05-09-2007

Tsjoenberch





Ja, der wienen efkes wat minder lochkes, want ik bin wer oan it lêzen set. Einliks wer, mei ik wol sizze. Nei de oerdoasis wilens de stúdzje haw ik út kleare ellinde in skoftke oar net lêzen as waarme streekromans en no en dan ris wat weploks. Ik hie skjin myn nocht fan alle drege kost. It rare is eins dat dy kost achterôf net sa dreech wie, mar de opdrachten dy’tst derby dwaan moast, wienen de helte fan de tiid sa droech en tiidrôvjend dat der oars net as in soere neismaak fan oerbleaun. Mar no bin ik dus wer fol op gong en wol mei de 980-sidige Toverberg fan Thomas Mann yn de oersetting fan Pé Hawinkels. Der Zauberberg is it dus eins. Men mei it besykje yn de boarnetaal mar ik bin bang dat ìk der dan hielendal net trochhinne kom. Boppedat moat it in goeie oersetting wêze.
Hans Castorp giet dus jûns mei ûnder de tekkens en it koe wolris in lange lis foar him wurde, want a. dêr lient er him graach foar en b. it boek lêst net maklik, d.w.s. hurd. Troch de fine irony kinst der net trochhinne jeie sa’tst dat graach wol dwaan meist by in dikke pil.
Hawar, ik bin op side 275 en it laket my oan troch te lêzen. No dus.


Geen opmerkingen: