25-08-2007

Bouwe en ôfbrekke






Yn tal fan opfiedkundige programma’s kinst tsjinwurdich leare hoe’t it al of net moat mei bern. Us heit hie altiten in maklik biedwurd; bern moatst wat bybringe oant har tolfte ta, dêrnei kinst it wol ferjitte. Net datst der dêrnei gjin wurk mear fan haste, oeh deule nee, miskien just wol folle mear. Ast dat tsjin âlden mei jonge bern seist sjogge se dy oan oftst gek biste. Hja hawwe ommers de hannen der al fol oan, hoe soe dat noch mear wêze kinne. No, dat kin, mar op in oare manier. Dit sis ik no net om ús Jan hear. Dêr ha’k op it stuit mar in bytsje wurk mear fan. Sterker noch: útsein de bergen wosk hielendal gjin wurk. Jan makket himsels ek nearne drok oer. Ferline jier wurke er hast 24/7 en dizze fakânsje docht er neat. De skûter leit noch hieltiten yn partueren út inoar yn de garaazje, yn it hok, ûnder syn bêd en it motorblokje hat er op it buro. As oanmoediging, tink ik. Mar hy docht hast neat, allinne sneons noch op ‘e fiskkarre. Jan tinkt dat it wurk wol by hím komt. No kin je dêr wol op om skelle, mar dat brekt mear ôf as it opbout.


Mar goed, Jan wie eartiids dus krekt sa’n snoad jonkje as dy fan ús Pieke. Dy is no trije jier en fret fanalles út wat net mei. Doe’t syn mem der einlings mei oantangele wie, sei se tsjin it jonkje: ‘En no op de matte do, er der net earder wer weikomme as at ik it sis!’
Hja hawwe oeral yn it hûs laminaat en at lytse Dukke ûndogens west is, hat syn mem in matsje klear te lizzen yn de gong. Dêr moat er dan krekt sa lang op stean of sitte dat syn mem him wer yn ‘e keamer ropt.
Mar ja, Foekje hie de lêch wat út en foardat se it wist wie se de tiid kwyt en hie it jonkje al in oere op ‘e gong sitten. It wie har suver yn ‘e wei doe’t se him wer roppe soe. ‘Witst wat, ik helje him sels mar efkes op en sil him dan fuort ek efkes in krûpke jaan dat er it sa netsjes útholden hat’ tocht se. Mar doe’t se yn ‘e gong kaam, wie der gjin Dukke te bekennen. De foarkeamersdoar stie lykwols al op in kier. Foekje deryn. Dêr siet Dukke, poatsjes keurich binnenboard, op syn knibbeltsjes op it gongsmatsje. Foar de tillefyzje.
Bob de Bouwer begûn krekt en Dukke song mei alle faasje mei.







Geen opmerkingen: