22-06-2007

mûzen om 'e hjouwer




23 juny is it dan safier, dan sil ik oan de dyk stean mei poëzy. Wurden mei de wyn mei oer de minsken hinne struie. De kuierders sille my net ûntkomme, dat wol sizze; ik haw altiten wol ien te pakken, want der komt in dixie yn de buert fan myn tintsje te stean. It earste húske dêr’t de kuierders te plak kinne, dus it kin wêze dat der sporadysk gebrûk fan makke wurdt, mar it kin ek wêze dat er algeduerich beset is. En at se ienris sitte....dan binne se oerlevere fansels.

Romke hat in aggregaatsje liend, wy hienen sels in mikrofoan en wy mochten in fersterker liene fan it shantykoar, dat it kin heve. Ik haw in sjarmante assistint sjartere dy’t apels útdielt, in saneamde apeljonge. Wy moatte moarns earst mar efkes mûskopje. Ik sil him ynstruksjes jaan dat er net al te ree wêze moat mei se oan de minsken oer te jaan. Se moatte eins even op de striepakken sitten gean om te harkjen nei in wurdsje foar ûnderweis. Kinne se wilens moai dat apeltsje opite.
It sil my nij dwaan; soenen de kuierders de blik op ûneinich hawwe, of dogge se it harren oan tiid? Hinget ek fan it waar ôf fansels. No, wy sjogge wol, ik bin der klear foar, ik haw myn flowerpowerklean al opsocht en blommen op it striehuodsje. No noch ôfwachtsje oft der mûzen om ‘e hjouwer strune sille.


14-06-2007

Jan & Jopie




Jan en Jopie binne twa hannen op ien búk. Sadree’t Jan thúskomt út skoalle, fisket er Jopie út de koer op it hege kastke foar it rút yn it hok wei en mei de oare hân smyt er de tas del en docht er de jas út. En dan giet it saakje nei boppen ta. Jopie hinget him dan like slop oer de earm as wat, want it bistke docht deis oars net as sliepe.
‘Wêrom moat dy kat eins mei nei boppen ta, at er dochs mar wat op dyn bêd leit te sliepen, Jan?’ frege ik okkerdeis. ‘Wat hast dêr no oan?’
‘No,’ sei Jan, mei de iene hân set ik dan de kompjûter oan en mei de oare aai ik myn katsje eefkes. Dat fynt er moai.’
‘Fral Jan fynt dat moai’, tocht ik by mysels, want it heucht my noch dat ús mem eartiids tsjin my sei dat at bern har wat iensum fiele, dat se dan in bistke hawwe moatte, in marmot, in lamke of in knyn, makket neat út. Dan hawwe se wat by har en kinne se der wat mei om fandelje.

Justerjûn hie Jan al dûst en stie er mei de kat klear om nei boppen, doe’t ik Jopies eachjes wat al te wekker glinsterjen seach. Hy sloech ek wat mei de sturt. At er mei de sturt slacht, is dat meast in teken dat er ûntkomme wol. Mar hy sloech noch net sa hurd, miskien foel it wat ta. Ik warskôge Jan dochs mar efkes.
‘Jan, hy wol by dy wei, hy slacht mei de sturt.’
Jan seach ris in kear, mar allinnich it puntsje ferweegde.
‘Nee hear,’ sei er, ‘hy fynt it lekker.’



12-06-2007

poëzydrokte




Kommende wiken bin ik mei de poëzy op paad.

Nee, net mei it Literêr Sirkwy,
dêr bin ik net foar frege wurden, mar yn
Amsterdam op 17 juny (Iepenbiere Bibleteek Amsterdam),
oan de kuierrûte fan de Lauwerswandeltocht takom 23 juny,
yn de Prinsetún fan Grins (26 of 27 july)
en op 8 septimber by it kultureel festival fan it Kollumer Oproer, yn it Witwaterbos fan Kollum.


05-06-2007

It fleis fan pake Durk




Doe’t ik snein de sneonsbylage fan de Ljouwerter fan 2 juny lies kaam ik de namme ‘tante Hebel’ tsjin, om krekter te wêzen stie der: ‘De jus van tante Hebel’. ‘Hea’ tocht ik, ‘moat dat gjin tante Heabel wêze?’

En drekst wie ik nijsgjirrich, want ik hie ek in tante Heabel, tante Hepie seinen wy thús. Us mem har suster hiet sa, en ek fierderop yn de famylje sieten Heabeltsjes. It artikel gong oer de kollumnist Martin Bril en syn Fryske roots. Nei’t ik fierder lies kaam ik hieltyd mear bekende nammen tsjin en wat blykt: Bril en ik binne fiere famylje, syn mem en minent binne nichten. No is dat útsykjen fan besibbens altiten in grage beuzichheid fan Friezen. Kinst net mei in Fries om útens yn de kunde komme dat der net praat wurdt oer fan wa’tst ien biste en oftst dy-en-dy ek kinst. Skynber binne alle Friezen famylje fan inoar. Ja, dik kâns eins ek wol.

Doe’t ik my twa jier lyn bezich holden haw mei de stambeam fan ús heit en mem ha’k my fansels ek ferdjippe yn de Pilatten. En yndie, wat kamen der doe in ferhalen foar it ljocht. Ek al omdat de famyljes sa grut (en earm, fral yn de njoggentjinde ieu) wienen. Net earder as doe’t it spoar fan Ljouwert nei Grins oanlein waard klaude de famylje wat oerein, want doe krigen de manlju wurk by it spoar en dat betelle goed. Dêrnjonken hat de famylje altiten bekend stien om de feehannel. Ek dy smiet moaie ferhalen op. Ik hoopje dat Bril se opskreaun hat.

Wat hy neamt yn it artikel, dat der nei in optreden fan him trije nichtsjes op him ôfstapten en dat hy se net mear koe, mar wol drekst fernaam dat it famylje wie, fyn ik hiel wjerkenber. Der sitte trekken yn dy Pilatfamylje dy’t hieltyd weromkomme, en dat fernimst fral troch de ferhalen dy’t der ferteld wurde, mei steesoan deselde soart fiten en prinsipes. Wat ik net werom fyn by Bril is de Frysksinnigens, dy’t de Pilatten oars ek wol ha. Mar dat kin perfoarst lizze oan it feit dat hy gruttendiels bûten Fryslân opgroeid is. Hy ferstiet de taal wol, mar praten bliuwt by twa rigels en him lêze sil der ek net kinne. Miskien wie dat oars west at er hjir bleaun wie. De opmerking dat it wichtiger is foar in bern om te witten wêr’t Brussel leit as hoe’t Frjentsjer stavere wurdt yn it Frysk floeit dêr hast automatysk út wei en is ek mear de Hollânske opfetting. Hy hat noch net yn de gaten dat Friezen wolris trochsjitte yn harren stribjen de taal en kultuer te behâlden. Want ast it fleane litst, komt it net werom. En dan kinst sizze: ‘so what?’ Mar ik freegje my ôf; bliuwe de Pilatten dan de Pilatten noch wol?

It docht my tinken oan pake Durk Pilat. Pake Durk wenne op Sânbulten en kocht it fleis altiten by Abele Kamminga oer de wei. Abele Fogel (sa hiet syn frou) wiene slachter. Pake koft it fee yn, Abele kocht it fan pake en pake koft it fleis dan wer fan Abele. In kilo kowefleis, in pûn bargefleis, in leverwoarst en in stik as wat droege woarstjes wyks. Dat helle er saterdeimiddeis op. Sa gie dat, stielen wet. Sels doe’t pake út de hannel wie helle er it fleis noch by Abele wei. Trou as goud. Syn dochter Heabel sil it fleis ek grif ris taret hawwe. En de sjú.