23-01-2008

Op 'e troan












Yn hûs binne wy al lang gjin baas mear. Stel jim ris foar: in lytse foarkeamer mei de twa ruten op it suden, in donkerbrune learen bank oan de kant dêr’t it hûs fêstsit oan de oare kant fan twa-ûnder-ien-tek, oan de oare kant dy muorre stiet in twapersoansbankje tsjin it lewant fan it lytse keamerke, en de kast op de eastside fan de keamer. Dan is de keamer fol. Der kin noch in krantebak stean en in sierkastke. De televyzje hat plak tusken de twa ruten. Krekt sa moatte de meubels der stean, oars past it net. Guont húsfroulju hâlde wol fan it ferskowen fan meubels, mar dêr hoech ik my de holle dus net oer te brekken. En de katten ek net. Dy troanje op de twa pakestuollen dy’t by de ekstra smel-makke lege tafel stean. Dat plak feroaret ek net, dêrfandinne dat dy twa stuollen altiten troch har beset wurde. Jopie neistenby op ‘e kachel, Minoes op baas Romkes’ stoel.

At wy de keamer ynkomme en ús stuollen binne troch de keninginne en de prins beset, dan sizze wy earst harren namme efkes. As dat neat jout (en dat jout neat), reitsje wy de keninklikheden efkes oan, en sizze nochris: ‘kom, Joop, derút!’ Dat helpt ek net. Dan krije wy se by de kontsjes en jou se in setsje. Faak slaan se dan de klauwen yn de beklaaiïng fan de stoel, en moatte wy se der mei geweld útnimme. Mar ja goed, oft je dan baas binne? Hienen wy se better opfiede moatten? Ik wit it net. Wat ik wol wit is dat ik de kont net hoech te lichtsjen salang’t ien fan harren noch yn ‘e keamer is. Want dan is it in spultsje fan:
dy’t syn stoel ferlit, dêr’t in oar op sitten giet!


Geen opmerkingen: