30-06-2006

Galina Oestvolskaja, nochris


 


 


 andert








sa âlje -

God



wat âlesto

de fûsten stiif

tsjin it liif



mei eltse skreau

omheech, omHEECH





HOEnear is it foarby?



tebek



WERom dit lijen?



tebek



KINNE Jo my wol?



tebek



BARMHERTIGENS!





stiltme







iepenje hannen

hein it libben







 



  





 Galina Oestvolskaja, De Tweede Symphonie, Schreeuw in het heelal




 


 


29-06-2006

ferfolch

Ha, in útnoeging om oan de poëzykursus fan Tsjêbbe Hettinga mei te dwaan! Dat fyn ik aardich fan Oppewal, want ik haw my der al twa jier foar oanmeld en it koe hieltyd neat wurde omdat it fol siet. No ja, ik haw wol geduld hear. Mar doe’t ik ferline jier op ‘e begjinnerskursus poëzy fan Jan Kooistra siet, waard dêr al gau dúdlik dat ik net echt in begjinner mear wie. Sa wienen der noch wol in pear by, mar de measten wienen der noch net sa lang mei dwaande. Wat my opfoel wie it ferskil tusken de minsken dy’t in bettere taalkundige ûndergrûn fan it Frysk hienen. Ast dichtsje wolst, ast góed dichtsje wolst meist yn myn eagen (en dit is in gefaarlike útspraak, mar ik doch him dochs) pas flaters meitsje ast witst datst se makkest. At se dus mei doel makke wurde, bygelyks omdat de oanpassing fan in wurd, de grammatika of de syntaksis yn tsjinst stiet fan de tekst. Ast gjin goeie ûndergrûn hast, wurde der noch faak flaters út ûnkunde makke, en dy binne ek as soksoarte flaters te werkennen. Wat sloarderich is fertsjinwurdicht foar my no net drekst skientme, hoewol’t dat net betsjut dat der gjin belofte yn sit. Unkunde is te ferjaan, mitsdatst iepen stiest foar ferbetterings.

Yn de rin fan de tiid die bliken dat de begjinnerskursus net de útdaging wie dy’t ik socht. Mar dochs haw ik der mei nocht en wille oan dielnommen, want oeral learst wat en it is ek wol saak om linich te bliuwen. Fierder fyn ik dat ik ek in protte opdien haw troch goed te sjen nei wat oaren dienen. It is wat oars om de krityk net skriftlik te krijen, mar lyk yn it gesicht. Men seit it wol hoedener, mar it boadskip bliuwt gelyk.
Wat ek moai is ast in tekst mear oandacht joust as ien en twa kear trochlêze, dat der dan ek mear sichtber wurdt fan it dichteproses fan de dichter. En fansels is it altiten aardich dat de dichter sels by de hân is om parten fan syn tekst ta te ljochtsjen. Ik die dat sels leaver net, mar op sa’n kursus kinst der net altiten foarwei strûpe. It sil my nij dwaan hoe’t dat by Hettinga giet. Ik sjoch der wol nei út!










27-06-2006

foto graach




Ferline wike hat hjir een fotograaf west om in foto te meitsjen by in artikel oer weploggers. Hoe en wat wit ik fierders eins net, en och, dat sjoch ik ek wol. Mar hoe't it mei de foto komt bliuwt noch efkes de fraach, want no ja, it heart al wat nuver, mar it ìs sa: dy fotograaf mikte nochal wat. Mei him hie ik dus it probleem dat er op in stuit sei dat ik him oansjen moast, en dan laitsje. Mar hokker each dan hin? Ik haw my mar op ien fokust, dat like my it bêste, mar om no te sizzen dat wy inoar oanseagen, nee. Hawar, ik sil net sizze dat it oan him leit at de foto net slagget, want sa fotosjenyk bin ik no ek wer net.



26-06-2006

húske fan hâldoan

 
 
yn it húske fan hâldoan
is plak foar it minskekinnen
gastfrijens is der gewoan
tafoege oan it patroan
 
de freonen en freondinnen
gean allegear mei nei binnen
foar elk is der in fleurige toan
om neat doare se oan te rinnen
 
hjir wenje lju fan skripoan
mei in hanneltsje om oan te winnen
it lûd is der net falsk of stoefoan
‘t is sa'n húske fan hâldoan
 
 
 
 
 
 
het huisje van goedgewoon
 
 
in het huisje van goedgewoon
kun je het zo gek niet verzinnen
gastvrijheid is er doodgewoon
toegevoegd aan het patroon
 
de vrienden en vriendinnen
hoeven niet met smoesjes te beginnen
voor ieder is er een vrolijke toon
ze mogen allemaal zo naar binnen
 
hier wonen mensen van werk en loon
met een handeltje om aan te winnen
er is geen valsigheid of machtsvertoon
‘t is zo'n huisje van goedgewoon
 
 
 
 

25-06-2006

gastfrijens




Dêr gie it fan 'e moarn oer yn it tsjerke. Koest it ûnderwerp op ferskillende manieren benei komme. Der in rigel oer skriuwe, dêr't in oar dan op reagearje koe, in diskusjetafel, in stiltehoeke, in beaboek dêr'tst yn opskriuwe koest wêrt'st foar bidde woest.


Eins kaam der by my mar ien fraach op: wêr hâldt gastfrijens op?


Sa't Romke altiten alle war docht om it de gasten yn it doarpshûs nei it sin te meitsjen, sit der hast gjin ein oan. Sa't Nederlân oant koartlyn mei flechtelingen omgie siet der wol in ein oan, mar der waard dochs ek in protte bean, al koe alles net.Doe't wy ris in swalker op 'e stoepe fan it doarpshûs fûnen, hat er iten krigen en klean, om't it bûten kâld wie, mar him by ús yn de hûs nimme foar de nacht gie ús dochs in stapke te fier. Wy hawwe de polysje belle om him ophelje te litten, mar doe wie er ynienen fuort.

Wêr hâldt gastfrijens op?
Wat soest sels wolle, yn de gefallen dy't ik neamde? Ik tink dat de measten fan ús mear winsken dan dat se biede soenen. Dit lit him tinke.




23-06-2006

dei foar de prins



Ik haw in dei fongen
út de see fan tiid
en fan de hichtepunten
sulverfiskjes foarme
dy’t my troch de holle doarmje
en as ik de spoaren folgje
slingerje myn tinzen
yn in wite roazebôge
eltse knop is in koezjende wink
eltse blom in tear momint
mei de rook fan moetsjen
as it parfum fan dy dei.







21-06-2006

Ferhuze

Nei't web-log.nl de saak ferhuze hat, foldie it my net mear sa. Ik bin dus oerstapt nei blogger.com, sjen oft dit wat foldocht. Sa net, dan sil ik der dochs wol oan leauwe moatte: in eigen side. Mar earst dit dus.

Wolkom!