24-02-2008

boekefeest?






It programma fan it offisjele boekefeest justerjûn yn it Natuermuseum yn Ljouwert wie om mei ien wurd te sizzen: saai.

Kaam dat, sa’t myn selskip opmurk, omdat wy (ik bin 46) guont fan de jongsten wienen, dat ik it programma net bysûnder fûn? Die ienigen dy’t jonger wienen, wienen in stik as trije dramastudinten en de toanielspylster dy’t in stikje út Riek Landmans boekewikegeskink ‘Fammen fan Gaasterlân’ neispile.
De jûn begûn mei in wurd fan wolkom en dêrnei in stikje film oer it fakânsjekamp Sondel. Foar de âlderein yn de seal faaks in nijsgjirrich stikje feestelike nostalgy, mar ik fûn der neat oan. Ik koe it kamp net, hie der noch neat fan heard en it sei my ek neat. It stikje dat neispile waard út Landmans roman/detektive fûn ik ek net sa geweldich, omdat ik der net fan hâld om alfêst in foarpriuwke fan in ferhaal te krijen. Boppedat wie dat soartefan pleintsje yn it natuermuseum net bepaald waarm. Ik krige aloan mear it gefoel dat ik yn it tsjerke siet. Ik begûn sels al te gapjen. Dat koe ek wêze omdat der gjin skoft yn de jûn siet mei in hapke en in snapke, hear. Mar pipermunt hie ik ek net op rekkene.

Abe de Vries as útjouwer hat efkes oan it wurd west oer it boekewikegeskink, Riek Landman sels hat noch efkes in spontaan moai wurdsje dien, en der wie noch in stikje yndie close harmony muzyk. Die sjongers stienen ticht byinoar en hawwe it fêst waarmer hân as ik; ik bin der ferklomme. As ik witten hienen dat wy dêr sa’n skoft sitte moasten, dan hie’k de jas noait útdien en yn de hal hongen.
It dûnsjen neitiid fûn ik earlik sein in oanfluiting. In pearke as seis yn in rûntsje ferdwaalden yn de grutte romte en ik hie ek net it idee datst maklik meidwaan koest, it wie in soart fan folksdûnsjen en moast dy paskes mar krekt witte. Op himsels hat de organisaasje faaks syn bêst (en yn alle gefallen syn wurk) wol dien, mar it kaam net goed út de farve. It sloech net oan. Net by my yn elk gefal.

Dat wy binne neitiid noch efkes nei dy Scamele Ruter west. Dêr wie it programma yntusken ôfrûn, mar de afterparty wie in stik smûker en fral: waarmer. Net allinne kwa temperatuer.
Aldergeloks waard ik de hiele jûn beselskippe fan twa freonlike en hoflike kollega’s, en wy hawwe mei ús trijen ek noch in Grinslanner om útens teplak brocht.
Wat is Ljouwert eins moai by nacht.









Geen opmerkingen: