01-02-2008

Gedichtedei 2008





Ik hie besluten om net nei Ljouwert te gean, ik soe ek net krekt witte wat dêr te dwaan wie, útsein de alvestêdemaraton fan fersen. Hjir yn it noardeasten fan Fryslân binne net safolle steden, dus wat moast ik dêr no mei? Men koe it wat op ôfstân folgje tink. Hjir en dêr sil yn de bibleteken ek wol wat te dwaan west hawwe, mar net by ús yn de omkriten. Op nei Grins dus, in stêd dêr’t altiten wol wat op dit mêd te belibjen falt.

Ik wie der middeis om twa oere hinne, en koe nei 7 euro te beteljen drekst op de poëzyboat stappe. Op dy boat mar leafst twa stedsdichters; dy fan ferline jier, Ronald Ohlsen, en dy fan no, Rinse Sinkgraven. En dan wie der ek noch in histoarikus by, Beno Hofman. It waar hie him krekt efkes deljûn, dat wy fearen moai oer de Grinzer djipering. Ik moat ta myn spyt sizze dat de kliber minsken foar it grutste part út froulju bestie. Dat joech my reden om de pear oanwêzige manlju ris goed op te nimmen. It folchsume soart, of manlju mei in missy? Ien fan de trije wie útjouwer, hearde ik wol. Der koenen sa’n hûndert minsken op ‘e boat, mar der hawwe in sechstich west, raam ik. Mar it wie in moaie trip, de stedsdichters fetten harren taak serieus op en hienen by guont huzen, strjitten, gebouwen en eardere ynwenners beskate fersen. Ek nochal ris in sonnet, fral fan Ohlsen. Ik koe him noch net sa goed, mar ik mocht him wol hearren lije.

Nei de boat gienen wy op nei it Grinzer museum, foar de bekendmakking fan de prizen foar it bêste gedicht oer Russyske mearkes en legenden. It museum hat dêr op dit stuit in útstalling oer, en yn de mande mei de Poëzymaraton koe it moai kombinearre wurde. Ik siet dit jier net by de nominaasjes, mar myn mearke hie ek alhiel de ferkearde layout meikrigen, omdat myn pc doe krekt krepearre wie. No ja, en ik hie dus in mearke skreaun, net in fers óer in mearke.

Hoe dan ek, der rûgelen in pear ferneamde nammen út; ik leau dat Laura Demelza Bosma earst wie, André Degen wie twads en treds wie Vicky Vrancken (kin ik mis mei wêze). Moaie fersen, fertsjinne wûn. Der waard Drintske poëzy foarlêzen troch Suze Sanders. Dêr koe ik net rjocht byt op krije. Wol op ‘e taal, net op de fersen. Doe gie ynienen it mantsje stean dat it hiele skoft rêstich njonken my sitten hie: Rutger Kopland. Hy wie âld, hy moast no en dan efkes om wurden sykje, mar de poëzy mankearde neat oan. Hy sette útein mei it foarlêzen fan wurk dat er koartlyn, nei it slimme ûngelok skreaun hie. Dat wie neffens my kwalitatyf neat minder as syn eardere wurk. Ek hat er syn earste publisearre fers ea foarlêzen, in fers grûndearre op psalm 14. Hjirby murk er op dat dat fers der by dizze gelegenheid wol op troch koe, want it tema fan de dichtewedstriid fan de middei wie ommers ‘mearkes’.
De âld strider is der dus noch hielendal. Ik haw in bondel fan him koft.

T’en lesten hagele en wyndere ik jûns om acht oere nei de slútmanifestaasje yn it Grand Theatre, mei yn folchoarder fan opkommen: Marlies Somers, Vrouwkje Tuinman, Daniël Dee, muzyk fan Egbert Meyers, Driek van Wissen, Tsjêbbe Hettinga, Neeltje Maria Min, Rob Schouten en Ivo de Wijs. Presintaasje: Tjitse Hofman. De tagong wie € 7,50. Op Rob Schouten nei ha’k my mei gjinien ferfeeld, eltse dichter hie sa syn eigen sjarme.
Mar Tsjêbbe wie de bêste fansels.


Geen opmerkingen: