Geen opmerkingen: