11-05-2007

Slavinken en fuotbalfans




Juster wie it dan einliks safier. It hie gâns fuotten yn ‘e grûn hân. Jan hie ferline wike freed al foar njoggenen foar de doar fan de sigarewinkel stien om kaartsjes te keapjen, doe’t baas fiskboer al belle wêr’t er bleau. Ja, dan moatst krekt wer op guont wachtsje dy’t in pakje sigretten, twa kaugomballen, de Privé en in krante ha moatte fansels. Mar goed, it wie slagge en nei in skrobbearring fan baas fiskboer wie er mar hurd oan it wurk gien mei de karre skjin te meitsjen en yn te laden foardat er mei de sjofeur op en paad soe.

De hiele wike hie er it der oer. Oars is er de rommel altiten kwyt, mar diskear waard der op de kaartsjes past as wie it goud. Piter soe mei. Piter is syn fuotbalkammeraat, in sportive jonge dy’t sels ek fuotballet. Jan fuotballet net by in klup. Net mear. Eartiids wol, doe’t er noch in jonkje fan in jier of tsien wie, mar se koenen allegear hurder rinne as hy en dêr fûn er mar neat oan. Mar sûnt koart hat er in spultsje fûn op it ynternet, en derby is hy dan de coach fan in alvetal. Hy moat yn- en ferkeapje, it geëamel fan spilers oanharkje at se foar te min ferkoft wurde ensa, en dat hat syn belangstelling foar it fuotbaljen en wat derom hinne hinget nij libben ynblaasd. Boppedat hellet Piter him ek wol gauris op om mei in pear oare maten efkes in baltsje te traapjen, dat it fuotbaljen leit him no wer wat nijer.

Ik tocht al: no hoopje ik al dat it wat in aardige wedstriid is, want it kaartsje hat him de helte fan syn lean koste en it soe al sneu wêze at der dan in lije wedstriid spile wurdt. Mar nee, dêr hoegde ik net oer yn te sitten, sei Jan, want it wie ommers Feyenoard tsjin Grins, dat waard altiten wol in spektakel. En ja hear; der wie fan alles bard: ûnderút skopperij, in reade kaart, in stikmannich giele kaarten en trije goals. It is my fan ‘e moarn mei spjelde en nuddel bestutsen.
Vink, sa hiet de skiedsrjochter, hie twa kear net sjoen dat it in penalty foar Grins west wie. Dat Jan soe Jan net wêze as er net hiel hurd meiraast hie:
‘Slavink, slavink....’







Geen opmerkingen: