28-02-2008

Out of Boerum/ bed/ the question








Hea, hea, it is moai dat dy bern fakânsje hawwe, mar in wike is eins te koart. Krekt at se oer it punt hinne binne dat se har net mear ferfele, moatte se wer nei skoalle ta.
Jan bliuwt, as in echte ICT-er jûns sa lang mooglik warber en komt der moarns (soe ik sizze, mar ik kin better sizze: yn de rin fan de dei) sa let mooglik út. En dan moat ik him ek noch oantrune him wat op te knappen en wat te ûndernimmen.
Jan sit der net in tel mei. Hy nimt it libben sa’t it komt. Easy mem!
Fakânsjewurk hat er net, allinne syn saterdeisbaantsje. En dat is pas oan de ein fan de wike. Hy rint my net echt foar de fuotten, mar stelt wol hiele drege fragen.

‘Wêrom gean wy nea mei fakânsje nei it bûtenlân?’
‘Gean wy ek noch ris ferhúzjen, ik bin hast de ienige fan myn leeftyd dy’t noch nea ferhuze is.’
‘Wêrom hawwe katten sa’n bêst libbentsje en moatte wy altiten fan alles dwaan?’

Je wurde der wurch fan.
Us mem sei eartiids al: ‘moai dat se frij binne, mar ek moai at se wer nei skoalle kinne.’
Lykwols hie ik ek in tsjinfraach foar Jan:

‘Wêrom waskesto dy net ris om ‘e holle en dochst do dyn hier net efkes netsjes?’
‘Mem,’ seit Jan, ‘dat heart sa. Ik draach tsjinwurdich
de out-of-bed look.’



24-02-2008

boekefeest?






It programma fan it offisjele boekefeest justerjûn yn it Natuermuseum yn Ljouwert wie om mei ien wurd te sizzen: saai.

Kaam dat, sa’t myn selskip opmurk, omdat wy (ik bin 46) guont fan de jongsten wienen, dat ik it programma net bysûnder fûn? Die ienigen dy’t jonger wienen, wienen in stik as trije dramastudinten en de toanielspylster dy’t in stikje út Riek Landmans boekewikegeskink ‘Fammen fan Gaasterlân’ neispile.
De jûn begûn mei in wurd fan wolkom en dêrnei in stikje film oer it fakânsjekamp Sondel. Foar de âlderein yn de seal faaks in nijsgjirrich stikje feestelike nostalgy, mar ik fûn der neat oan. Ik koe it kamp net, hie der noch neat fan heard en it sei my ek neat. It stikje dat neispile waard út Landmans roman/detektive fûn ik ek net sa geweldich, omdat ik der net fan hâld om alfêst in foarpriuwke fan in ferhaal te krijen. Boppedat wie dat soartefan pleintsje yn it natuermuseum net bepaald waarm. Ik krige aloan mear it gefoel dat ik yn it tsjerke siet. Ik begûn sels al te gapjen. Dat koe ek wêze omdat der gjin skoft yn de jûn siet mei in hapke en in snapke, hear. Mar pipermunt hie ik ek net op rekkene.

Abe de Vries as útjouwer hat efkes oan it wurd west oer it boekewikegeskink, Riek Landman sels hat noch efkes in spontaan moai wurdsje dien, en der wie noch in stikje yndie close harmony muzyk. Die sjongers stienen ticht byinoar en hawwe it fêst waarmer hân as ik; ik bin der ferklomme. As ik witten hienen dat wy dêr sa’n skoft sitte moasten, dan hie’k de jas noait útdien en yn de hal hongen.
It dûnsjen neitiid fûn ik earlik sein in oanfluiting. In pearke as seis yn in rûntsje ferdwaalden yn de grutte romte en ik hie ek net it idee datst maklik meidwaan koest, it wie in soart fan folksdûnsjen en moast dy paskes mar krekt witte. Op himsels hat de organisaasje faaks syn bêst (en yn alle gefallen syn wurk) wol dien, mar it kaam net goed út de farve. It sloech net oan. Net by my yn elk gefal.

Dat wy binne neitiid noch efkes nei dy Scamele Ruter west. Dêr wie it programma yntusken ôfrûn, mar de afterparty wie in stik smûker en fral: waarmer. Net allinne kwa temperatuer.
Aldergeloks waard ik de hiele jûn beselskippe fan twa freonlike en hoflike kollega’s, en wy hawwe mei ús trijen ek noch in Grinslanner om útens teplak brocht.
Wat is Ljouwert eins moai by nacht.









23-02-2008

Yn Amsterdam













In skoftsje lyn kaam Jan oansetten mei in brief fan skoalle dat er dêr efkes hûndert euro pinne moast foar in ferplicht reiske nei Amsterdam. Dat wie my drekst al tsjin it krop, want de jonge hat noait wat op ‘e rekken, dus der falt neat te pinnen.
Dat soe dus betsjutte dat er kontant jild mei hawwe moast, of myn bankpaske. Dat lêste is net ferstannich, want dan moat de pinkoade der ek by. Jo moatte de kat net op it spek bine, no? Seker net by immen dy’t altiten jildkrapte hat. Kontant jild hoegden se dêr net op skoalle.
Dat ik haw mar hûndert euri op syn rekken set, dan koeder it der sels ôfhelje. Jan hie it oer in ‘pret’reiske, dus al te happich wie ik net.
Mar it moast al trochgean fansels, want neffens de skoalle soenen se by wichtige ICT-bedriuwen del, en dat wie frij wat wichtich foar harren oplieding. Dat ja, it moast al wêze.

Justerjûn kaam Jan mei de lêste bus werom. Hy hie de mobile tillefoan net meinommen, dus wy hienen fjouwer dagen neat fan him heard. Ik hie him foar de wissichheid noch mar efkes in pear sinten yn de bûse treaun, want je witte mar noait. Dy wienen skjin op, en ek hieder syn eigen bûsjild opmakke. Ja, Amsterdam, wat oars.
De ferhalen gienen fral oer it smoken fan weed en oer it feit dat der mar kwealik blanken yn Amsterdam wenje. Teminste, yn it part fan de stêd dêr’t Jan en konsorten sieten, in Stay-a-way hotel yn de buert fan de Daam ofsa. De jonges hienen mei syn seizen in keamer en der wienen sa’n tachtich man mei. Der wienen ek in stik as fjouwer dosinten by. Dy dienen itselde as de jongelju trouwens. Se hawwe op besite west by Microsoft, de KPN en op de hinnereis hawwe se it Mediapark yn Hilversum besocht.

Jan hie him besaud oer de jonges op syn keamer; oerdeis hellen se wat guod op út de kofjesjop, dat ferparten se yn harren keamer op ‘e tafel yn skyfkes en dan rekken se út hoe lang’t se der mei ta koenen en hoenear’t se dan wer om nij spul moasten.
Hiele pipen waarden der boud, sei Jan, en se seagen allegear sa wyt as spoeken.
‘Hasto dan net wat hân?’ frege ik Jan.
‘Ja, ja, ik haw de earste dei wat fan dy speeskeek dy’t op tafel stie hân, mar ik fernaam der net sa folle fan, dat ik haw it fierders mar gewurde litten, wy krigen dêr iten genôch.’ andere Jan.

Jan smookt net, dus dy hie mei oandacht de jonges wat besjoen. Se wienen wol by de tiid, sei Jan, mar neat te helder. Ast se wat fregest duorre it in ivichheid foardatst andert krigest. Mar sy hienen wol in soad wille. Hja begûnen earne oer te praten en hienen hiele ferhalen dêr’t in bûtensteander neat fan snappe soe, mar dy stiif stienen fan in hiel eigen logika.
‘No,’ sei Jan, en doe prate ik op it lêst ek mar wat mei.
Dat koe ik my alhiel wol foarstelle, want Jan hat sawiesa al in grutte fantasy. Op in stuit hienen him de jonges mei iepen mûlen oansjoen.
‘Hee, Jan, wat spul hasto hân,’ seinen se, ‘dat is bêst guod jonge! Dêr moatte wy ek wat fan hawwe, wêr hast dat wei?!’








19-02-2008

hege hakken, echte twivel










Och ja. No sit ik as bûtenútfamke nei it nijs te sjen en komt ynienen Wieke de Haan yn byld, dy’t mei fjoer en faasje it boekefeest ferdigenet. Mar dan komt ek de man dy’t fan de heup ôf sjitte kin, Eeltsje Hettinga, oan it wurd. Hy neamt de alternative lokaasje fan de boekewike, as in soart fan protest tsjin de âldfrinzige opset fan de boekewike troch de stichting It Fryske Boek. En op beide lokaasjes sille grif minsken wêze dy’t ik graach moetsje soe. Dat wat sil ik dwaan? De hiele saak mar boykotte? Of sil ik de jûn oer twa lokaasjes ferdiele? Of sil ik it mar gewoan fan it sin ôfhingje litte? Ik hie oars tocht dat it geitewollen sokkebal wol wat foar Trinus Riemersma wêze soe, de kearen dat ik him soen haw, hie er se al oan, hy hoecht him der net iens spesjaal foar te ferstrûpen. En it is op it lêst ek in boekebal, dus ik soe sizze dat der fral dûnse wurde moat. Oft dat no de fûgeltsjesdûns is, de klompedûns of wat op sokken om glydzje, dat makket my neat út. Salang’t ik mar gjin high heels oan hoech.


13-02-2008

winnende kollum: de útferkiezing


Mei dizze kollum wûn ik de Nederlânske 'Boer siket frou'-kollumwedstriid:



De uitverkiezing

Gerard krabde zich eens achter zijn oren. Hij wist het al, maar dat was het spel niet natuurlijk, om dat nu al te laten blijken. Tijdens het schoonspuiten van de hokken in de stal liet hij zijn gedachten eens rustig gaan. De drie vrouwen die van de aanvankelijke tien waren overgebleven, Marja, Leonie en Pauline, waren in huis bezig. Ze hadden hem beloofd, nu ze er toch waren, het woongedeelte eens een beste beurt te geven. Natuurlijk zou er tijdens het werk ook worden gekletst, dat wist hij wel zeker. Maar nu had hij even fijn de tijd voor zich alleen.
Morgen moest hij iemand ‘elimineren’. Wat een akelig woord was dat toch! En wat een rotklus. Hij vond het oergezellig met die drie meiden, het liefst zou hij ze alle drie houden. Maar ook dat was niet volgens de spelregels. Hij zuchtte eens.
Pauline. Haar mooie haar, haar zachte stem. De verrukking in haar ogen toen ze dat biggetje in haar armen hield. Die blik herinnerde hem aan vroeger, toen hij achter het hek toekeek hoe de biggetjes werden geboren en zijn vader ze zorgzaam droogwreef met wat stro. Toen hij wat ouder werd, mocht híj dat doen. Het mooiste werkje van de hele fokkerij, vond hij. Later was het allemaal gewoon geworden. Hij deed het zo vaak, dat hij nu alleen nog op het gewicht van de pasgeborenen lette, en of er eentje apart gezet moest worden wegens zwakke gezondheid.
De gedachte aan de biggetjes en Pauline zorgen voor een stille glimlach op zijn gezicht. Het zou lang duren voordat Pauline de biggetjes ‘gewoon’ zou vinden, dat wist hij zeker, hij voelde het. De andere twee vrouwen waren òf de boerderij al gewend, òf ze waren gewoon wat harder. Zij verblikten of verbloosden niet bij wat ze allemaal op de boerderij tegenkwamen. Dat had natuurlijk ook z’n voordelen; ze waren de boerderij en het boerenleven gewend en zouden zich niet snel uit het veld laten slaan.
Nee. Hij wist het zeker. Hij zou de zachte Pauline wegstemmen en met Marja en Leonie achterblijven. Met Pauline zou hij later, als het programma afgelopen was, weer contact opnemen. Wat er tussen hen tweeën was ontstaan in die paar dagen dat ze hier was, hoefde niet voor de camera’s te worden uitgemolken. Pauline was hem te lief.





Hjir falt de kollum op 14 febrewaris te lêzen.

06-02-2008

bedrygde soarten











Wat der op ’t heden mei Romke is wit ik net, mar hy hat de holle der net alhiel by.
De bôle wie op, en wy hawwe net in bakker yn it doarp, dat ik frege oan Romke oft er der ek noch op út moast. Romke moat sa faak gau efkes noch wat helje foar it doarpshûs; hjoed hat er ek wer in klup fiifenfyftich plussers foar in stamppôtbuffet. En ja, hy moast noch efkes nei Kollum ta. ‘Kinst dy bôle wol efkes meinimme dy’t Maaike sa lekker fynt’, sei ik tsjin him. Maaike lei dy deis siik thús op ‘e bank. ‘Ja!’ rôp Maaike ferheard, ‘heit kin dy lekkere Pandabôle wol efkes meinimme!’ ‘Dan moatst mar efkes by Van der Byl oan’ sei ik. ‘Nee mem, dy hat Riemersma yn Kollum allinne mar’ sei Maaike.

Dat sa tsjin seizen smiet Romke triomfantlik twa Tigerbôlen op it oanrjocht. ‘Wat hat heit no meinommen?’ sei Maaike. No, tigerbôlen, krekt sa’t jimme seinen’, sei Romke. Maaike en ik seagen inoar ris oan. Tigerbôle? Dat wurd hienen wý net yn de mûle hân. Dat wy gienen der tsjinyn, mar dan kinst Romke noch net. Dy hold by heech en leech út dat wy ‘tigerbôle’ by him besteld hiene, en gjin Pandabôle.

Jan hie op it lêst syn nocht fan it harsenskrabjen en murk droech tsjin Maaike op: ‘meitsje dy dochs net drok fanke, wy freegje skielk gewoan oan heit: ‘rydt dêr no in Fiat Tiger, of is it in Fiat Jaguar?’


01-02-2008

Gedichtedei 2008





Ik hie besluten om net nei Ljouwert te gean, ik soe ek net krekt witte wat dêr te dwaan wie, útsein de alvestêdemaraton fan fersen. Hjir yn it noardeasten fan Fryslân binne net safolle steden, dus wat moast ik dêr no mei? Men koe it wat op ôfstân folgje tink. Hjir en dêr sil yn de bibleteken ek wol wat te dwaan west hawwe, mar net by ús yn de omkriten. Op nei Grins dus, in stêd dêr’t altiten wol wat op dit mêd te belibjen falt.

Ik wie der middeis om twa oere hinne, en koe nei 7 euro te beteljen drekst op de poëzyboat stappe. Op dy boat mar leafst twa stedsdichters; dy fan ferline jier, Ronald Ohlsen, en dy fan no, Rinse Sinkgraven. En dan wie der ek noch in histoarikus by, Beno Hofman. It waar hie him krekt efkes deljûn, dat wy fearen moai oer de Grinzer djipering. Ik moat ta myn spyt sizze dat de kliber minsken foar it grutste part út froulju bestie. Dat joech my reden om de pear oanwêzige manlju ris goed op te nimmen. It folchsume soart, of manlju mei in missy? Ien fan de trije wie útjouwer, hearde ik wol. Der koenen sa’n hûndert minsken op ‘e boat, mar der hawwe in sechstich west, raam ik. Mar it wie in moaie trip, de stedsdichters fetten harren taak serieus op en hienen by guont huzen, strjitten, gebouwen en eardere ynwenners beskate fersen. Ek nochal ris in sonnet, fral fan Ohlsen. Ik koe him noch net sa goed, mar ik mocht him wol hearren lije.

Nei de boat gienen wy op nei it Grinzer museum, foar de bekendmakking fan de prizen foar it bêste gedicht oer Russyske mearkes en legenden. It museum hat dêr op dit stuit in útstalling oer, en yn de mande mei de Poëzymaraton koe it moai kombinearre wurde. Ik siet dit jier net by de nominaasjes, mar myn mearke hie ek alhiel de ferkearde layout meikrigen, omdat myn pc doe krekt krepearre wie. No ja, en ik hie dus in mearke skreaun, net in fers óer in mearke.

Hoe dan ek, der rûgelen in pear ferneamde nammen út; ik leau dat Laura Demelza Bosma earst wie, André Degen wie twads en treds wie Vicky Vrancken (kin ik mis mei wêze). Moaie fersen, fertsjinne wûn. Der waard Drintske poëzy foarlêzen troch Suze Sanders. Dêr koe ik net rjocht byt op krije. Wol op ‘e taal, net op de fersen. Doe gie ynienen it mantsje stean dat it hiele skoft rêstich njonken my sitten hie: Rutger Kopland. Hy wie âld, hy moast no en dan efkes om wurden sykje, mar de poëzy mankearde neat oan. Hy sette útein mei it foarlêzen fan wurk dat er koartlyn, nei it slimme ûngelok skreaun hie. Dat wie neffens my kwalitatyf neat minder as syn eardere wurk. Ek hat er syn earste publisearre fers ea foarlêzen, in fers grûndearre op psalm 14. Hjirby murk er op dat dat fers der by dizze gelegenheid wol op troch koe, want it tema fan de dichtewedstriid fan de middei wie ommers ‘mearkes’.
De âld strider is der dus noch hielendal. Ik haw in bondel fan him koft.

T’en lesten hagele en wyndere ik jûns om acht oere nei de slútmanifestaasje yn it Grand Theatre, mei yn folchoarder fan opkommen: Marlies Somers, Vrouwkje Tuinman, Daniël Dee, muzyk fan Egbert Meyers, Driek van Wissen, Tsjêbbe Hettinga, Neeltje Maria Min, Rob Schouten en Ivo de Wijs. Presintaasje: Tjitse Hofman. De tagong wie € 7,50. Op Rob Schouten nei ha’k my mei gjinien ferfeeld, eltse dichter hie sa syn eigen sjarme.
Mar Tsjêbbe wie de bêste fansels.