26-08-07

Unike bondel

In pear moanne lyn krige ik wrachtsjes samar in kear goeie spam yn de meelbus.
Der wie in jong en dynamysk (ik nim de termen mar oer) print- en ûntwerpbedriuw fan twa bruorren dat trije iepen middeis hâlde woe, en kandidaten socht foar in foarbyldprintinge fan harren bondel, folder, tydskrift of roman. Oft ik ek belang hie? Ik reagearre wat laitsjend en hie der de gek wat mei. It bedriuw siet ommers alhiel yn Inkhuzen en at ik dêr op sa’n iepen middei op ‘e bonnefoai hinne gean soe en it mocht der drok wêze, dan kaam ik grif om ‘e nocht. Want dy lju koenen net mear as sáfolle minsken helpe, hja wienen mar mei in man as wat en de masinen koenen fansels ek net mear as sa folle putsjes deis oan.

Mar, sa fersikere my de direkteur, as ik kaam soe ik derfan op oan kinne dat ik net foar neat kaam. En, ek net ûnbelangryk, it soe fergees gebeure.
Ja, dat wie te moai om lizze te litten fansels, mar ik tocht, ‘ik sil it se net maklik meitsje, ik sis dat ik fan myn oeuvre fan de lêste fjouwer jier ôf der likegoed de Fryske ferzje as de Nederlânske yn hawwe wol.’ Dan nochris sjen wat se sizze.

‘Gjin punt’ seinen se.
‘Mar dan hawwe wy it wol oer hast likernôch 300 siden, mei ynhâldsopjefte derby ensa!’ skreau ik ferwezen werom.
Se joegen nearne om, skreaunen se werom, al wienen it ek fjóuwer hûndert siden.
No, dat wie in útdaging. Ik tocht by mysels: ‘sa’n bondel is maklik ast in kear ergens optrede moatst, dan hast fuort dyn hiele portfolio by de hân. Kin ik him 8 septimber drekst brûke.’
No, sa is it dus gien, en freed haw ik him ophelle.
Ik hie noch tsjin de direkteur sein: ‘soe it net better wêze at jo sa’n tsjok boek fan te foaren klearmeitsje, stel je foar dat der wat mis giet by it produksjeproses, dan binne wy moai oanklaud.’ Mar nee, dêr woe er neat fan witte; printe on demand wie ôfleverje wylst de klant der letterlik by stie en dat soe er sjen litte ek.
It omkaft hawwe wy makke nei de wize fan Mondriaan. Net presys itselde fansels, mar wol op de manier fan. Lekker opfallend, dan kin ik it boek ek net maklik kwytreitsje of ferjitte. Hoopje ik. No, hjir is er dus. Myn twadde twatalige bondel mei 137 fersen, op 300 siden.
Yn in oplage fan 1.















Geen opmerkingen: