11-09-2007

Cascadequeen



Ultra
Sylvia B., Rotterdam






Cascadequeen fan Grins


kinkelje net by de treppens del
trêdzje stadich en steatlik op radsjes
yn dyn krinoline jûpe fan izerkant
belein mei belech fan rustich spoekespui
streekrjocht út de fin de siècle,
in wâle fan Keltyske tatûaazjes.

Wat rôlet op my ta: minsk, bist, robot
of hotte gotyk dramaqueen
it antlit fan Maria Magdalena;
de eagen ferside achter tichte teisters,
it lange swarte hier yn hippe slaggen
njonken de blanke wangebonken.

In piersing krollet út dyn lippe,
ljocht spilet oer it inkelplak fan
it sacht wankjend frouljusboarst.
Glasseehannen rikje nei de flier
dy’t se skrasse mei fûle skerpe fingers.
Sa wurdsto yn oansicht minske

mei blynkapen op glûpe wy net nei
bingeljende bonkjes ûnder it kantbrokaat.
It is gjin frommeske fan kâlde fuotten.
Ultra is har namme, yn ekstremiteit
docht sy fertuten. Yn de stêd, har antlit,
lizze freak en from yn harsels besluten.














Cascadequeen van Groningen


val niet van de trappen af
treed langzaam en statig op wieltjes
in je crinoline japon van ijzerkant
belegd met roestig rupsenschuim
rechtstreeks uit de fin de siècle
met een voile van Keltische tatoeages.

Wat rolt op me af: mens, dier, robot
of hotte gothic dramaqueen
met het gezicht van Maria Magdalena;
de ogen verscholen achter dichte wimpers,
het lange zwarte haar in hippe slagen
bezijden de blanke jukbeenderen.

Een piercing krult uit je lip,
licht speelt over de moedervlek
van je zacht wenkende boezem.
Glacéhanden reiken naar de grond
die ze krassen met felle scherpe vingers.
Zo word jij in aanzicht mens

met oogkleppen op loeren wij niet naar
bengelende beentjes onder het kantbrokaat.
Deze vrouw treedt niet met voeten.
Ultra is haar naam, met extremiteit
als resultaat. In de stad, haar gezicht, liggen
freak en vroom in zichzelf besloten.




2 opmerkingen:

Anoniem zei

Hoi Ruurdtsje,
Ik rûn hjoed troch Grins en seach ûnferwachte dit ymponearjende keunstwurk. Ik moast fuort oan dyn bloch tinke, want dêr hie'k earder al ris flechtich nei de foto's sjoen. No haw ik it wer efkes opsocht en it gedicht ris goed lêzen. Kompliminten! Prachtich keunstwurk, prachtich gedicht.

Ruurdtsje de Haan zei

Ha, @te,

tige tank foar de kompliminten.
It skriuwen hjirfan hat wol in jier nommen. It spoeke my hieltyd yn 'e holle om.
Kinst it ek beharkje ast wolst:

http://ruurdtsje.punt.nl/

groetnis,
Ruurdtsje