24-11-2007

stikje oer it famke





Maaike hat ferline jier febrewaris al har diploma folsleine kapster helle. Dêr hie se oars de tiid foar oant de simmerfakânsje ta, mar hja wie hastich, want hja hie wat oars yn ‘e holle en hat dus sokken set. Sy woe sjoernalist wurde.

Hoe’t se sa by dy omslach kaam wit ik eins net. Yn de kapperssaak dêr’t se staazje rûn hat se seker tiid genôch hân om dêr oer nei te tinken. Earst tocht ik: it sil wol in healwize opstiging wêze. Se wit net rjocht wat se wol, en no hat se dat mar fluch efkes optocht.
Lykwols hat se wilens harren wurkfakânsje yn Egypte oan it ferslaan west foar û.o. it Frysk Deiblêd, en it binne hiel aardige stikjes wurden.

Om sjoernalist te wurden moatst nei it Windesheimkolleezje yn Swol ta. Yn har gefal koe se net streekrjocht fan de kappersoplieding nei it Heger Beropsûnderwiis. Dêr wie har eardere opliedingsnivo (VMBO t.l.) te leech foar. Dat hja moast earst it Havo noch dwaan. ‘Wer twa jier’, tocht ik. Mar nee, dêr hie se in oare oplossing foar fûn: yn Grins sit in sprinthavo. Dêr kinst Havo-4 en 5 yn ien jier dwaan. Sy hat der in oannimpetear hân en is binnen kommen. No wurket se har de pleuris fansels, want hja moatte dy twa jier yn pakwei seisentweintich wiken ophoastje.

En dan aanst yn april-maaie it sintraal eksamen dwaan. It is no oeral ferslaggen en learboeken. It wie dreech om net allinne ynienen op in folle heger nivo at se wend wie te wurkjen, mar ek nochris sa’n protte poer teoretyske stof te ferdouwen. Mar sy rêdt dermei. Net alle fakken like hege sifers, mar dat docht neat. Eins prachtich foar âlden om te sjen hoe hurd bern wurkje kinne at se ienris in doel hawwe. Wat sit der dàn wat yn. Bin ik best wol grutsk op!





18-11-2007

Mear blau





Mear blau


Tsjin de langste dei
sûndigje de loft en ik.
In brún mei rauroze râne
yn fegen op ‘e kime kwakt.
Of is it tear
fan in eang akwarel?

In njoggenalve.

Wy witte dat it kin
dat de loft it ha kin.
In fal yn de nacht
fan de berikke moanne,
in ferstoarne sigaret.
Ik mis it blau.





04-11-2007

Hive intelligence








Myn libben is in tizeboel,
ik bin in frou fan frees en hope.
Myn troan is in tsjispelpôle,
mar de fluezen wjukjes wolle fleane
nei de spegel fan myn keninkryk.

De tsjustere himel is fierstente fier.
Yn hoallen hâld ik de wyn
ûnder it wurkfolk, de wrakke slaven
en alle blyn sammele soldaten.
Ik hoech gjin lûd te jaan,

de rook fan myn leafde seit genôch.
De wanige breidsflecht oer de ierde
falt my swier, myn fluezen brekke,
ik kin net prate, ik bin dôf en dochs
is myn tiid folmakke.