31-12-2008

It giet oan! Moarn!




Yn Boerum sil dit jier de alfde Nijjiersdûk wêze. In flink tal minsken wolle it nije jier mei in frisse dûk begjinne.
Elts jier komme der mear dielnimmers en ek it besikerstal waakset oan. Diskear dogge der dielnimmers fan World Servants út Dokkum, Damwâld, de Westerein en Surhuzum mei om troch dizze sponseraksje jild te garjen foar har projekten. Unbewende, mar drystmoedige springers foar it goede doel.
De organisaasje fan Boerum fynt it geweldich dat safolle jonge minsken harren yn it nije jier op in positive manier ynsette wolle foar frijwilligerswurk.

De Nijjiersdûk is al jierren in grut barren yn Boerum. Bewenners fan it doarp en út de omkriten nimme graach de gelegenheid te baat om inoarren in lokkich Nijjier ta te winskjen. De kofje, sûkelarjemolke en snert binne dan net oan te slepen foar it tûzenkoppich publyk.

Op tongersdei 1 jannewaris 2009 om persys 12.00 middeis sil Joop Atsma (lid fan de Twadde Keamer foar it CDA) it startskot jaan foar de 11e Nijjiersdûk. Dit sil gebeure mei grut jûchhei fan it huverjend tasjend publyk. Mei dit froastich waar rekkenje wy op moaie aksjefoto’s.

Moarns om alve oere hinne hat it dûktiim ‘Triton’ fan Kollum de Boerumer haven al op feiligens ûndersocht. It tiim sil der ek tafersjoch op hâlde dat har er nei de Nijjiersdûk gjin achterbliuwers yn it kâlde wetter befine.
Foar de feilichheid op ‘e dyk hat de gemeente Kollumerlân dranghikken beskikber steld. Der binne EHBO-lju oanwêzich, mar dielnimmen bart fansels op eigen risiko.
De muzikale bydrage is as fan âlds fan eigen boaiem; shantykoar ‘Haven yn Sicht’ fan Boerum. In dikke tritich sjongers en muzikanten sille mei harren fleurige en harmonieuze ferskes de springers moed ynsjonge.

De organisaasje dy’t bestiet út de famylje Poortinga, Jetze Haarsma en Willem de Boer. Mei in grutte frijwilligersploech wurdt gearwurke om der wer in hiel festyn fan te meitsjen.
De organisaasje riedt de dappere dûkers oan om frij fan alkohol by de haven ‘De Dwinger’ oan de Mearpeal te ferskinen, sadat se fris en feilich oan it nije jier begjinne kinne. Oan de Nijjiersdûk fan Boerum waard dit jier foar it earst it predikaat ‘Serieuze Dûk’ takend troch de grutte sponser Unoks.
Foar eltse dielnimmer is der in smaaklike attinsje beskikber.
Oant moarn!



Alles op in rychje:

lokaasje:
de Boerumer haven ‘de Dwinger’, adres: de Meerpaal

datum en tiid:
Nijjiersdei middeis om 12.00 oere persys

tal dielnimmers:
skat boppe de 100 (dit wie noch foar de froast)

oanmelde:
in oere foar it begjin by de organisaasje oan ‘e haven

starter:
Joop Atsma

dûktiim:
Triton út Kollum, om 11.00 oere hinne

muzikale meiwurking:
Shantykoar “Haven yn Sicht”




30-12-2008

Sânkerrels





It is der net mear.
It gloep fuort as sân en woartele net,
útsein yn neare nachten
as de salvepot der oan te pas komt.

De salve wurdt op de foarholle strutsen,
earst yn in krúske en dêrnei útfeid.
Dan begjint it krús te praten:
Kom, omkefaam, kom

noch net.
Dêr kin ik net op sliepe.
It blomket yn myn dreamen
en alle moarnen fei ik wurden út.












22-12-2008

de sweefanger







yn it tsjuster lizze hûs
en hiem, de greiden
yn it boek fan dagen

fiele
net witte

fan hiel te libjen
hoe dea te gean

tichter op it libben
fierder fuorttikke

in wier minsk
neaken
wynt de tiid op

Obe Postma kin ek útnaaie!
oer in oar
as himsels stinne

it ferskil
fine
yn tadwaan en tajaan





22-11-2008

Min Modersprak

Klaus Groth



Min Modersprak, wa klingst du schön!
Wa büst du mi vertrut!
Weer ok min Hart as Stahl un Steen,
Du drevst den Stolt herut.


Du bögst min stiwe Nack so licht
As Moder mit ęrn Arm,
Du fichelst mi umt' Angesicht
Un still is alle Larm.


Ik föhl mi as en lüttjet Kind,
De ganze Welt is weg.
Du pust mi as en Vœrjahrswind
De kranke Boss torecht.


Min Obbe folt mi noch de Hann'
Un seggt to mi: Nu bę!
Un »Vaderunser« fang ik an,
As ik wul fröher dę.


Un föhl so deep: dat ward verstan,
So sprickt dat Hart sik ut.
Un Rau vunn Himmel weiht mi an
Un Allns is wedder gut!


Min Modersprak, so slicht un recht,
Du ole frame Ręd!
Wenn blot en Mund »min Vader« seggt,
So klingt mi't as en Będ.


So herrli klingt mi keen Musik
Un singt keen Nachtigall;
Mi lopt je glik in Ogenblick
De hellen Thran hendal.









Myn memmetaal




Myn memmetaal, ik bin mei dy begien!
Fertrout ta de teannen út!
Al wie it hert ek fan stiel en stien,
do stjurrest him derút.

Do bûchst myn stive nekke sa licht
lykas memme hân en hûd,
wjukkesto my om it gesicht
en wei wurdt alle lûd.

Ik fiel my as it bern lang lyn,
de hiele wrâld is wei.
Do pûst my as in maitiidswyn
en makkest my fan krupsje frij.

Us pake nimt my noch de hann’
‘No bidde!’ is gjin rie!
‘Us Heit’, begjin ik dan,
sa’t ik eartiids ek wol die.

Ik fiel sa djip: dit wurdt ferstien,
sa sprekt it hert syn noed.
De rêst fan de himel fiel ik ynien’
en alles is wer goed!

Myn memmetaal, sa sljocht en rjocht,
do âlde eale sprake!
‘Us Heit’ sis ik mei al myn nocht
en bloed en mûle kinne min fersake.

Sa hearlik klinkt my gjin muzyk
en sjongt gjin nachtegeal;
noch efkes en dan rinne my lyk
de kleare triennen prinsepeal.







Klaus Groth
oerset: R. de Haan

18-11-2008

Heit groetet de sinne




Der sit in wrâld yn dyn sinne
en hoe’tsto meidraaist mei de beammen
dy’t wy joegen op de heitedagen

hellest de wrâld nei it hiem
elk kin der sûnder skruten komme
sprekst se oan, ferhellest fan doe

hoe’t alles gongen is, do de wrâld
ynteachst mei hinnen fan de hoanne
en no skarrelesto om hûs

do wolst de jierren warre
thús ûntspringst de dûns fan de drokte
ast dy delsetst op ien fan de stille stuollen

ûnder de fjirtjin fruchtbeammen om it spul hinne
draaisto mei de sinne mei
sjochst nei boppen, telst de apels en parren.





14-09-2008

Ik libje, dus bin net dea







Dit is wat ik net ferdrage kin:
it wurk behindere fan deistich libben,
literatuer, wittenskip en tabak.
De skientme fan in kaktus
sjoch ik seldsum, oars as in glês
by in krûk drank mei in koark derop,
krûpdieren dy’t inoarrens sturt sykje,
it sletten skrift fan Job.

Wat libbet wol krûpe fan 't papier,
wat ûnrêstich siket dûkt werom yn 't boek.
Dêrom dat ik in planke skoep,
in glydbaan fan it libben nei de dea.
Sa bin ik God, yn alle ivichheid
bliuwt myn skepping bestean.
Dochs hoedzje ik my foar Job:
ik driuw op idelheid.




30-07-2008

103




Sy sliept. Sa djip en fêst dat
flústerjen, neamen en lûd útsetten
net telt. De keamer azemt rook fan
wiete waskhantsjes. Ik fyn it skouder
op de taast en moat de broazelige bonkjes aaie.

De nachtpronkrêch fertoant in skuor.
Har jurk hinget oer in stoel en as ik wiis
lûkt sy as andert it nachtguod omheech,
de panty foarby, har skonken prikstokken
dêr’t it fine gaas omhinne spookje moat.

Sy bazet lûd, biedt my har kopke molke
oan en wriuwt mei beide hannen it wetter
út de eagen. Ik bin de ûnbekende besite
dy’t op snein oanwaaien komt. Wy kinne
inoar ferstean, mar fan it sprekken net.









14-07-2008

oarsom

It is hast safier dat ús Maaike op keamers sil. Dat wol sizze: at se útlotte wurdt by Windesheim yn Swol. Wy hawwe al fan alles yn de garaazje te stean: in wyt farve bêd sûnder matras (moat in nijen komme, se wol net boppe in oar syn swit hingje), in elektrysk itensierdersplaatsje, in taffeltsje mei twa stuollen, in bysettaffeltsje, bêdguod, diggelguod, ensf. De auto kin der alteast net mear by.

Wy hâlde har guont dingen wol foar, mar Maaike docht krekt har eigen dingen. It is suver oft se yn dizze leeftyd koarken yn de earen hawwe. Asto wat seist, dogge se krekt wat oars. Us mem waard dêr eartiids nei ferrin fan tiid aardich handich yn. Dy sei mei doel it ferkearde, dan dienen se krekt oarsom at sy sei.

Maaike kriget no sa stadichoan ek yn de gaten dat it libben wol oars wurdt at sy op keamers giet. Thúskomme út skoalle of fan it bybaantsje en dan moat it iten noch sean wurde. Sels ôfwaskje, gjin masine dêr't it yn weiset wurde kin. Gjin lekker bakje tee jûns foar de tillevysje, of sy moat it sels al meitsje. De boel skjinhâlde. Sels boadskip dwaan. Wy hawwe fan 'e wike ris mei ús beiden boadskip dien. Sy hie der gjin sinne oan, mar it moast in learmomint wurde, dat ik haw se gjin kar jûn. Sels moast se nei it Krúdfet en dêrnei by my melde yn de Poi. Doe is se derachter kommen. Ik haw har optelle litten wat sy tocht dat sy wyks nedich wie. Dêr skrok se fan, hahah.
Sy sil noch wolris mear skrikke.

Jûns rôp se Jopie, ús ûndogense kat, by har. Dy sil se aant ek wol misse, at se op harsels is. Jopie woe wol efkes mei har strinkje kralen boartsje. Se liet him ûnder de stuollen en tafels trochfleane oant se sels achter de pûst wie. Doe betocht se wat oars.
"Joop" sei se, "no moatsto presys dwaan wat ik sis.
Ik sil dy efkes hypnotisearje mei dit string kralen.
Do hoechst allinnich mar op te letten."

Joop die braaf wat him sein wie.
It kopke gie aloan hin en wer, de eachjes waarden swier.
"En no blaffe!" sei Maaike.
Moast miene dat er dat woe?

13-06-2008

At dyn hier mar goed sit








Dêr stean jo dan. Mei de lytse trep yn ‘e hân ûnder de flaggestôk.
Ik hie socht om in skoaltas fan ús Maaike, mar dy hat allegearre fan dy djoere merkdingen. Dat begrutte my om dy bûten yn in it snústerige waar te hingjen. Dat soe sy my ek net yn dank ôfnimme at se moarn thúskaam.

Nee, ik hie in better idee: sy mei ommers sa graach winkelje? En by eltse himsels heechhâldende winkel kriget se in djoer taske: in legergriene mei in liuwke deroan, in swartenien mei goudene letters derop, in witen mei in sebralintsje deroan...De swarte koe it wol dwaan, besluet ik. En dêr hinget er dus, pontifikaal: fíftysíx. Der kinne in hiel soad boeken yn, mar dy hawwe dizze tas noch nea sjoen. Se hoege tsjinwurdich net alle boeken mear mei te tôgjen, der binne no klúskes op de skoallen. En Maaike hát wat boeken hin en wer sleept, want dy hat fjouwer en fiif Havo yn 1 jier dien op it Sprintkolleezje yn Grins, achter har kappersoplieding oan. No is it paad frij foar it Windesheimkolleezje yn Swol. Want Maaike wol sjoernaliste wurde, by in krante, of radio of televyzje.

Moandei kin se de boeken wer by de boekhannel yn Grins ynleverje. Dy kinne noait allegearre yn har skoaltas. Helje wy de Fiftysix dan wer del, dan kinne se dêr kinne wol yn, tocht ik, en rûme de trep wer op.
‘Ast no by televyzje te wurk komst, hast ien foardiel,’ sei Jan; ‘dyn hier sit altiten goed’.


07-06-2008

Fryske ramsj






It fan âlds Jiddyske wurd ramsj betsjut yn it algemien: ûngeregeld guod, rommel, mar wurdt spesifyk brûkt foar boeken dy’t tsjin ôfbrekprizen op ‘e merk brocht wurde: it saneamde moderne antikwariaat. Hjirby giet it om nije, net earder ferhannele boeken dy’t net goed mear ferkeapje en dy’t troch de útjouwer ferramsjt wurde, dat wol sizze: oanbean tsjin sterk ferlege prizen. It giet dus net om de troch antikwaren ferkofte twaddehâns of âlde boeken.

Frij nei Wikipedia.





Opdien yn in loads efter Stg. It Fryske Boek, fan boppen nei ûnderen:
(ik soe der in foto fan meitsje as ik in digitale kamera hie):

17 Fryske winskkaarten
Spraaklear II, Afûk, gearstald fan J. Boersma en G. van der Woude
Boarneboekje fan resinsjes fan de Fryske literatuer, Afûk, gearstald troch Gjalt Jelsma
Bûter brea en griene tsiis, Afûk, A. Bosma-Banning
Stavering, drs. F.B. Dijkstra
Under fearne goaden, Abe de Vries
Mata Hari, Het Mysterie, Aukje Mulder (lêslint besprinkele mei Jicky (1889) fan Guerlain)
Subsydzje foar de Graal, Cornelis van der Wal
Fan oer see en fierder, Tsjêbbe Hettinga
Biten en Brokken, T. Gerlofs
It foarlân, Marten Toonder, oerset troch Harke Bremer en Jarich Hoekstra
De witmutse, Marten Toonder, oerset sjoch boppen
List fan iterijwurden, Fryske Akademy, Rienk de Haan
Listen fan goaden en bisten, Bornmeer, ferskate skriuwers/fertellers
Dream yn blauwe reinjas, Bornmear, gearstald fan Hein Jaap Hilarides en Tsead Bruinja
De dame fan myn dagen, Jan Kooistra
De Moanne, jiergong 7, nrs. 2 en 3
No, Frysk tematiidskrift nr. 23



Totale kosten: € 15,00

Dat wie wol in ritsje wurdich, sei de keapfrou.

30-05-2008

Dy jeugd fan tsjinwurdich...




Us Joop wurdt folwoeksen.
Hy hat lesten al in wier manmoedige striid levere mei syn mem. De plokken hier stoden yn de rûnte. It wie in koart, mar fûlbannich gefjocht. Ik koe gjin winner oanwize. Sa hurd at se op inoar yn flein wienen, fleagen se ek wer út inoar. Minoes naaide út en Joop stie wat dûzelich mei de kop te skodzjen. Neffens my is Joop der op ‘t heden wat yn wei; hy wit net wêr’t syn belangen lizze.

Okkerjûns kaam ik yn it hok en hearde immen ôfgriislik skrânzjen. It friet der mar op ta. Ik sjen, want ús katten binne fatsoenlik opfied. Doe’t ik yn it healtsjuster einlings fokusse koe, seach ik dat der in stikelbarchje ta de kattebrokken siet. It bistke hie best honger, want it seach op noch om en haffele dat it in aard hie. Jopie siet der noch gjin twa meter fan ôf en joech gjin azem. ‘Blinder!’ sei ik tsjin Jopie, ‘bisto no in waakkat? Hjir hawwe wy neat oan hin?’ Mar Joop seach my oan as woe er sizze: ‘minske, wêr makkest dy drok om. Sjochst net dat it bistke honger hat? En kin it miaukje?! Hy moat ommers taslaan dêr’t it kin.’

Ja, tocht ik by mysels, dêr hat Joop fansels ek wol gelyk oan. Lit mar sitte dan. En ik draaide my om en gie werom yn ‘e hûs. Mar der sit in rút yn de doar en ik bleau stean om noch efkes fan it byld te genietsjen. Ik wie dochs de gastfrou, no?

De ychel hie genôch hân en strûsde nei de bûtendoar by Jopie del as stie er der hielendal net. Joop seach him net, dy siet yn it doarsgat nei bûten te sjen. Fol oandacht. Ik folge Jopies blik, en potferdoarje, dêr skarrele nóch in stikelbaarch om. It wiifke? Sy kaam der net yn, wat skrutener dan har mantsje tink. Joop spile foar portier, mar dan wol in passivenien.

Nuvere freonen hat dy jeugd fan tsjinwurdich.








17-05-2008

Fries oer de Grins

Om vijf voor twee ’s zaterdagmiddag 17 mei stond ik enigszins verward aan de Raadhuisstraat nr. 2 voor de deur van een gesloten galerie.
‘Alleen zondags open’ stond er op een wit kaartje achter het raam van het geblindeerde huis. Natuurlijk had ik weer niet goed op het adres gelet, ik wist alleen dat ik in de Raadhuisstraat van Eenrum moest zijn. En zo’n durrep heeft toch niet meer dan één galerie? Wel dus. Toen ik maar even verder wandelde kwam het vroegere raadshuis in zicht. Mooie hoge stoep ervoor. En yup ja, waarachtig ook een galerie. Met in- en uitlopend volk, dus dit kon wel eens bingo wezen. Eenmaal binnen zag ik een handjevol mensen bij een ovale soort stamtafel zitten. Hier moest ik zijn! Nu zag ik ook het programma van die middag op tafel liggen:

Galerie het Raadhuis, Raadhuisstraat 17, Eenrum

14.00 - Erik Harteveld & Coen Peppelenbos
14.45 - Sieger M. Geertsma & Egbert Hovenkamp II
15.30 – Suze Sanders & Rense Sinkgraven
16.15 - Jan-Jaap Reinders & Cornelis van der Wal

Er stonden nog een drietal locaties vermeld: Kunsthuis Noordwaarts, Hoogstraat 14, Eenrum, Kunst om de hoek, Hoofdstraat 25, Eenrum en Kwekerij De Kleine Plantage, Handerweg 1, Eenrum.

De dichters zouden in de verschillende locaties in wisselende samenstellingen optreden. Als luisteraar kon je op één locatie blijven zitten, de dichters haastten zich wel naar je toe.
Van de achtergronden van de meeste optredende dichters weet ik nagenoeg niets. Dat is makkelijk als je graag blanco luistert. Bovendien is het dan aardig te merken dat je als neutrale luisteraar bepaalde aspecten van de optredende dichter zijn opgevallen, die je later eventueel in verband kunt brengen met zijn of haar achtergrond.
Omdat ik zelf ook dichter ben, luister ik misschien net even iets anders dan de willekeurige toehoorder of poëzieliefhebber. Het liefst luister ik met de ogen dicht, maar sinds ik een paar maal verwijtend ben aangekeken wegens een vermeend gebrek aan belangstelling, richt ik mijn ogen maar op een vast punt in de zaal en trek ik mij terug in mijn hoofd.

Na het eerste blokje van twee dichters schoot me een opmerking binnen van iemand die onlangs nog tot mijn eigen publiek had behoord. Deze persoon, een man was het, vond dat de gedichten niet ingeleid dienden te worden met een achtergrondpraatje. Hij vond dat als het gedicht als een kunstwerk gezien moest worden en daarom zonder toelichting kon. Voor een deel geef ik hem daar geen ongelijk in. Aan de andere kant is het voordragen van gedichten ook een vorm van communicatie met het publiek. Sommige gedichten worden helderder in zo’n toelichtende omlijsting. Daardoor komen de scherpte, de humor of andere aspecten nog eens zo duidelijk naar voren. Ik weet niet of dit voor elk gedicht geldt. Bij mij niet, in ieder geval. Aan de andere kant zorgt zo’n praatje tussen de gedichten door vaak wel voor een ontspannen sfeer.

Als eerste hoorden de ongeveer tien aanwezige luisteraars Erik Harteveld. Hij was van plan om een prozatekst voor te lezen als ware het poëzie. Nu moet ik zeggen dat hij een vreselijk mooie, sonore stem had, maar bij aanvang vreesde ik toch dat ik naar een soort in memoriam zat te luisteren, of dan tenminste toch een zeer duidelijk gearticuleerde preek. Zo gedragen klonk zijn stem. Allengs voerde die stem me wel mee het verhaal in, maar ik kon mij helemaal aan de sacrale sfeer onttrekken. En het is nog maar zaterdag. Niettemin waren zijn korte verhalen heel toepasselijk en zijn (rijmend) gedicht liep als een tierelier. Een genoegen om naar te luisteren, deze eerdere stadsdichter van Assen.
Coen Peppelenbos stond er af en toe wat verlegen bij, bedremmeld zelfs. Dit zorgt er voor dat je gaat opletten, want zo iemand kan wel wat extra steun gebruiken, nietwaar. Hij vertelde vrij veel over de achtergrond van zijn gedichten en liet af en toe een plaatje zien uit de bundel waaruit hij voorlas. Zijn gedichten vond ik vooral opvallen door de klanken en de afwisseling tussen serieus en humor, vaak nog binnen één gedicht. Ook is de eindregel meestal vrij opvallend. De ene keer is het een uitsmijter, de andere keer een afsluiter. Om een eerder gedicht, waarin volgens mij Zuidhorn voorkwam, maar dat hij niet herkende, heb ik zijn bundel gekocht. Daarna was mijn budget verbruikt (sorry, Cor). Thuis heb ik het natuurlijk nog even nagezocht, ik doelde op het gedicht ‘Voorpijn’, met als eerste regel: ‘Dat de spoorbrug instort bij Zuidhorn, […]’ gepubliceerd in de bundel ‘Lust rum’ van de Dichtclub 2007. (Wat hééft die club toch met rum? Nu zitten we alweer in Een rum.)

In het volgend blokje verschenen Sieger M. Geertsma, Egbert Hovenkamp II en Bart F.M. Droog. Sieger is een echter performer; hij gebruikt zijn stem, zijn lichaam en zijn charme. En, o ja, het zwarte boekje waarin zijn teksten in priegelschrift staan. Gestroomlijnde gedichten vond ik het, met hier en daar een vraagrimpel mijnerzijds. Is het nu hem, of zich? Hij zag achter hem? Enfin, aan water en dieren ontbrak het hem niet; een haas op een zeeschildpad en Jona hoorde toch echt in die walvis.
Egbert Hovenkamp II (II? Grootvader of vader ging hem voor?) deed mij denken aan een oudere versie van Gijs ter Haar. Lekker veel beschreven, oorbel in en kale kop. Zijn gedichten vond ik verrassend, misschien ook omdat ze in het Drents waren. Nu hoorde ik ineens ook dat het Stellingwerfs hier woorden van geleend heeft, bijvoorbeeld: lichtkaans (waarschijnlijk). Lange gedichten van deze lange, graatmagere dichter die in alle toonaarden de vrouw beschreef. Ik wist dat het Nederlands veel bijvoeglijke naamwoorden kent, maar dat ze ook bijna allemaal van toepassing zijn op de vrouw? En dan toch eindigen in dauw. Deze dichter heeft nog geen bundel, maar er komt binnenkort een CD van hem uit, zo liet hij weten.
Bart F.M. reciteerde zijn verzen uit het blote hoofd. Ik meende dat de titel van zijn eerste gedicht ‘Nachtdroog’ was, maar het kan ook nachthoog of nachtgroot geweest zijn. In ieder geval verwees hij naar een schilderij van Annemiek Vos dat achter hem hing, genaamd ‘Hoge der Aa’. Of zij nu door hem of hij door haar geïnspireerd werd was mij ook niet geheel duidelijk, maar het was een mooi plaatje zo samen. Wat me stoorde bij zijn voordracht was niet dat hij zijn ogen erbij gesloten hield (dat voorrecht is niet eens voor het publiek weggelegd), maar dat hij niet in hele zinnen sprak doch in korte, afgebeten zinsdelen, alsof het ene woord het volgende moest oproepen. Daardoor verloren zijn gedichten de zangerigheid die hij er bij het schrijven ongetwijfeld in had gelegd. Zijn grappige variant van Gorters Mei sloeg door de woordgrapjes hij- en wij- en zij- in en mij en Miranda Mei wel aan bij het publiek. Mooie uitstraling heeft hij, en ook toonde hij zich een energiek promotor van het dichtersevenement dat hij in Eenrum heeft opgestart.

Suze Sanders is een Drentse dichteres die, zo vertelde ze, deels in Pijnacker is opgegroeid. Een Randstedelinge die deze plaats in rood en groen wist weer te geven. Haar poëzie doet zacht aan. Veel water, tijd en oneindigheid in haar verzen. En uiteraard de natuur, die altijd ergens naar verwijst. Nu ik haar voor de tweede maal heb gehoord, vraag ik mij af of zij ook beseft welke gedichten aanslaan bij het publiek en welke minder. Bij mij dient dat thuis altijd eerst te worden uitgetest, sommige gedichten zijn meer leesgedichten, anderen lenen zich goed voor de voordracht. Bij haar kwamen de klankgedichten het best uit de verf.
Rense Sinkgraven, de voormalig Groningse stadsdichter, kon al uit een heel repertoire kiezen. Zijn stadsgedichten zijn zeer genietbaar, behalve misschien het laatste, dat zo’n twintig bladzijden besloeg. Gelukkig stonden er op sommige kantjes maar enkele woorden. Het moet òf stadsflarf zijn, òf een gedicht in wording. Daar ben ik nog niet over uit en hij misschien ook wel niet. Rense heeft enorm veel plezier in het voordragen, je zag hem ook gewoon warmdraaien. Toen Suze dat merkte, heeft ze drie keer een laatste gedicht voorgelezen.

In het laatste blokje kwamen Jan-Jaap Reinders en Cornelis van der Wal aan bod. Jan-Jaap maakte er een talkshow van, in zijn geval was het lijstje groter dan het schilderij, behalve de gedichten waarvan de regels langer waren, voller. Die gedichten waren dan meteen ook een schot in de roos.
Cornelis van der Wal als lantaarndrager genoot de aandacht van de toehoorders, maar hij schakelde wel erg snel over van het ene gedicht naar het andere. Gedichten moeten soms even tijd hebben te bezinken, dan komen ze beter tot hun recht. De angst dat mensen niet begrijpen waar het over gaat is in feite ongegrond. Zelfs als ze het niet weten kunnen ze toch genieten van de taal en hoe die verbeeld wordt. De omslag naar het Fries ging Cornelis makkelijk af. Bij mezelf merk ik dan toch wel dat ik me even goed moet concentreren als ik van de ene tongslag naar de andere moet. Cor had er geen enkel probleem mee. ‘Niet te verstaan,’ zei het publiek naderhand, ‘maar dat vonden we ook niet erg. Alleen al de muzikaliteit van het Fries is al voldoende'. Uit eigen ervaring weet ik dat Friese verzen dit krediet hoogstens twee gedichten lang krijgen, daarna wil men toch wel weer graag de vertaling.

Rond half vijf zat de middag erop. Jammer, want ik heb ervan genoten. Ik miste een klein beetje de balans tussen de optredende mannen/vrouwen maar op de kwaliteit was niets aan te merken. Een aandachtspunt voor de volgende keer (en die mag er zeker komen) is wellicht een betere promotie, maar dit euvel werd ook al door organisator Droog geduid. De opkomst van het publiek was nog niet echt geweldig, maar dat is bij een doorgroeifestival wel vaker het geval. Op naar 2009!






10-05-2008

Lit de goaden proastje!




Mei myn bruorren en susters giet it goed.
Soms driuwt it hert my yn it bloed,
om dan te bankjen stean ik as in peal
want as ik loslit hippelje ik oer it al.

Ik wol net einigje lykas fruit yn in skeal,
mar rikje hiel of heal nei in heger stal;
wyt of read, strûp fan de lea my de hûd
en rear my tûzen kear mei de foet.

It rau en sear feroaret yn sliep en dream,
mar ik mei útrêste by omke Ike Beam.
Hy hoepjaget de earms om my hinne,

treastet my en ik krij in nij tenu.
Ik kin no einlings proastich rinne,
mei op myn boarst it Grande Cru!



30-04-2008

dichtersjûn yn De Bres

Op 29 april 2008, 20:00 oere wie it dan safier; de dichtersjûn mei muzyk yn De Bres, Ljouwert. It moast yn de buert fan de Harmonie wêze. Wy moasten efkes sykje, mar fûnen it frij makkelik.

Tresoar organisearret alle jierren kursussen kreatyf skriuwen. Op 29 april joegen in oantal poëzykursisten in presintaasje fan har wurk yn teater De Bres yn Ljouwert. De dichters folgen in kursus poëzij skriuwe by Tsjêbbe Hettinga. De bekende Fryske dichter hat elke optreder oankundige en twa kear sels wurk foardroegen. De muzikale bydragen wienen fan Gerbrich van Dekken mei begelieding fan Josse Postma en fan in âldere man waans namme ik sa net mear wit, mar faaks is dat ek net sa slim, want hy song net hielendal suver. Dizze optreders folgen op Tresoar de kursus lietteksten skriuwe by Jurjen van der Meer. De tagong wie € 5,–, mar ik twifelje oer it tal beteljende besikers want der wienen wakker wat frijkaarten yn omloop. Der sieten sa'n fyftich, sechstich minsken. Yn it nochal tsjustere sealtsje ha’k efkes om my hinne sjoen oft ik ek B.F’ers seach (bekende Friezen), en ik stuite op Melvin van Eldik, Diva Yva en Arjan Hut. Der sille grif mear west hawwe, mar dy hawwe harren oan myn each ûntlutsen.



De dichters wienen gjin begjinners, al wie de iene wol wat fierder as de oare. Guon fan har hienen al in bondel publisearre of gedichten yn tydskriften en op ynternet hân. Guon hawwe Rely- of oare prizen wûn. Sommigen hawwe ek in eigen webside. Koartsein, it ferskaat wie grut – ien fan de dingen dy’t it programma oantreklik makken. Under begelieding fan Hettinga skerpen de dichters har yn de kursus mei poëtyske taalmiddels op. It reagearjen op elkoars wurk makke in protte entûsjasme los, en dat poende de ynspiraasje en de kreativiteit oan. In heal oere oer in komma of punt prate soe in oar al lang ferfeeld hawwe, mar de kursisten koenen har der goed yn fêstbite. It skilde fansels al dat it hûswurk foar de kursusjûn eltse kear al keurich troch Hettinga fan kommentaar foarsjoen nei de kursisten opstjoerd wie, sadat elk him thús al ferdjipje koe yn de opmerkings dy’t Hettinga der neffens it close reading systeem byset hie.

In oantal fan de gedichten sille ferskine yn it folgjende nûmer fan literêr tydskrift Hjir. Spitigernôch sil der gjin fan my by wêze, neffens de redaksje litten de fersen oan rymtwang. Dat wie nij foar my, mar goed, it betroffen dan ek trije sonnetten en dat sjenre is eins ek nij foar my.
Sipke de Schiffart, dy't de kursus ek folge, hie der foar keazen syn fersen net foar te lêzen.

De optredende dichters wienen yn folchoarder fan opkomst:

Edwin de Groot; mei yndie in tal fersen dy’t wilens de kursus ek behannele binne. Edwin prate syn fersen flot oan inoar, hy fertelde dat er fan is fan C.O. Jellema omdat dy mei in pear wurden hast alles omfiemje koe en ek fan Rainer Maria Rilke is er fan. Edwin ljochte syn fersen yn it foar soms in bytsje ta, sa as it fers oer in ‘ding’ dat net neamd wurde mocht yn it fers. It bliek in grêf, en at it fers net taljochte west wie, tink ik ek net dat de harkers it der sa gau út opmeitsje kind hienen.

Elske Kampen hie in dûbelde kursus folge, sawol de liettekst skriuwkursus as de poëzykursus. Dat wie ek goed te hearren oan har sêfte klankferzen. It moaie fan Elske har teksten fyn ik altiten dat se it goed dogge op papier mar ek at se foardroegen wurde. Elske har poëzy hat prachtige, poëtyske bylden.

Hjirnei krigen wy in stikje sjong- en gitaarmuzyk fan ien fan de manlike kursisten fan Jurjen van der Meer.

Nei dit blokje gong Meintsje Brouwer fierder mei de poëzy. Meintsje har fersen befetten diskear alliteraasje en binnenrym. De betsjutting wie oer it generaal goed nei te kommen. Sy hie har goed oan de opjeften fan Tsjêbbe holden en ik wjerkende ek it fers oer de ballon dat ek al publisearre wurden is, at ik it goed haw. Har fersen slagge dus ek goed oan.

Oan de ein fan de earste rige kaam Aafke Koster, dy ús ferraste mei it út de holle foardragen fan har fersen. No binne dy fersen net sa wiidweidich, mar it wienen der wol fjouwer stik en dy moatte wol nei inoar opsein wurde. Tusken de fersen die se by tiden hast letterlik in stapke tebek om efkes te sykheljen en har te konsintrearjen op it ferfolch fan de foardracht. It kaam der allegear goed út en neffens my hie har foardracht de measte spanning foar it publyk, it wie mûsstil.

Tsjêbbe Hettinga, de master himsels, lies foar it skoft ‘It Wikeler Hop’ fan himsels foar, in fers dêr’t wy mar leafst twa kursusjûnen oan wijd hienen om it te filearjen. Ek dat ûnderdiel fan de kursus wie tige nijsgjirrich, de lûp op in fers fan Tsjêbbe sette. Tsjêbbes fersen binne bepaald net koart te neamen, dus wy hienen de hannen der fol oan.

It skoft duorre te koart, mar ja, it wie goed dat de tiid bewekke waard, want poëzy is in tear yts, je kinne de oandacht fan de harkers net tefolle op de proef stelle. Harkje nei poëzy freget folle mear as – bygelyks – in preek oanheare.

Nei it skoft wie Wietske Borger oan bar. Sy wie net hielendal frij fan senuwen, mar se liet har der net troch út it fjild slaan. Se fertelde wat oer de kursus en hoe’t it har foldien hie en spruts har wurdearring foar Tsjêbbe út. Trije fersen mochten wy fan har heare en persoanlik fûn ik ‘Wa is no gek’ it moaist.

Renske de Boer gie der fol yn en begûn mei har fers oer in ‘ding’. It publyk mocht sizze wat it úteinlik wie, en it kaam der al rillegau út: in harp. In Ierske harp, wol te ferstean, foege Renske der noch oan ta. Ek it folgjende fers mocht it tema fan ret wurde, en Arjan Hut njonken my wist it andert al rillegau: in Ierske slak. Renske har poëzy is tagonklik fyn ik, yn in pear wurden wit sy te fangen wat sy sizze wol.

It muzikale yntermezzo wie de twadde kear van Gerbrich van Dekken en Josse Postma. Mei de stim fan dizze jonge sjongster ha’k my tige fernuvere. It blykt dat hja ek in protte optreedt mei Gurbe Douwstra. In namme om te ûnthâlden!

Jantsje Post spruts de minsken oan mei har moaie en dúdlike poëzy. Sy draacht ek hiel rêstich foar, sadat de fersen goed ta har rjocht komme. It grien, blau en read spilen my út har fers wei foar myn eagen foar. De bylden binne helder. Opfallend fûn ik it fers oer de tsjerke en it sjongen yn de tsjerke. Ik hie it fers al earder op de kursus heard, mar it kaam nochris alhiel ta syn rjocht yn dit teatergebou.

De lêste fan de kursisten wie iksels. Ik haw myn sonnet oer Foekje Dillema oerset yn it Boerums en it ek yn it Boerums foarlêzen. It ‘ding’ wie, foar wa’t it noch ynteressearret, in miicheamelskeninginne. It mocht dus ek in minsk of in bist wêze. Ik bin einige mei ‘It gepiip by de hear en mefrou Postma’, minsken út in rychjeshûs. Wy hienen it sels wêze kind.

Tsjêbbe sluet de jûn ôf mei it foardragen fan ien fan syn fersen dêr’t ik de titel efkes fan kwyt bin. It gie yn elts gefal oer in fereale man yn de bus. Doe’t er útstappe moast, wie er de himel kwyt, dêr kaam it sa’n bytsje op del leau’k. Tige moai om nei te harkjen.

Fan de kursisten krige Tsjêbbe twa flessen lekkere wyn en Teake Oppewal die der út namme fan Tresoar noch ientsje by. Tsjêbbe hat earst foar it lêst poëzykursus jûn by Tresoar, en dat wie wol in ekstra presintsje wurdich yn foarm fan in saksofoan - c.d.

Tsjêbbe soe de wyn troch him hinne gean litte, sei er ta beslút.


29-03-2008

lustrum Farskjierboek






Samar efkes in moaie ferassing;
in fers fan my yn it lustrum
jierboek fan Farsk.
Ek noch in fers dat my nei stiet
omdat ik der efkes lekker sinysk yn wêze koe.


Oer de romantyk!






21-03-2008

mûnekrús








hja leit oan de wei
opbiere
ûnder in fersketten swilk
yn frede of ferlossing
de eagen ta, de krollen sacht

hja leit healweis
it bernjen fan libben
op ûnberne poatsjes
de ierde fan dracht swier
it tsjusteret, it wurdt no nacht

op it Satellytpaad
wurde betontegels staasjes
trije koweblomkes yn de berm
bûge foar in heilbui
it hert fan de mûne stûket








09-03-2008

By it Sint Anthonygastehûs



Ik stie yn de tún in reade
frou te wêzen op frouwedei
en lies gedichten foar froulju,
net te hurd, net te dreech.
De wyn op trochreis mocht se lije,
naam in snúfke taal en in eachje gers.

Ik spruts oer de frou.
Manlju tinke dat se maklik is
mar dat is sa net, se sizze
dat har tiennen te lang binne,
de holle te grut
en alles dêrtuskenyn, tsja.

Mar in frou fan formaat
is net te mjitten, sy giet
wêr’t se wol of sit stil
foar har út te stoarjen,
fersinst dy yn har ja

en amen is net it lêste wurd
mar in ynskiklik momint:
sy wikselet noch gjin moarne
foar de dei fan hjoed.
Dochs is der treast:
se tinke dat se har kinne.

De dames nikten dat it goed wie.
Harren hastige paadwizer
gidste se om in slangedin hinne.
De blauwe frou op de porsleinen faas
út de folder sloech ik
myn reade boa om ‘e skouders.







28-02-2008

Out of Boerum/ bed/ the question








Hea, hea, it is moai dat dy bern fakânsje hawwe, mar in wike is eins te koart. Krekt at se oer it punt hinne binne dat se har net mear ferfele, moatte se wer nei skoalle ta.
Jan bliuwt, as in echte ICT-er jûns sa lang mooglik warber en komt der moarns (soe ik sizze, mar ik kin better sizze: yn de rin fan de dei) sa let mooglik út. En dan moat ik him ek noch oantrune him wat op te knappen en wat te ûndernimmen.
Jan sit der net in tel mei. Hy nimt it libben sa’t it komt. Easy mem!
Fakânsjewurk hat er net, allinne syn saterdeisbaantsje. En dat is pas oan de ein fan de wike. Hy rint my net echt foar de fuotten, mar stelt wol hiele drege fragen.

‘Wêrom gean wy nea mei fakânsje nei it bûtenlân?’
‘Gean wy ek noch ris ferhúzjen, ik bin hast de ienige fan myn leeftyd dy’t noch nea ferhuze is.’
‘Wêrom hawwe katten sa’n bêst libbentsje en moatte wy altiten fan alles dwaan?’

Je wurde der wurch fan.
Us mem sei eartiids al: ‘moai dat se frij binne, mar ek moai at se wer nei skoalle kinne.’
Lykwols hie ik ek in tsjinfraach foar Jan:

‘Wêrom waskesto dy net ris om ‘e holle en dochst do dyn hier net efkes netsjes?’
‘Mem,’ seit Jan, ‘dat heart sa. Ik draach tsjinwurdich
de out-of-bed look.’



24-02-2008

boekefeest?






It programma fan it offisjele boekefeest justerjûn yn it Natuermuseum yn Ljouwert wie om mei ien wurd te sizzen: saai.

Kaam dat, sa’t myn selskip opmurk, omdat wy (ik bin 46) guont fan de jongsten wienen, dat ik it programma net bysûnder fûn? Die ienigen dy’t jonger wienen, wienen in stik as trije dramastudinten en de toanielspylster dy’t in stikje út Riek Landmans boekewikegeskink ‘Fammen fan Gaasterlân’ neispile.
De jûn begûn mei in wurd fan wolkom en dêrnei in stikje film oer it fakânsjekamp Sondel. Foar de âlderein yn de seal faaks in nijsgjirrich stikje feestelike nostalgy, mar ik fûn der neat oan. Ik koe it kamp net, hie der noch neat fan heard en it sei my ek neat. It stikje dat neispile waard út Landmans roman/detektive fûn ik ek net sa geweldich, omdat ik der net fan hâld om alfêst in foarpriuwke fan in ferhaal te krijen. Boppedat wie dat soartefan pleintsje yn it natuermuseum net bepaald waarm. Ik krige aloan mear it gefoel dat ik yn it tsjerke siet. Ik begûn sels al te gapjen. Dat koe ek wêze omdat der gjin skoft yn de jûn siet mei in hapke en in snapke, hear. Mar pipermunt hie ik ek net op rekkene.

Abe de Vries as útjouwer hat efkes oan it wurd west oer it boekewikegeskink, Riek Landman sels hat noch efkes in spontaan moai wurdsje dien, en der wie noch in stikje yndie close harmony muzyk. Die sjongers stienen ticht byinoar en hawwe it fêst waarmer hân as ik; ik bin der ferklomme. As ik witten hienen dat wy dêr sa’n skoft sitte moasten, dan hie’k de jas noait útdien en yn de hal hongen.
It dûnsjen neitiid fûn ik earlik sein in oanfluiting. In pearke as seis yn in rûntsje ferdwaalden yn de grutte romte en ik hie ek net it idee datst maklik meidwaan koest, it wie in soart fan folksdûnsjen en moast dy paskes mar krekt witte. Op himsels hat de organisaasje faaks syn bêst (en yn alle gefallen syn wurk) wol dien, mar it kaam net goed út de farve. It sloech net oan. Net by my yn elk gefal.

Dat wy binne neitiid noch efkes nei dy Scamele Ruter west. Dêr wie it programma yntusken ôfrûn, mar de afterparty wie in stik smûker en fral: waarmer. Net allinne kwa temperatuer.
Aldergeloks waard ik de hiele jûn beselskippe fan twa freonlike en hoflike kollega’s, en wy hawwe mei ús trijen ek noch in Grinslanner om útens teplak brocht.
Wat is Ljouwert eins moai by nacht.









23-02-2008

Yn Amsterdam













In skoftsje lyn kaam Jan oansetten mei in brief fan skoalle dat er dêr efkes hûndert euro pinne moast foar in ferplicht reiske nei Amsterdam. Dat wie my drekst al tsjin it krop, want de jonge hat noait wat op ‘e rekken, dus der falt neat te pinnen.
Dat soe dus betsjutte dat er kontant jild mei hawwe moast, of myn bankpaske. Dat lêste is net ferstannich, want dan moat de pinkoade der ek by. Jo moatte de kat net op it spek bine, no? Seker net by immen dy’t altiten jildkrapte hat. Kontant jild hoegden se dêr net op skoalle.
Dat ik haw mar hûndert euri op syn rekken set, dan koeder it der sels ôfhelje. Jan hie it oer in ‘pret’reiske, dus al te happich wie ik net.
Mar it moast al trochgean fansels, want neffens de skoalle soenen se by wichtige ICT-bedriuwen del, en dat wie frij wat wichtich foar harren oplieding. Dat ja, it moast al wêze.

Justerjûn kaam Jan mei de lêste bus werom. Hy hie de mobile tillefoan net meinommen, dus wy hienen fjouwer dagen neat fan him heard. Ik hie him foar de wissichheid noch mar efkes in pear sinten yn de bûse treaun, want je witte mar noait. Dy wienen skjin op, en ek hieder syn eigen bûsjild opmakke. Ja, Amsterdam, wat oars.
De ferhalen gienen fral oer it smoken fan weed en oer it feit dat der mar kwealik blanken yn Amsterdam wenje. Teminste, yn it part fan de stêd dêr’t Jan en konsorten sieten, in Stay-a-way hotel yn de buert fan de Daam ofsa. De jonges hienen mei syn seizen in keamer en der wienen sa’n tachtich man mei. Der wienen ek in stik as fjouwer dosinten by. Dy dienen itselde as de jongelju trouwens. Se hawwe op besite west by Microsoft, de KPN en op de hinnereis hawwe se it Mediapark yn Hilversum besocht.

Jan hie him besaud oer de jonges op syn keamer; oerdeis hellen se wat guod op út de kofjesjop, dat ferparten se yn harren keamer op ‘e tafel yn skyfkes en dan rekken se út hoe lang’t se der mei ta koenen en hoenear’t se dan wer om nij spul moasten.
Hiele pipen waarden der boud, sei Jan, en se seagen allegear sa wyt as spoeken.
‘Hasto dan net wat hân?’ frege ik Jan.
‘Ja, ja, ik haw de earste dei wat fan dy speeskeek dy’t op tafel stie hân, mar ik fernaam der net sa folle fan, dat ik haw it fierders mar gewurde litten, wy krigen dêr iten genôch.’ andere Jan.

Jan smookt net, dus dy hie mei oandacht de jonges wat besjoen. Se wienen wol by de tiid, sei Jan, mar neat te helder. Ast se wat fregest duorre it in ivichheid foardatst andert krigest. Mar sy hienen wol in soad wille. Hja begûnen earne oer te praten en hienen hiele ferhalen dêr’t in bûtensteander neat fan snappe soe, mar dy stiif stienen fan in hiel eigen logika.
‘No,’ sei Jan, en doe prate ik op it lêst ek mar wat mei.
Dat koe ik my alhiel wol foarstelle, want Jan hat sawiesa al in grutte fantasy. Op in stuit hienen him de jonges mei iepen mûlen oansjoen.
‘Hee, Jan, wat spul hasto hân,’ seinen se, ‘dat is bêst guod jonge! Dêr moatte wy ek wat fan hawwe, wêr hast dat wei?!’








19-02-2008

hege hakken, echte twivel










Och ja. No sit ik as bûtenútfamke nei it nijs te sjen en komt ynienen Wieke de Haan yn byld, dy’t mei fjoer en faasje it boekefeest ferdigenet. Mar dan komt ek de man dy’t fan de heup ôf sjitte kin, Eeltsje Hettinga, oan it wurd. Hy neamt de alternative lokaasje fan de boekewike, as in soart fan protest tsjin de âldfrinzige opset fan de boekewike troch de stichting It Fryske Boek. En op beide lokaasjes sille grif minsken wêze dy’t ik graach moetsje soe. Dat wat sil ik dwaan? De hiele saak mar boykotte? Of sil ik de jûn oer twa lokaasjes ferdiele? Of sil ik it mar gewoan fan it sin ôfhingje litte? Ik hie oars tocht dat it geitewollen sokkebal wol wat foar Trinus Riemersma wêze soe, de kearen dat ik him soen haw, hie er se al oan, hy hoecht him der net iens spesjaal foar te ferstrûpen. En it is op it lêst ek in boekebal, dus ik soe sizze dat der fral dûnse wurde moat. Oft dat no de fûgeltsjesdûns is, de klompedûns of wat op sokken om glydzje, dat makket my neat út. Salang’t ik mar gjin high heels oan hoech.


13-02-2008

winnende kollum: de útferkiezing


Mei dizze kollum wûn ik de Nederlânske 'Boer siket frou'-kollumwedstriid:



De uitverkiezing

Gerard krabde zich eens achter zijn oren. Hij wist het al, maar dat was het spel niet natuurlijk, om dat nu al te laten blijken. Tijdens het schoonspuiten van de hokken in de stal liet hij zijn gedachten eens rustig gaan. De drie vrouwen die van de aanvankelijke tien waren overgebleven, Marja, Leonie en Pauline, waren in huis bezig. Ze hadden hem beloofd, nu ze er toch waren, het woongedeelte eens een beste beurt te geven. Natuurlijk zou er tijdens het werk ook worden gekletst, dat wist hij wel zeker. Maar nu had hij even fijn de tijd voor zich alleen.
Morgen moest hij iemand ‘elimineren’. Wat een akelig woord was dat toch! En wat een rotklus. Hij vond het oergezellig met die drie meiden, het liefst zou hij ze alle drie houden. Maar ook dat was niet volgens de spelregels. Hij zuchtte eens.
Pauline. Haar mooie haar, haar zachte stem. De verrukking in haar ogen toen ze dat biggetje in haar armen hield. Die blik herinnerde hem aan vroeger, toen hij achter het hek toekeek hoe de biggetjes werden geboren en zijn vader ze zorgzaam droogwreef met wat stro. Toen hij wat ouder werd, mocht híj dat doen. Het mooiste werkje van de hele fokkerij, vond hij. Later was het allemaal gewoon geworden. Hij deed het zo vaak, dat hij nu alleen nog op het gewicht van de pasgeborenen lette, en of er eentje apart gezet moest worden wegens zwakke gezondheid.
De gedachte aan de biggetjes en Pauline zorgen voor een stille glimlach op zijn gezicht. Het zou lang duren voordat Pauline de biggetjes ‘gewoon’ zou vinden, dat wist hij zeker, hij voelde het. De andere twee vrouwen waren òf de boerderij al gewend, òf ze waren gewoon wat harder. Zij verblikten of verbloosden niet bij wat ze allemaal op de boerderij tegenkwamen. Dat had natuurlijk ook z’n voordelen; ze waren de boerderij en het boerenleven gewend en zouden zich niet snel uit het veld laten slaan.
Nee. Hij wist het zeker. Hij zou de zachte Pauline wegstemmen en met Marja en Leonie achterblijven. Met Pauline zou hij later, als het programma afgelopen was, weer contact opnemen. Wat er tussen hen tweeën was ontstaan in die paar dagen dat ze hier was, hoefde niet voor de camera’s te worden uitgemolken. Pauline was hem te lief.





Hjir falt de kollum op 14 febrewaris te lêzen.

06-02-2008

bedrygde soarten











Wat der op ’t heden mei Romke is wit ik net, mar hy hat de holle der net alhiel by.
De bôle wie op, en wy hawwe net in bakker yn it doarp, dat ik frege oan Romke oft er der ek noch op út moast. Romke moat sa faak gau efkes noch wat helje foar it doarpshûs; hjoed hat er ek wer in klup fiifenfyftich plussers foar in stamppôtbuffet. En ja, hy moast noch efkes nei Kollum ta. ‘Kinst dy bôle wol efkes meinimme dy’t Maaike sa lekker fynt’, sei ik tsjin him. Maaike lei dy deis siik thús op ‘e bank. ‘Ja!’ rôp Maaike ferheard, ‘heit kin dy lekkere Pandabôle wol efkes meinimme!’ ‘Dan moatst mar efkes by Van der Byl oan’ sei ik. ‘Nee mem, dy hat Riemersma yn Kollum allinne mar’ sei Maaike.

Dat sa tsjin seizen smiet Romke triomfantlik twa Tigerbôlen op it oanrjocht. ‘Wat hat heit no meinommen?’ sei Maaike. No, tigerbôlen, krekt sa’t jimme seinen’, sei Romke. Maaike en ik seagen inoar ris oan. Tigerbôle? Dat wurd hienen wý net yn de mûle hân. Dat wy gienen der tsjinyn, mar dan kinst Romke noch net. Dy hold by heech en leech út dat wy ‘tigerbôle’ by him besteld hiene, en gjin Pandabôle.

Jan hie op it lêst syn nocht fan it harsenskrabjen en murk droech tsjin Maaike op: ‘meitsje dy dochs net drok fanke, wy freegje skielk gewoan oan heit: ‘rydt dêr no in Fiat Tiger, of is it in Fiat Jaguar?’


01-02-2008

Gedichtedei 2008





Ik hie besluten om net nei Ljouwert te gean, ik soe ek net krekt witte wat dêr te dwaan wie, útsein de alvestêdemaraton fan fersen. Hjir yn it noardeasten fan Fryslân binne net safolle steden, dus wat moast ik dêr no mei? Men koe it wat op ôfstân folgje tink. Hjir en dêr sil yn de bibleteken ek wol wat te dwaan west hawwe, mar net by ús yn de omkriten. Op nei Grins dus, in stêd dêr’t altiten wol wat op dit mêd te belibjen falt.

Ik wie der middeis om twa oere hinne, en koe nei 7 euro te beteljen drekst op de poëzyboat stappe. Op dy boat mar leafst twa stedsdichters; dy fan ferline jier, Ronald Ohlsen, en dy fan no, Rinse Sinkgraven. En dan wie der ek noch in histoarikus by, Beno Hofman. It waar hie him krekt efkes deljûn, dat wy fearen moai oer de Grinzer djipering. Ik moat ta myn spyt sizze dat de kliber minsken foar it grutste part út froulju bestie. Dat joech my reden om de pear oanwêzige manlju ris goed op te nimmen. It folchsume soart, of manlju mei in missy? Ien fan de trije wie útjouwer, hearde ik wol. Der koenen sa’n hûndert minsken op ‘e boat, mar der hawwe in sechstich west, raam ik. Mar it wie in moaie trip, de stedsdichters fetten harren taak serieus op en hienen by guont huzen, strjitten, gebouwen en eardere ynwenners beskate fersen. Ek nochal ris in sonnet, fral fan Ohlsen. Ik koe him noch net sa goed, mar ik mocht him wol hearren lije.

Nei de boat gienen wy op nei it Grinzer museum, foar de bekendmakking fan de prizen foar it bêste gedicht oer Russyske mearkes en legenden. It museum hat dêr op dit stuit in útstalling oer, en yn de mande mei de Poëzymaraton koe it moai kombinearre wurde. Ik siet dit jier net by de nominaasjes, mar myn mearke hie ek alhiel de ferkearde layout meikrigen, omdat myn pc doe krekt krepearre wie. No ja, en ik hie dus in mearke skreaun, net in fers óer in mearke.

Hoe dan ek, der rûgelen in pear ferneamde nammen út; ik leau dat Laura Demelza Bosma earst wie, André Degen wie twads en treds wie Vicky Vrancken (kin ik mis mei wêze). Moaie fersen, fertsjinne wûn. Der waard Drintske poëzy foarlêzen troch Suze Sanders. Dêr koe ik net rjocht byt op krije. Wol op ‘e taal, net op de fersen. Doe gie ynienen it mantsje stean dat it hiele skoft rêstich njonken my sitten hie: Rutger Kopland. Hy wie âld, hy moast no en dan efkes om wurden sykje, mar de poëzy mankearde neat oan. Hy sette útein mei it foarlêzen fan wurk dat er koartlyn, nei it slimme ûngelok skreaun hie. Dat wie neffens my kwalitatyf neat minder as syn eardere wurk. Ek hat er syn earste publisearre fers ea foarlêzen, in fers grûndearre op psalm 14. Hjirby murk er op dat dat fers der by dizze gelegenheid wol op troch koe, want it tema fan de dichtewedstriid fan de middei wie ommers ‘mearkes’.
De âld strider is der dus noch hielendal. Ik haw in bondel fan him koft.

T’en lesten hagele en wyndere ik jûns om acht oere nei de slútmanifestaasje yn it Grand Theatre, mei yn folchoarder fan opkommen: Marlies Somers, Vrouwkje Tuinman, Daniël Dee, muzyk fan Egbert Meyers, Driek van Wissen, Tsjêbbe Hettinga, Neeltje Maria Min, Rob Schouten en Ivo de Wijs. Presintaasje: Tjitse Hofman. De tagong wie € 7,50. Op Rob Schouten nei ha’k my mei gjinien ferfeeld, eltse dichter hie sa syn eigen sjarme.
Mar Tsjêbbe wie de bêste fansels.


23-01-2008

Op 'e troan












Yn hûs binne wy al lang gjin baas mear. Stel jim ris foar: in lytse foarkeamer mei de twa ruten op it suden, in donkerbrune learen bank oan de kant dêr’t it hûs fêstsit oan de oare kant fan twa-ûnder-ien-tek, oan de oare kant dy muorre stiet in twapersoansbankje tsjin it lewant fan it lytse keamerke, en de kast op de eastside fan de keamer. Dan is de keamer fol. Der kin noch in krantebak stean en in sierkastke. De televyzje hat plak tusken de twa ruten. Krekt sa moatte de meubels der stean, oars past it net. Guont húsfroulju hâlde wol fan it ferskowen fan meubels, mar dêr hoech ik my de holle dus net oer te brekken. En de katten ek net. Dy troanje op de twa pakestuollen dy’t by de ekstra smel-makke lege tafel stean. Dat plak feroaret ek net, dêrfandinne dat dy twa stuollen altiten troch har beset wurde. Jopie neistenby op ‘e kachel, Minoes op baas Romkes’ stoel.

At wy de keamer ynkomme en ús stuollen binne troch de keninginne en de prins beset, dan sizze wy earst harren namme efkes. As dat neat jout (en dat jout neat), reitsje wy de keninklikheden efkes oan, en sizze nochris: ‘kom, Joop, derút!’ Dat helpt ek net. Dan krije wy se by de kontsjes en jou se in setsje. Faak slaan se dan de klauwen yn de beklaaiïng fan de stoel, en moatte wy se der mei geweld útnimme. Mar ja goed, oft je dan baas binne? Hienen wy se better opfiede moatten? Ik wit it net. Wat ik wol wit is dat ik de kont net hoech te lichtsjen salang’t ien fan harren noch yn ‘e keamer is. Want dan is it in spultsje fan:
dy’t syn stoel ferlit, dêr’t in oar op sitten giet!


20-01-2008

test-test-test



O, wat in drama as de kompjûter it bejout.
Ik wit wol, fan logjen komt op 't heden net folle, mar dat hat mei oare dingen te krijen. Aldergeloks giet it dichtsjen wol stiloan wat troch. Ik moat sizze dat de dichtkursus fan Tsjêbbe dêr aardich debet oan is. Better dus, want oars bleau dat der ek noch by.
Fan 'e wike moat ik nei it Tryatergebou om der in pear kollums yn te sprekken foar Edufrysk. Dat haw ik noch nea dien, mar ik liket my aardich om te dwaan. En dan wurde der dochs in pear Kidelkollums foar de ivichheid fêstlein...

De gearsit fan it Skriuwersboun fûn ik mar in rommeltsje. It liket sa moai om in taspraakje út de holle te dwaan, mar wat in heakeljen komt er dochs efterwei. En it nijs datst ferwachtest, komt net (info oer de Spanjereis) en watst allegear wol witst omdat it al earne te lêzen stie, wurdt nochris opkôge. Nee, it koe wol ris in ôfrinnend spultsje wêze. It is faaks sa as ek mei in protte oare dingen; frijwilligerswurk wurdt hurdop minder. It past net mear yn dizze kultuer. Der is gjin passy mear foar idealen. Ik fernim it ek by mysels hear. Ik haw al langer as tweintich jier frijwilligerswurk dien, mar it is no sa fier dat ik tink: ik wol ek wolris betelle krije foar wat ik doch. Hoe krigest oars dyn wurdearring noch? Frijwilligerswurk hat gjin status mear no't it lintsjes reint. Lit de provinsje dus mar ris wat jild stekke yn it Skriuwersboun. De provinsje, dat binne wy dochs ek, net?
No, de nije kompjûter is der. En by dizzen ek úttest.

15-01-2008

it toernoai




Gjin stilzitters. Ek gjin stiltmes.
Grut wurd. Snuve. Lûke mei de eagen.
It mes moat thúsbliuwe, mar guon
hawwe it yn de bûse. Oaren blikkert
it yn de eagen.

Opsmite en drekst optelle.
Tweinitch tsjin is ienensantich wiet.
Gjin begrutsjen. Tink derom,
fersmyt dy net.

Froulju kinne wol, mar doare
sa goed net. It giet om prizen!

Kalkoenen, hazzen, rolladen.
De earste siket út. It kin it
minste wêze.
De jûne ôfslute mei ien of twa.
Dan op hús oan.
Ut en thús, mar nea sûnder nocht.





02-01-2008

nij jier ensa





tinke en hinkje



At de ierde him ris kearde,
wie ik in stjer.
Besjoen troch tûzen gelearden
kaam ik net wer.

Gong eltsenien mei, safier,
wie it wer net wier.